Chicago Police Department

(Trochferwiisd fan Plysje fan Chicago)

It Chicago Police Department (Ingelsk foar: "Plysjekorps fan Chicago"), gauris ôfkoarte as Chicago P.D. of CPD, is de gemeentlike plysjetsjinst fan 'e stêd Chicago yn 'e Amerikaanske steat Illinois. It korps is ferantwurding skuldich oan en operearret ûnder de ferantwurdlikheid fan de gemeenteried fan Chicago. Mei 13.500 plysjeminsken en 1.925 oare wurknimmers yn ûnderstypjende funksjes is it Chicago Police Department de op ien nei grutste pleatslike plysjetsjinst fan 'e Feriene Steaten, nei it NYPD fan New York. It Chicago Police Department waard yn 1835 oprjochte, en is dêrmei ek ien fan 'e âldste moderne plysjetsjinsten yn 'e wrâld. Lykwols leit it korps net op in al te bêste namme, en hat it Amerikaanske Ministearje fan Justysje krityk utere op it Chicago P.D. omreden fan minne training, gebrek oan tafersjoch en it rûtinemjittige gebrûk fan eksessyf geweld tsjin boargers.

Chicago Police Department
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Chicago Police Department
("Plysjekorps fan Chicago")
ôfkoarting CPD
lân Feriene Steaten
oprjochte 1835
falt ûnder Gemeente Chicago
doel wetshanthavening
sifers
leden 13.500 (2018)
wurknimmers 15.500 (2018)
jierliks budget $1.552.347.000 (2018)
oar
webside www.chicagopolice.org

Njoggentjinde iuw

bewurkje seksje

Yn 1825, foar't Cook County oprjochte waard, lei de krite fan it lettere Chicago yn Putnam County. Dat jiers waard in Archibald Clybourn oansteld as plysje (constable) fan it gebiet tusken de rivier de DuPage en de Michiganmar. Nei't yn 1833 Chicago in eigen bestjoer krigen hie, waard Clybourn in ynfloedryk boarger fan dat plak, en de diagonale Clybourn Avenue is nei him ferneamd. Yn 1835 waard de plysje fan Chicago as organisaasje oprjochte, dêr't Clybourn oan it haad fan kaam te stean. Doe't Chicago yn 1837 stedsrjochten krige, waard it ferkiesbere amt fan 'e high constable ynsteld, dy't oan it haad fan 'e plysje kaam te stean en foar elts fan 'e seis wards (wiken) fan 'e stêd in common constable beneamde.

 
It rjochtsfoechgebiet fan it Chicago Police Department (read).

Yn 1855 krige de plysje fan Chicago de namme 'Chicago Police Department'. Tagelyk dêrmei waard de stêd ferdield yn trije plysjedistrikten (precincts), dy't elts betsjinne waarden troch in eigen plysjeburo. Foar wa't plysje wurde woe, wie it yn dy tiid benammen wichtich om politike konneksjes te hawwen; feardichheden en training diene der oant 1895 net folle ta. Nei 1856 waarden in protte ymmigranten oannommen, yn 't bysûnder (Ingelsksprekkende) Ieren. De earste Afro-Amerikaanske plysje waard yn 1872 beneamd, mar swarte plysjes krigen doedestiden gjin unifoarm, en se waarden inkeld ynset foar surveillânse yn buerten dy't troch oare Afro-Amerikanen bewenne waarden. De earste froulju waarden yn 1885 troch it Chicago Police Department oannommen; hja tsjinnen yn 't earstoan inkeld as matroanes (matrons), dy't as taak hiene om froulike arrestanten en finzenen te fersoargjen. De earste wiere froulike plysje fan Chicago, en nei alle gedachten fan 'e hiele Feriene Steaten, wie Marie Owens, dy't yn 1891 oansteld waard. Hja waard spesifyk ynset om tafersjoch te hâlden op it ferbod op berne-arbeid en op regels oangeande bernewolwêzen, en gie yn 1923 mei de rang fan sergeant mei pinsjoen.

Yn 1860 waarden de earste resjersjeurs oansteld om misdriuwen te ûndersykjen en op te lossen. In jier letter naam de Algemiene Assimblee fan Illinois in wet oan dy't in ried fan tafersjoch foar it Chicago Police Department ynstelde, sadat de plysjetsjinst autonoom waard fan 'e boargemaster fan Chicago. Dat waard trouwens benammen dien om 'e machtige boargemaster te koartwjukjen. It gesach oer de plysje kaam telâne by trije plysjekommissarissen, dy't in superintendent oanstelden as it haad fan it Chicago Police Department. Yn 1875 stelde de Algemiene Assimblee fan Illinois fêst dat de trije plysjekommissarissen net by steat wiene om 'e rûnombywêzige korrupsje yn it Chicago Police Department oan te pakken. Dêrom waarden se út harren funksje set, wêrnei't it gesach oer de plysje wer weromskood waard nei de boargemaster. Dy beneamde neitiid yn gearspraak mei de gemeenteried ien inkelde plysjekommissaris.

 
Francis O'Neill stie fan 1901 oant en mei 1905 oan it haad fan it Chicago P.D.

De captains fan 'e ferskate plysjedistrikten wiene yn 'e njoggentjinde iuw fierhinne autonoom fan it sintrale haadkertier fan it Chicago Police Department. Se tanken harren posysje faak oan konneksjes mei pleatslike politisy út harren buerten. De desintralisearre opset fan 'e plysje fan Chicago makke it korps fleksibeler op it mêd fan kwestjes dy't inkeld yn beskate wiken of buerten spilen, mar it makke de plysje ek kwetsberder foar korrupsje. Yn 1895 fierde Chicago standertprosedueres yn foar it oannimmen fan amtners, en fan dy tiid ôf moast men earst in skriftlike test ôflizze om by de plysje oannommen of befoardere te wurden. Dat soarge derfoar dat it nivo fan 'e plysjeminsken omheech gie, hoewol't it net folle feroare oan 'e kultuer fan korrupsje. Yn 1896 wie in parade fan plysjes fan it Chicago Police Department it ûnderwerp fan 'e earste film dy't ea yn Chicago opnommen waard.

Tweintichste iuw

bewurkje seksje

Yn 1906 rjochte it Chicago Police Department in ôfdieling plysje te pearde op, de saneamde Mounted Patrol, dy't benammen ynset waard foar it yn 'e stringen hâlden fan grutte kloften folk. Yn 1948 waard dy ôfdieling ôfskaft, mar der wie noch fol ferlet fan, dat yn 1974 waard er op 'e nij ynsteld, doe ûnder de namme fan 'e Mounted Unit. De earste trije auto's waarden yn 1908 troch it Chicago Police Department yn gebrûk nommen, folge troch de earste motorfytsen en motorboaten yn 1910. Froulike plysjes waarden op strukturele basis fan 1913 ôf yn it korps opnommen, en de earste swarte froulike plysje fan nei alle gedachten de hiele Feriene steaten wie in Grace Wilson, dy't yn 1918 oansteld waard. Yn 1917 waarden fierders de Chicago Police Reserves oprjochte, in soarte fan reserveplysje dy't ynset waard by grutte eveneminten, lykas op Memorial Day, en by rampen, lykas de útbraak fan 'e Spaanske gryp, yn 1918. Yn 1920 waarden de Reserves lykwols wer fuortbesunige troch de gemeenteried fan Chicago. It Falentynsdeibloedbad fan 1929 (in ôfrekken yn it kriminele sirkwy) late ta de oprjochting fan 'e earste ôfdieling technyske resjerzje fan 'e Feriene Steaten. Yn 't earstoan waard dy funksje ferfolle troch it laboratoarium fan 'e Noardwestlike Universiteit, mar dat waard yn 1938 oankocht troch it Chicago Police Department.

 
In karakteristike blauwe plysjehelm en in houtene kneppel fan it Chicago Police Department út 'e 1960-er jierren.

In yngeande herfoarming fan it korps liet lykwols op him wachtsje oant 1960, doe't it saneamde Summerdale-skandaal útbriek. Dêrby kaam oan it ljocht dat acht plysjes fan it plysjedistrikt Summerdale, yn 'e North Side fan Chicago, op grutte skaal ynbraken diene by partikulieren. Fan gefolgen stelde boargemaster Richard J. Daley in kommisje yn dy't besjen moast hoe't it korps herfoarme wurde koe. Datselde jiers noch waard de kriminolooch Orlando W. Wilson as earste boarger oansteld as superintendent fan it Chicago Police Department. Hy yntrodusearre in stikmannich fernijings, lykas in nij en ynnovatyf kommunikaasjesintrum, in fermindering fan it tal plysjeburo's, in earliker befoarderingsproseduere en in klam op motorisearre surveillânse yn it neidiel fan surveillânse te foet. De plysje-auto's krigen blauwe en wite kleuren mei blauwe swaailjochten, de plysjepetten krigen bannen mei blauwe en wite blokjes (it saneamde silitoe tartan) en it offisjele biedwurd fan it korps waard We Serve and Protect ("Wy Tsjinsje en Beskermje"). Wilson bleau superintendent oant er yn 1967 mei pinsjoen gie.

Opnames fan 'e demonstraasjes ûnder de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968 en de reäksje fan it Chicago Police Department op dy protesten.

De plysje fan Chicago kaam wrâldwiid min yn it nijs troch syn oanpak fan 'e protesten by de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968. Dat barren waard dat jiers fan 26 oant 29 augustus yn Chicago holden en loek in protte demonstranten oan dy't op 'e Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch tsjin wiene. Nettsjinsteande it feit dat in diel fan 'e demonstranten aktyf de konfrontaasje mei de plysje socht, stie de reäksje fan 'e plysje, dy't dêrby stipe waard troch de Nasjonale Garde, bol fan it eksessyf geweld. Net inkeld demonstranten waarden bespuite mei triengas en yninoar slein mei houtene kneppels, mar ek freedsume hippys, dissidinte leden fan 'e Demokratyske Partij, sjoernalisten, fotografen, tafallige foarbygongers, predikanten en teminsten ien handicapte. Under de slachtoffers fan it plysjegeweld wiene Hugh Hefner, de útjouwer fan it neakenblêd Playboy; sjoernalist Dan Rather, dy't yninoar slein waard yn it gebou dêr't de konvinsje plakfûn, doe't er dêr fan it barren ferslach dwaan woe; en Anne Kerr, in lid fan it Britske Parlemint dy't op yn Chicago op fakânsje wie en by de doar fan har hotel mei triengas besproeid en yn 'e boeiens slein waard. It rapport fan 'e neitiid ynstelde Kommisje-Walker lei de ferantwurdlikheid foar de gaos en it geweld fjouwerkant by it Chicago Police Department del.

In oare saak út 'e jierren sechstich dy't de plysje fan Chicago op minne wize yn it nijs brocht, wie de sjitpartij op 4 desimber 1969, wêrby't Fred Hampton en Mark Clark, twa lieders fan 'e aktivistyske Afro-Amerikaanske Black Panther Party, troch plysjeminsken deasketten waarden. It Chicago Police Department hold út dat de plysjes oanfallen wiene troch swierbewapene Black Panthers, mar neitiid die út ûndersyk bliken dat hast alle kûgels ôffjurre wiene út plysjewapens. De djipdrôven fan 'e beide slachtoffers wûnen úteinlik in rjochtsaak tsjin 'e gemeente Chicago, wêrby't se miljoenen dollars oan skeafergoeding tawiisd krigen. Foar in grut diel fan 'e swarte befolking fan 'e stêd bewiisde dizze saak wat se al wisten: dat it fierhinne blanke Chicago Police Department ynstitúsjoneel rasistysk wie en gjin selsbehearsking hie yn 'e omgong mei swarte boargers. Foar in diel as reäksje op dy krityk besocht it korps mear plysjes út etnyske minderheden oan te lûken. Yn augustus 1983 waard Fred Rice oansteld as de earste Afro-Amerikaanske superintendent fan it Chicago Police Department. Yn 1992 wie Matt L. Rodriguez de earste superintendent fan Latino-komôf.

 
Plysjes fan it Chicago Police Department yn 'e rein op Michigan Avenue (1973).

Dat die lykwols net folle om it imago fan it Chicago Police Department te feroarjen, mei't der oanhâldend nije skandalen útbrieken. Sa wie der commander Jon Burge, dy't fan 1972 oant 1991 mear as twahûndert almeast Afro-Amerikaanske manlju mishannele om harren te twingen ta bekentenissen. Dêrby waarden se troch Burge en in groep mandélige ûnderhearrigen slein, smoard en mei brânende sigaretten en stroomstjitwapens behannele. Fan 'e iere 1980-er jierren ôf waarden der ferskate ûndersiken nei Burge ynsteld, mar pas yn 1993 waard er ûntslein. Yn 'e simmer fan 2006 sleaten inkele spesjale oanklagers in fjouwer jier duorjend ûndersyk nei Burge en syn trewanten ôf mei de konklúzje dat se no genôch bewiis hiene om harren te ferfolgjen, mar dat it dêrfoar spitigernôch te let wie om't de misdriuwen ferjierre wiene. Yn jannewaris 2008 krigen fjouwer slachtoffers fan Burge-en-dy in skeafergoeding fan 'e Gemeente Chicago taparte ter hichte fan $19,8 miljoen. Yn maaie 2015 waard nochris $5,5 miljoen oan skeafergoeding oan oare slachtoffers fan Burge útkeard. Burge sels genoat fan syn plysjepinsjoen oant er yn oktober 2008 troch ofsier fan Justysje Patrick J. Fitzgerald oanklage waard foar meineed en obstruksje fan de rjochtsgong. Datoangeande waard er yn juny 2010 skuldich befûn en yn jannewaris 2011 feroardiele ta fjouwer en in heal jier finzenisstraf.

In nij skandaal ûntstie doe't op 28 july 1998 in alvejierrich famke, Ryan Harris, ferkrêfte en fermoarde waard yn 'e buert Englewood. Tolve dagen dêrnei arrestearre de plysje nammentlik twa jonkjes fan sân en acht jier, dy't foar de ferkrêfting en moard ferantwurdlik wêze soene. Ut DNA-tests ferrjochte op it sperma dat op it lichem fan it slachtoffer oantroffen wie, die lykwols bliken dat de dieder de folwoeksen man Floyd Durr wie, dy't ek al earder feroardiele wie foar seksueel misbrûk. Dyselde joech ta dat er Harris ferkrêfte hie, hoewol't er altyd ûntstried dat er har ombrocht hie. De âldelju fan 'e beide jonkjes spanden rjochtsaken tsjin 'e gemeente Chicago oan, dy't úteinlik skikt waarden foar miljoenen dollars.

 
In plysje-auto (Ford Interceptor Utility) fan it Chicago Police Department.

Op deselde jûn yn 'e simmer fan 1999 waarden by twa ferskillende ynsidinten twa net-wapene Afro-Amerikaanske automobilisten, Robert Russ en LaTanya Haggerty, deasketten troch de plysje fan Chicago. Dat late ta nije beskuldigings fan rasisme, hoewol't yn beide gefallen de plysjes dy't it fatale skot losten sels ek swart wiene. Yn it iene ynsidint waard Haggerty, in kompjûteranaliste, troch in froulike plysje deasketten. Har famylje wûn letter by in rjochtsaak in skeafergoeding ter hichte fan $18 miljoen. Yn it oare ynsidint waard Russ, in Amerikaansk fuotbalspiler foar de Noardwestlike Universiteit, yn syn auto deasketten nei wat de plysje omskreau as in auto-efterfolging mei hege faasje en in wrakseling mei de plysje dy't him deaskeat. Wat der eins barde wie dat de trije plysjes Russ slingerjend riden seagen, wat derop wiisde dat er drank op hie. Se setten de efterfolging yn, dy't nea hurder gie as 115 km/h, wêrnei't Russ op 'e Ryan Expressway de macht oer it stjoer ferlear. Syn auto draaide ferskate kearen om syn as en kaam tsjin 'e fangrail ta stilstân. Dêrnei brieken de trije efterfolgjende plysjes alle prosedueres troch daliks op Russ syn auto ôf te draven en him ta te razen dat der syn portier iependwaan moast. Doe't er dêr net op reägearre, sloech ien fan 'e plysjes it lofterefterrút fan 'e auto stikken en skeat him yn it boarst, nei eigen sizzen om't er Russ nei in wapen gripen seach.

Ienentweintichste iuw

bewurkje seksje

Op 3 juny 2000 waard it nije haadkertier fan it Chicago Police Department iepene. Om dyselde tiid hinne waarden ferskate leden fan it korps oppakt foar in ferskaat oan misdriuwen. Yn april 2001 waard plysje Joseph Miedzianowski, dy't al 22 jier by it korps tsjinne, feroardiele foar jierrenlange ôfparsing en belutsenens by drugshannel. Yn 2003 krige er yn heger berop libbenslang sûnder de mooglikheid op betidere frijlitting. Syn partner John Galligan en 24 oare drugsdealers ferdwûnen ek efter de traaljes. Yn oktober 2001 joech deputy superintendent William Hanhardt ta dat er oan it haad stie fan in lanlik operearjende binde juwielledieven, dy't yn tweintich jier tiid foar mear as $5 miljoen dollar oan diamanten en oare fûnkelstiennen stellen hie. Hy hie doe 33 jier by it Chicago Police Department tsjinne en waard feroardiele ta tolve jier finzenisstraf.

 
In pear plysjes fan it Chicago Police Department te foet op surveillânse.

Yn desimber 2001 waard sergeant Eddie C. Hicks oanklage foar drugshannel. Hy en syn team fierden oerfallen út op drugspannen en ferkochten dêrnei de yn beslach nommen drugs foar eigen gewin troch. Hicks kaam op boarchtocht frij en pykte yn juny 2003 út, wêrnei't er op 'e list fan 'e meast sochte misdiedigers fan 'e federale resjerzje FBI set waard. Uteinlik waard er op 12 septimber 2017 arrestearre yn Detroit, doe't er ûnderwilens 68 jier wie. Yn in soartgelikense saak waarden yn septimber 2007 plysjes Jerome Finnigan, Keith Herrera, Carl Suchocki en Thomas Sherry oppakt oan se al jierren ynbraken, berôvings en ûntfierings útfierd hiene, mei as doel om jild, drugs en wapens te stellen fan sawol drugsdealers as fan gewoane boargers. Hja hearden allegear ta de Special Operations Sections, in soarte fan kommando-ienheid fan it Chicago Police Department, dy't neitiid opheft waard. Suchocki en Sherry waarden frijsprutsen fanwegen gebrek oan bewiis.

In oare plysjeman, Richard Zuley, waard nei syn pinsjonearring beskuldige fan marteling fan fertochten mei as doel om bekentenissen los te krijen. Yn ferskate saken waarden lju dy't jierrenlang yn 'e finzenis sitten hiene, by neier ynsjen ûnskuldich befûn en frijlitten. Sa waard Lathierial Boyd yn 2013 frijlitten nei't er 23 jier ûnskuldich fêst sitten hie foar in moard en in besykjen ta moard bûten in nachtklub yn Chicago yn 1990. Zuley hie net inkeld in bekentenis út him slein, mar ek ûntlêstgjend bewiismateriaal efterholden. Yn 2015 makke de Britske krante The Guardian bekend dat Zuley as reservist fan 'e Amerikaanske Marine tusken 2002 en 2004 ek belutsen west hie by de marteling fan terrorismefertochten dy't fêstholden waarden op 'e Amerikaanske marinebasis Guantanamo Bay, op Kuba.

Rachelle Jackson, in diplomearre ferpleechkundige, wie op 19 novimber 2002 ûnderweis nei har wurk doe't se tsjûge wie fan in ferkearsûngemak dêr't in plysje-auto by belutsen wie. Plysje Kelly Brogan wie net mear goed oansprekber, wylst syn partner hielendal bewusteleas rekke. Om't se bang wie dat harren auto yn 'e brân fleane soe, helle Jackson de beide plysjes út harren fiertúch. Doe't neitiid bliek dat it tsjinstwapen fan Brogan ferdwûn wie, gie Jackson frijwillich nei it plysjeburo – om in tsjûgeferklearring ôf te lizzen, miende se. Doe't se dêr ienris wie, waard se 48 oeren oan ien wei troch mei amper iten of sliep en gjin tagong ta in húske yn it krúsferhear nommen, en twongen om in ferklearring te ûndertekenjen dêr't yn stie dat se Brogan mishannele en syn tsjinwapen stellen hie. Dêrnei waard se tsien moannen lang finzen holden foar't de healwize oanklachten tsjin har úteinlik nei de foddekoer ferwiisd waarden. Jackson klage doe sawol Brogan as de Gemeente Chicago oan en krige $7,9 miljoen tawiisd by wize skeafergoeding, hoewol't dat yn heger berop beheind waard ta $1,9 miljoen.

 
19 febrewaris 2007: barkeeper Karolina Obrycka wurdt yninoar slein troch plysjeman Anthony Abbate.

Op 19 febrewaris 2007 wegere Karolina Obrycka, de froulike barkeeper fan Jesse's Shortstop Inn, om noch mear alkohol te ferkeapjen oan in dronken klant dy't genôch hân hie. Dêrop krong dy klant, plysjeman Anthony Abbate, efter de tooch en sloech en skopte er har hielendal yninoar. Dat misdriuw waard fêstlein troch in befeiligingskamera, en de bylden (noch te sjen op YouTube) waarden fertoand op alle Amerikaanske nijsstjoerders. Abbate waard dêrnei arrestearre en yn beskulding steld fan mishanneling en fjirtjin bykommende oanklachten. Hy ferlear syn baan en waard yn juny 2009 feroardiele ta twa jier finzenisstraf ûnder betingst, in jûnsklok fan 20.00 oant 6.00 oere, ferplichte dielname oan in kursus omgean mei driftbuien en in taakstraf fan 130 oeren. Obrycka krige in skeafergoeding fan $850.000. Der bleaune lykwols fragen omtrint de behanneling fan 'e saak troch it Chicago Police Department, dat û.m. besocht hie om Abbate ôf te skermjen fan 'e media. In federale sjuery stelde yn novimber 2012 fêst dat der in "wiidfersprate koade fan swijen" bestie binnen it plysjekorps, en dat Abbate dêrtroch miend hie dat him neat makke wurde koe. Yn 2007 trede superintendent Phil Cline ôf, en hoewol't se dat beide ûntstrieden, waard rûnom oannommen dat boargemaster Richard M. Daley him oan 'e kant set hie fanwegen de Saak-Abbate.

Op 7 juny 2011 waarden plysjeman Gildardo Sierra en syn partner by in gefal fan húslik geweld roppen. Doe't se dêr oankamen, besocht ien fan 'e belutsenen, Flint Farmer, om út te naaien. Sierra skeat him trije kear yn 'e rêch, wêrby't Farmer deadlik ferwûne rekke. Sierra wie dat jiers al by twa oare sjitpartijen belutsen west, en hoewol't him ek diskear gjin skuld oanrekkene waard, wied er tsjin ein oktober fan dat jier op non-aktyf set om't de FBI in ûndersyk nei him iepene hie. Uteinlik waarden der lykwols gjin oanklachten tsjin Sierra yntsjinne. De djipdrôven fan Farmer krigen fan 'e Gemeente Chicago in skeafergoeding fan $4,1 miljoen, wêrby't lykwols mei klam net tajûn waard dat der flaters begien wiene.

 
Motorplysjes fan it Chicago Police Department.

Yn 2015 publisearre de Britske krante The Guardian in artikel oer in geheime ferhearlokaasje dy't it Chicago Police Department ûnderhold yn it Homan Square Police Warehouse, op 1011 South Homan Avenue yn Chicago (41.8684°N 87.71°W41.8684; -87.71). Dêr waarden beskate fertochten, benammen út earme Afro-Amerikaanske of Latino-fermiddens, fêstholden sûnder dat se yn it registraasjesysteem fan it plysjekorps opnommen waarden. Yn reäksje sei in wurdfierder fan it Chicago Police Department dat se wol deeglik yn it registraasjesysteem opnommen waarden, mar hy wegere en jou antwurd op 'e fraach hoe lang nei de arrestaasje oft dat dan barde. Neffens deselde wurdfierder koene abbekaten harren kliïnten te Homan Square gewoan besykje, mar ferskate abbekaten mei wa't The Guardian praat hie, ûntkenden dat. De krante omskreau Homan Square as "it binnenlânske ekwifalint fan in black site fan 'e CIA."

Op 20 oktober 2014 waard de santjinjierrige swarte jonge Laquan McDonald deasketten troch plysje Jason Van Dyke. Hy rûn op dat stuit parallel mei de plysje-auto fan Van Dyke en dy syn partner oer it trotwaar, mei in mês yn 'e hân. Nei't it skynt wied er doe ûnder ynfloed fan 'e drug PCP. Hy waard troch Van Dyke trochsingele mei sechstjin kûgels. It duorre trettjin moannen ear't it Chicago Police Department de bylden fan 'e sjitpartij frijjoech, en doe noch allinnich om't dat moast fan in rjochterlike útspraak. Van Dyke waard oanklage foar moard en misdragings as plysjeman, mar ferklearre dat er ûnskuldich wie. Hy krige neitiid fan syn superieren burotsjinst oplein. Nei oanlieding fan 'e dea fan Laquan McDonald frege de prokureur-generaal fan Illinois, Lisa Madigan, it Amerikaansk Ministearje fan Justysje om in ûndersyk yn te stellen nei it Chicago Police Department. Yn it rapport nei oanlieding fan dat ûndersyk, dat yn jannewaris 2017 publisearre waard, bekritisearre it Ministearje it plysjekorps foar in kultuer fan bûtenspoarich geweld, benammen tsjin fertochten út etnyske minderheden en tsjin minderheidsmienskippen as gehiel. Ek waard steld dat de training dy't it Chicago Police Department oan syn plysjeminsken joech sawol kwantitatyf as kwalitatyf ûnder de mjitte wie, en dat der lang net genôch tafersjoch holden waard op it hâlden en dragen fan 'e plysjeminsken as se dy training ienris ôfrûne hiene.

Organisaasje-opbou

bewurkje seksje
 
In plysjeman fan it Chicago Police Department surveillearjend op in segway.

Oan it haad fan it Chicago Police Department stiet de superintendent of police, dy't bystien wurdt troch de first deputy superintendent. Der binne (anno 2019) seis ôfdielings binnen it korps, dy't oantsjut wurde as 'buro's':

  • it Buro fan Patrûlje (Bureau of Patrol, BOP)
  • it Buro fan Resjerzje (Bureau of Detectives)
  • it Buro fan Organisearre Misdied (Bureau of Organized Crime, BOC)
  • it Buro fan Organisaasje-ûntwikkeling (Bureau of Organizational Development)
  • it Buro fan Technyske Tsjinsten (Bureau of Technical Services)
  • it Buro fan Ynterne Saken (Bureau of Internal Affairs)

Elts fan dizze buro's wurdt laat troch in bureau chief (of "burokommissaris"). It Buro fan Patrûlje giet oer de uniformearre plysje en surveillânse. Dit buro is opspjalten yn 22 plysjedistrikten, mei elts in eigen plysjeburo. Ta it Buro fan Patrûlje hearre fierders ek de ferkearsplysje, plysje te pearde (mei 32 runen), hûneplysje, wetterplysje (mei 9 boaten), plysjehelikopters, slûpskutters, mobile ienheid en de 'dignitarisbeskermingsienheid' (de iennichste ienheid fan it Chicago Police Department dy't op motors riidt), dy't heechpleatste pommeranten begeliedt by harren besyk oan Chicago.

It Buro fan Resjerzje omfiemet de resjerzje, dy't slimme misdriuwen ûndersiket. Dizze ôfdieling is opboud út trije resjerzjedifyzjes dy't op geografyske basis yndield binne, mei dêropta ferskate sintraal organisearre tsjinsten lykas de Forensic Services Division, oftewol de technyske resjerzje, dy't giet oer it spoare-ûndersyk op plakken delikt, en de Counterterrorism and Intelligence Division, dy't terrorisme en brânstifting bestriidt. It Buro fan Organisearre Misdied leit him útslutend ta op it bestriden fan 'e organisearre misdie yn Chicago, mei dêrûnder net inkeld organisaasjes as de maffia, mar ek strjitbindes en organisaasjes op it mêd fan prostitúsje en drugshannel.

Mei it Buro fan Organisaasje-ûntwikkeling en it Buro fan Technyske Tsjinsten binne it Buro fan Patrûlje, it Buro fan Resjerzje en it Buro fan Organisearre Misdied ferantwurding skuldich oan 'e first deputy superintendent. It Buro fan Ynterne Saken, dat ûndersyk docht nei plysjes fan it Chicago Police Department dy't korrupt binne of har skuldich meitsje oan oare misdriuwen, falt streekrjocht ûnder de superintendent sels.

rang ynsynje opmerkings
superintendent   "tafersjochhâlder" of "ynspekteur"; oansteld troch de boargemaster fan Chicago
first deputy superintendent   "earste plakferfangend tafersjochhâlder" of "earste plakferfangend ynspekteur"; op ien nei heechste rang binnen it Chicago Police Department
chief   "kommissaris"; as rang ynsteld yn septimber 2011; jout ornaris lieding oan in ôfdieling (bureau)
deputy chief   "plakferfangend kommissaris" of "ûnderkommissaris"; as rang ynsteld yn septimber 2011
commander   "kommandant"; jout ornaris lieding oan in plysjedistrikt (precinct)
captain   "kaptein"; hat ornaris de deistige lieding (ûnder in commander) oer in plysjedistrikt (precinct)
lieutenant   "luitenant"; is ornaris resjersjeur
sergeant   "sersjant"; ornaris in resjersjeur of in âldere plysje by de uniformearre tsjinst
police officer gjin spesjaal ynsynje "agint"; de earste plysje fan rang; giet op surveillânse, reägearret op meldings en needgefallen; kin ek as resjersjeur wurkje by spesjalisearre ienheden
field training officer   "fjildtrainingsagint"; plysje yn oplieding dy't 'staazjerint'; wurdt net beskôge as in plysje fan rang
 
In plysjeman fan it Chicago Police Department docht yn 1973 neifraach nei in ferkearsûngemak.

Anno 2018 bestie it Chicago Police Department út 13.500 plysjeminsken en 1.925 oare wurknimmers yn ûnderstypjende funksjes (lykas sekretarieel meiwurkers, boekhâlders en skjinmakkers). Dêrmei wie it de op ien nei grutste pleatslike plysjetsjinst fan 'e Feriene Steaten, nei it NYPD fan New York, en foàr it LAPD fan Los Angeles. Yn 2010 bestie it Chicago Police Department foar 70% út manlju en foar 30% út froulju. Wat de etnyske opbou fan it korps oangie, dy wie dat jiers sa: 49% blanken, 29% Afro-Amerikanen, 19% Latino's en 3% oaren.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.