Aller (rivier)
De Aller is in sydrivier fan de Wezer yn de Dútske dielsteaten Saksen-Anhalt en Nedersaksen. Hy is 263 km lang en hat in streamkrite fan likernôch 15.600 km2.
De boarne fan de Aller leit ûnder Seehausen (Landkreis Börde), bewesten Maagdeboarch. De rivier streamt yn west-noardwestlike rjochting en komt ûnderweis nei de Wezer troch de stêden Wolfsburg, Celle en Verden. De rivier is nei Celle befarber (117 km) en mûnet justjes nei Verden yn de Weser út.
De Aller en sydrivieren lykas de Oker en de Leine, dy't fan lofts yn de Aller útmûnje, fersoargje de ôfwettering fan it grutste part fan de Harz. Fan rjochts komme lytsere rivieren, dêr't de Lüneburger Heide op ôfwetteret.
-
De Aller in pear kilometers nei de boarne
-
Allerbrücke yn Vorsfelde
-
De Aller yn Celle
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (dú) Landschaftssteckbrief Allertal
- (dú) Landschaftssteckbrief Aller-Talsandebene
- (dú) Die Aller als Schifffahrtsweg
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aller fan Wikimedia Commons. |