Falentynsdeibloedbad

It Falentynsdeibloedbad wie in bloedige likwidaasje yn it kriminele sirkwy fan Chicago, wêrby't op 'e moarn fan Falentynsdei 1929 sân leden fan 'e maffia omkamen. De fjouwer dieders waarden nea mei wissichheid identifisearre, mar se wurken nei alle gedachten yn opdracht fan maffiabaas Al Capone. De brute wize fan 'e likwidaasje soarge yn 'e Feriene Steaten foar frijwat opskuor, en it ynsidint waard mei dêrtroch legindarysk.

De slachtoffers fan it Falentynsdei-bloedbad.

Moard bewurkje seksje

Yn 'e 1920-er jierren wie yn 'e Feriene Steaten de Drûchlizzing fan krêft. Dat wie in alkoholferbod dat oarspronklik ynfierd wie mei as ien fan 'e wichtichste doelen om derfoar te soargjen dat der minder misdriuwen begien wurde soene, benammen as it om húslik geweld en oare foarmen fan mishanneling ûnder ynfloed fan dronkenskip gie. It ferbod hie lykwols as ûnfoarsjoene bywurking dat it smokkeljen en de hannel yn yllegale alkohol in wurkterrein fan 'e organisearre misdie waard. Der gie safolle jild yn om, dat guon maffiabazen, lykas de beruchte Al Capone, der smoarryk fan waarden.

Yn Chicago late in skeel oer de berhearsking fan 'e alkoholmerk ta in binde-oarloch tusken de Ierske maffia fan Bugs Moran út 'e North Side en Capone syn Italjaanske maffia út 'e South Side. Dêrby waard foar brút geweld net tebekskrille. Yn 1924 wie de eardere baas fan 'e Ierske North Side Gang, Dean O'Banion, likwidearre, en itselde wie neitiid bard mei al syn opfolgers oant Moran de lieding oernaam. Histoarisy en kriminologen geane derfan út dat Capone efter al dy moarden siet.

Op 'e moarn fan Falentynsdei, 14 febrewaris 1929, wiene sân manlju byinoar yn in garaazje yn 'e wyk Lincoln Park. Hja wiene allegearre leden fan, of op oare wize belutsen by, de North Side Gang. It gie om Peter Gusenberg en dy syn broer Frank Gusenberg, dy't smoarge putsjes foar Moran opknapten; Albert Kachellek (alias "James Clark"), Moran syn ûnderbaas; Adam Heyer, Moran syn boekhâlder; Reinhardt Schwimmer, in optisjên dy't troch in ferslaving oan gokken op hurddraverijen by de binde belutsen rekke wie; Albert Weinshank, dy't foar Moran de lieding hie oer ferskate skjinmakbedriuwen; en John May, in monteur dy't út en troch it ûnderhâld fan 'e auto's fan 'e North Side Gang fersoarge. Weinshank liek tige bot op Moran, en men wol wol hawwe dat it bloedbad plakfûn om't de dieders Weinshank foar Moran holden.

Om 10.30 oere dy moarns krongen fjouwer ûnbekende manlju de garaazje binnen. Tsjûgen seine letter dat twa fan harren plysje-unifoarmen droegen, wylst de oare beide klaaid wiene yn pakken mei lange oerjassen. De beide 'plysjes', dy't bewapene wiene mei jachtgewearen, giene de garaazje troch de efteryngong binnen, en twongen binnendoar de sân oanwêzigen blykber ûnder bedriging mei de fjoerwapens en gean op in rige tsjin 'e muorre oan stean, mei de rêch nei de 'plysjes' ta, as soene se fûllearre wurde. Ynstee dêrfan waarden se deasketten troch de beide mannen yn boargerklean, dy't bewapene wiene mei twa Thompson-pistoalmitrailleurs (better bekend as 'Tommyguns'). Hja skeaten harren magazinen alhiel leech op harren slachtoffers; it iene magazyn befette tweintich kûgels en it oare fyftich.

 
In bakstien út 'e muorre fan 'e garaazje, mei in kûgelgat deryn.

Doe't de sân mannen alhiel trochsingele wiene, waarden Albert Kachellek en John May ek nochris mei in jachtgewear fan deunby yn it gesicht sketten. Neitiid seagen tsjûgen hoe't de beide 'plysjes' de oare beide manlju mei de hannen omheech ûnder bedriging mei harren wapens ôffierden, sadat it liek as hie it Chicago Police Department de dieders al arrestearre. Tsjin 'e tiid dat de echte plysje op it plak delikt arrivearre, wie ien fan 'e slachtoffers, Frank Gusenberg, dy't fjirtjin skotwûnen hie, noch yn libben. Hy waard oerbrocht nei in sikehûs, dêr't de dokters syn sitewaasje foar koarte tiid stabilisearje koene. Doe't de plysje fan him witte woe wa't him delsketten hie, hold er út: "Ik bin net delsketten." Hy beswiek trije oeren letter oan syn ferwûnings. De iennichste oare oerlibbene yn 'e garaazje wie Highball, de hûn fan May.

Undersyk bewurkje seksje

It Falentynsdeibloedbad, sa't de moard troch media neamd waard, soarge yn 'e Feriene Steaten foar frijwat opskuor. In protte minsken wie poerrazen dat soks op ljochtskyndei yn harren lân barre koe. De plysje fan Chicago stelde in yngeand ûndersyk yn. Om't bekend wie dat de bindes fan Moran en Capone mei-inoar op foet fan oarloch libben, gie men derfan út dat Al Capone en syn Chicago outfit efter it barren sieten. It ûndersyk lei him benammen ta op leden fan The Purple Gang, in etnysk Joadske binde út Detroit, dy't faker de smoarge putsjes foar Capone opknapt hie. Men koe lykwols gjin konkreet bewiismateriaal fine, dat nei ferrin fan tiid kaam it ûndersyk stil te lizzen.

Nije ynformaasje bewurkje seksje

Yn 1935 waarden yn Chicago guon leden fan 'e Barker Gang troch de FBI oppakt. Ien fan harren, in Byron Bolton, fertelde de plysje alles dat er wist. Syn ynformaasje late in wike letter ta de dea fan Ma Barker by in sjitpartij mei de FBI-aginten doe't dy har ûnderdûkadres yn Floarida binnenfoelen. Bolton fertelde ek dat er earder lid west hie fan 'e binde Egan's Rats, en dat er mei de hiermoardner Fred Goetz, in Fred Burke en ferskate oaren belutsen west hie by de planning fan it Falentynsdeibloedbad. Hy ornearre (mar wie der net wis fan) dat de dieders Burke, Goetz, Gus Winkler, Bob Carey, Raymond "Crane Neck" Nugent en Claude Maddox west hiene (fjouwer moardners en twa sjauffeurs).

Om't de FBI gjin jurisdiksje hie yn 'e moardsaak, waard dy ynformaasje geheim holden, oant it yn in heal ferdraaide ferzje út 'e twadde of trêde hân útlekte en publisearre waard troch de Chicago American. De krante ferklearre doe it Falentynsdeibloedbad foar oplost, hoewol't de FBI der neat oer loslitte woe. Lettere bekentenissen en autobiografyen fan ferskate oaren dy't sydlings by de saak belutsen west hiene, ûnderstipen it ferhaal fan Bolton. Nettsjinsteande dat ûndernaam de FBI gjin aksje, mooglik om't tsjin 1935 alle belutsenen, útsein Burke en Maddox, al dea wiene. Bankrôver Harvey Bailey soe lykwols yn in yn 1973 ferskynde autobiografy úthâlde dat hy en Burke yn Calumet City (Illinois) west hiene doe't it Falentynsdeibloedbad plakfûn. Maddox waard wol troch de plysje ûnderfrege, mar liet neat los. Histoarisy en kriminologen binne it der noch altyd net oer iens oft de ynformaasje fan Bolton op wierheid berêste..

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.