Fangrail
In fangrail of in heining[1] is in befeiliging om reauwen op de rydbaan te hâlden en tefoaren te kommen dat bestjoerders tsjin gefaarlike obstakels, sa as beammen, rotsen, ensafuorthinne botse of dêr't de dyk ferhege is, fan de dyk ôf rûgelje. Hja steane ek wol yn de middenberm fan diken mei in dûbele rydbaan, en dy wurde ek wol "midheining" neamd. Sokke heinings moatte tefoaren komme dat reauwen, dy't lofts fan de dyk ôf reitsje, in frontale botsing meitsje mei tsjinlizzers. In heining kin ek brûkt wurde ta beskerming fan fytsers of fuotgangers, of oan de kant fan in seedyk. De earste fangrails waarden oanlein yn 'e 1950-er jierren.
Beskriuwing
bewurkje seksjeWylst in fangrail ornaris ûntwurpen waard om ferwûnings oan persoanen yn in reau, dy't yn in botsing mei in fangrail komme soene, sa min mooglik te meitsjen, reitsje der lykwols persoanen ferwûne yn in botsing mei in fangrail. Hja wurde dus allinnich boud op plakken dêr't it gefaar grutter is benefter in fangrail. Der wurdt de foarkar oan jûn om in gefaarte fuort te heljen of te ferhûzjen, as om in heining te pleatsen.
In fangrail wurdt lykwols earst test dat se feilich genôch binne, ear't se goedkard wurde foar gebrûk.
Ynearsten hiene fangrails in rûch útein. Wannear't reauwen dêr tsjin oan botse soene, soene se in ûnbidich soad skea oprinne kinne. Dêrom wurde fangrails hjoed-de-dei gauris skean nei ûnderen yn de grûn boud.
Konstruksje
bewurkje seksjeIt is wenstich dat in fangrail makke wurdt yn termysk fersinke stiel om rustkjen tefoaren te kommen. In fangrail kin fannijs brûkt wurde nei't er opholpen wurdt. It ophelpen fan in fangrail wurdt ek wol oantsjutten as "arrossearjen". Dat betsjut dat fangrails dy't ferfongen wurde moatte net as âld izer fuorthelle wurde, mar foar it fannijs brûken gaadlik makke wurde. Dat hâldt yn dat alle ûnderdielen fan in fangrail test en skifte wurde op mjittefuorring, gattepatroan en de tsjokkens en kwaliteit fan de stiel, neffens NEN 5190. De goedkarde parten wurde dêrnei skjinmakke en fannijs fersinke, neffens EN ISO 1461. De opholpen parten wurde dan wer ynset by it pleatsen fan in nij fangrail.
It arrossearjen liedt ta it besparjen fan stiel as grûnstof, en ûnderstipet de sirkulêre ekonomy, en helpt mei it ferminderjen fan it útstjitten fan koalstofdiokside (CO2).
Ek binne der fangrails dy't bestean út in kombinaasje fan hout en stiel en aluminium.
Yn Nederlân is in fangrail ornaris 75 sm heech. De fangrailplanke mei it tekenjend bobbeljend profyl is fan it type A.
Tydlike heinings
bewurkje seksjeDer wurde bytiden ek wol tydlike heinings opset sa as by dykkonstruksje. Sokke tydlike heinings kinne út stiel of beton bestean, dy't hinne en wer ferhûze wurde kinne. Betonnen heinings wurde wol New Jersey barriers neamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.
|