Bloedbad fan Verden
It Bloedbad fan Verden, Dútsk Blutgericht von Verden, wie in slachting wêrby't yn it jier 782 4.500 lieders fan 'e Saksen, dy't kriichsfinzen nommen wiene troch de Franken, op befel fan Karel de Grutte deadien waarden. Dit barren, by Verden oan de Aller, yn 'e hjoeddeiske Dútske dielsteat Nedersaksen, is oerlevere troch in passaazje yn 'e Keninklike Frankyske Annalen. Guon histoarisy hawwe yn twifel lutsen oft it bloedbad wol wurklik plakfûn hat, mar harren krewearjen yn it foardiel fan Karel de Grutte is oer it algemien ôfwiisd. Under it nazy-rezjym (1933-1945) waard it foarfal misbrûkt foar propagandadoelen.
Bloedbad fan Verden | ||
It Sachsenhain-tinkteken foar it Bloedbad fan Verden, by Verden. | ||
De lokaasje fan it Bloedbad fan Verden yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. |
Histoaryske eftergrûn
bewurkje seksjeFan 772 ôf die de Frankyske keizer Karel de Grutte war om 'e Saksen derûnder te krijen. De snuorje dy't dêrop folge stiet bekend ûnder de gearfetsjende oantsjutting fan 'e Saksyske Oarloggen. Dêrby gie it net inkeld om in striid tusken twa folken, mar spile ek godstsjinst in tige wichtige rol, mei't de Franken kristlik wiene en de Saksen noch harren lânseigen heidenske leauwe oanhongen. Uteinlik moasten de Saksen belies jaan en kamen se ûnder it Frankyske jok, om deselde tiid hinne dat dat lot ek de Friezen trof. Mar nei ferrin fan tiid setten de Saksen it ûnder lieding fan Widukind yn 'e kant tsjin 'e útlânske oerhearsking en it har opleine kristendom. Tsjin 'e macht dy't Karel de Grutte tsjin harren gearrôp, koene se it lykwols net hâlde, en op 'e nij moasten se de striid oerjaan. By wize fan represaillemaatregel liet de keizer dêrop 4.500 leden fan 'e Saksyske hegerein, eallju en oare foaroanmannen, by Verden an der Aller ombringe. Widukind wie dêr lykwols net ûnder; hy wie ûntkomd nei Denemark.
Skiedsskriuwing
bewurkje seksjeWy witte allinne mar oer it Bloedbad fan Verden, om't it fernijd wurdt yn 'e Keninklike Frankyske Annalen, ûnder it jier 782. De tekst wol hawwe dat Karel de Grutte, nei't er yn 'e striid tsjin 'e Saksen twa gesanten, fjouwer greven en in stik as tweintich oare eallju ferlern wie, sa poermâl waard dat er de hiele hegerein fan 'e Saksen útrûgje woe. Hy joech oarder om 'e 4.500 kriichsfinzen lieders by Verden te ûnthalzjen.
Mei't der nea gjin archeologysk bewiis foar de slachting fûn is, hawwe guon histoarisy letter útholden dat hjir in skriuwflater fan in kopiïst yn it spul wêze moat: it Latynske wurd decollare ("ûnthalzje") soe nei harren tinken grif delocare ("deportearje") wêze moatte. Oare, iepentliker apologeten hawwe besocht om 'e oerwûne Saksen foar te stellen as ferrieders, dy't harren (ôftwongen) eed fan trou oan Karel de Grutte ferbrutsen hiene. De foaroansteande Italjaanske skiedkundige Alessandro Barbero, de auteur fan 'e gesachhawwende biografy Charlemagne: Father of a Continent ("Karel de Grutte: Heit fan in Wrâlddiel"), faget yn syn boek de flier oan mei sok skjinpraten fan Karel de Grutte, waans reputaasje neffens him duorjend besmodzge is troch it Bloedbad fan Verden.
Barbero tsjut fierders oan dat neffens him Karel de Grutte benammentlik ynspirearre waard ta syn die troch de Bibel. Dêrby ferwiist er nei de útrûging fan 'e Amelekiten troch de Israelityske kening David en dy syn praktiken nei de oerweldiging fan 'e Moäbiten (doe't er neffens it bibelferhaal twa fan eltse trije ynwenners fan it lân Moäb deameitsje liet). Barbero hâldt út dat Karel de Grutte him in wier kristlik kening toane woe troch him te spegeljen oan dy bibelske foarbylden.
Nazy-propaganda
bewurkje seksjeOan it begjin fan 'e tweintichste iuw waard it Bloedbad fan Verden eat dat fan belang wie foar Dútske nasjonalisten, mei't de Saksen sjoen waarden as wiere Dútsers dy't harren fersetten tsjin frjemde oerhearsking, en om't sels kristlike Dútsers Karel de Grutte assosjearren mei Frankryk en dus mei de fernedering dy't de Frânsen harren oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch ûndergean litten hiene. Uteinlik late dat yn 'e nazy-tiid ta in jierlikse betinking fan 'e slachting. Yn 1935 ûntwurp lânskipsarsjitekt Wilhelm Hüboter in tinkteken, dat bekendstiet as de Sachsenhain (de "Saksebosk"), en dat oanlein waard op in plak dêr't it bloedbad mooglik plakfûn hat, mei as opskrift: "Oan 'e dooptsjinnige Dútsers, fermoarde troch Karel, de Slachter fan 'e Saksen." Behalven as plak fan 'e jierlikse betinking tsjinne dat ek as moetingsplak foar de SS.