Súd-Fjetnam
|
De steat Súd-Fjetnam, offisjeel de Republyk Fjetnam (Việt Nam Cộng Hòa) waard útroppen op 26 oktober 1955 troch presidint Ngo Dinh Diem, as tsjinhinger fan it kommunistyske Noard-Fjetnam. De steat besloech it part fan Fjetnam besuden de santjinde breedtegraad. Mei de kapitulaasje fan de haadstêd Saigon op 30 april 1975 troch Duong Van Minh kaam in ein oan it bestean fan Súd-Fjetnam. Op 2 july 1976 waard it lân ferienige mei Noard-Fjetnam ta de nije steat Fjetnam.
Sjoch ek
bewurkje seksjeDit artikel is in stobbe oer lân.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |