In bloedbad, slachting of slachtpartij is de moard op in stikmannich persoanen tagelyk, wêrby't de slachtoffers almeast ûnskuldige boargers binne of yn elts gefal lju dy't net bewapene binne en/of dy't harsels net ferdigenje kinne. Neffens in definysje fan it begryp 'bloedbad' (matanza) dy't yn Gûatemala troch de oerheid hantearre wurdt, giet it om 'e moard op fiif of mear persoanen. Dêrmei is in bloedbad in foarm fan massamoard. Sa'n misdie kin begien wurde troch ien inkeld yndividu, mar ek troch in groep lju, in organisaasje (bgl. in ôfdieling fan in leger of in terroristysk netwurk), en teffens kin der opdracht ta jûn wêze troch it regear fan in steat.

Slachtoffers fan it Bloedbad fan Mỹ Lai, dat yn 1968 troch Amerikaanske troepen oanrjochte waard ûnder de Fjetnameeske boargerbefolking.

Foarbylden bewurkje seksje

Bloedbadden fine ornaris plak yn tiden fan oarloch of yn lannen dy't suchtsje ûnder repressive rezjyms. In bloedbad kin ûnderdiel útmeitsje fan in pogrom of fan in genoside, en wurdt yn sokke gefallen sjoen as in misdie tsjin 'e minsklikheid. As it as ûnderdiel fan oarlochfiering foarkomt, kin it ek beskôge wurde as in oarlochsmisdie. Foarbylden fan bekende bloedbadden binne:

Hoewol't in moardpartij dy't foar 'bloedbad' oanmurken wurdt, gauris in politike eftergrûn hat, is it net ûngewoan dat ek poer kriminele moardpartijen sa oantsjut wurde. Foarbylden dêrfan binne:

Soms wurdt de oantsjutting 'bloedbad' ek yn oerdrachtlike sin brûkt, lykas by:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.