1950-er jierren
De 1950-er jierren, ek oantsjut as de fyftiger jierren en de jierren ’50, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1951 en duorre it oant en mei 31 desimber 1960, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1950 oant en mei 31 desimber 1959. Dit wie it desennium fan 'e weropbou nei de ferwuostgings fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dat gearfoel mei it oanboazjen fan it konflikt tusken de Westerske wrâld en it Eastblok yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. De Koreaanske Oarloch, de Hongaarske Opstân fan 1956, de Kubaanske Revolúsje en de heksejacht op kommunisten yn 'e Feriene Steaten wiene hichtepunten fan dat konflikt. It dekolonisaasjeproses soarge foar noch mear striid, mei as wichtichste brânhurden de Earste Yndosineeske Oarloch yn Súdeast-Aazje, de Algerynske Oarloch yn 'e Magreb en de Mau-Mau-rebûlje yn East-Afrika. Ek de Suëzkrisis, wêrby't pynlik dúdlik waard dat it Feriene Keninkryk en Frankryk gjin wrâldmachten mear wiene, kin yn dat ljocht sjoen wurde. Underwilens sette yn 'e Feriene Steaten de Amerikaanske boargerrjochtebeweging útein en waard yn kultureel opsjoch risselwearre foar de revolúsje op alderhanne mêd dy't folgje soe yn 'e 1960-er jierren.
1950-er jierren | ||
De Hongaarske Opstân fan 1956. | ||
<< 1940-er jrn • 1950-er jrn • 1960-er jrn >> | ||
1950 • 1951 • 1952 • 1953 • 1954 1955 • 1956 • 1957 • 1958 • 1959 |
Oersjoch
bewurkje seksjeDe 1950-er jierren stiene yn Jeropa fierhinne yn it teken fan 'e weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch, dy't oan 'e ein fan it desennium fierhinne foltôge wie. Dit wie fierders it earste folsleine desennium fan 'e Kâlde Oarloch, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren útbrutsen wie tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Geandewei de fyftiger jierren boaze dy striid almar fierder oan, oant it tsjin it begjin fan 'e 1960-er jierren in wrâldomfiemjend konflikt wurden wie dat troch it foarútsjoch fan in kearnoarloch it fuortbestean fan 'e minskheid bedrige.
It hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch yn 'e 1950-er jierren wie de Koreaanske Oarloch tusken it kapitalistyske Súd-Koreä en it kommunistyske Noard-Koreä, dy't yn 1950 útbriek en op grutte skaal dea en ferwuostging brocht op it Koreaanske Skiereilân. Dat wie it iennichste striidtoaniel dêr't twa fan 'e (úteinlik) trije supermachten fan 'e wrâld, de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina, ea direkt mei-inoar yn oarloch rekken. Fierders briek yn 1955 yn Súdeast-Aazje de Fjetnamoarloch (of Twadde Yndosineeske Oarloch) út tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam, mar dat konflikt soe in regionale striid bliuwe, dy't op wrâldnivo net fan folle betsjutting wie, oant de Feriene Steaten har der yn 'e rin fan 'e 1960-er jierren hieltyd aktiver mei begûnen te bemuoien.
Underwilens wie de Sovjet-Uny, behalven mei de weropbou fan it yn 'e Twadde Wrâldoarloch suver hielendal ferwuostge westen fan it lân, dwaande mei de konsolidaasje fan 'e macht dy't de kommunisten yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren yn East-Jeropa nei harren talutsen hiene. Dêr wie in hiele rige fazalsteaten kreëarre, it saneamde Eastblok, dêr't kommunistyske regearings oan 'e macht holpen wiene dy't fungearren as sokpoprezjyms foar de Sovjet-Uny. Geandewei de 1950-er jierren waarden alle bannen ferbrutsen dy't noch bestiene tusken West-Jeropa en it Eastblok, in proses dat yn 1961 foltôge wurde soe mei de bou fan 'e Berlynske Muorre tusken East- en West-Berlyn.
De Hongaarske Opstân fan 1956 wie de wichtichste wjerstân dêr't de Sovjet-Uny mei ôfweve moast om syn hearskippij oer East-Jeropa feilich te stellen. Yn 'e twadde helte fan it desennium begûn de ynfloed fan 'e Sovjet-Uny him nei de Trêde Wrâld út te wreidzjen, mei as wichtichtse foarbyld de Kubaanske Revolúsje, dy't fan Kuba, oan 'e Amerikaanske súdkust, in kommunistyske steat makke ûnder it liederskip fan Fidel Castro. Underwilens wiene de Feriene Steaten yn 'e greep rekke fan it anty-kommunisme, dat yn 'e earste helte fan 'e fyftiger jierren útwoeks ta in wiere heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch senator Joseph McCarthy. Yn dyselde snuorje kaam yn it suden fan 'e Feriene Steaten de Amerikaanske Boargerrjochtbeweging op, dy't him oankante tsjin rasseskieding en diskriminaasje.
It dekolonisaasjeproses, dat yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren stadich op gong kommen wie yn Aazje, sette him dêr yn 'e fyftiger jierren fuort en makke yn 'e twadde helte fan dat desennium ek in begjin yn Afrika. Dat gie net sûnder slach of stjit. Yn Kenia waard in protte bloed fergetten wylst de Britten de Mau-Mau-rebûlje besochten te ûnderdrukken, en yn 'e Magreb gie it noch mâlder doe't de Frânsen it yn 'e Algerynske Oarloch opnamen tsjin Algerynske frijheidsstriders. Yn Súdeast-Aazje besocht Frankryk fierders yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch út alle macht om Fjetnam as koloanje te behâlden, mar nei de jammerdearlike nederlaach yn 'e ferneamde Slach by Dien Bien Phu, yn 1954, moasten de Frânsen dêr belies jaan. De Suëzkrisis fan 1956 markearre de definitive ein fan it Feriene Keninkryk en Frankryk as wrâldmachten.
De Kâlde Oarloch wie fan grutte ynfloed op 'e wittenskip, mei't bgl. oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren mei de lansearring fan 'e Spûtnik 1 de Romtewedrin tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny op gong kaam, dy't oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren útmûnje soe yn 'e earste moannelâning. Fierders wie der in grutte taname yn it tal kearnproeven dat útfierd waard. De atoombom waard ferbettere ta de wetterstofbom. Oare technologyske fernijings yn 'e fyftiger jierren wiene de transistorradio, dy't fan 1954 ôf de ferkeap fan lytse draachbere radio's mooglik makken, en fierders de útfinings fan it sinnepaniel en de keunststof polypropyleen, beide yn 1954. Iepenbier ferfier mei it ferkearsfleantúch waard gongber, hoewol't it yn 't earstoan inkeld betelber wie foar de riken, en drugs as LSD waarden ûntwikkele. Francis Crick en James Watson ûntdieken de dûbele-heliks-struktuer fan DNA. Yn 1955 stalde Jonas Salk it faksên foar polio gear, sadat in begjin makke wurde koe mei it útrûgjen fan dy sykte.
Ekonomysk wie de wrâld yn 'e 1950-er jierren noch by de wâl op oan it klauwen, út 'e djippe bedelte dêr't de Twadde Wrâldoarloch him ynstoarten hie. Kultureel waard yn 'e Westerske maatskippij in oanrin nommen nei de revolúsje fan 'e 1960-er jierren. Jazz waard mear symfoanysk en minder brassbandeftich, mei artysten as Frank Sinatra, Bing Crosby, Doris Day, Judy Garland en Nat King Cole. Nije muzyksoarten as rockabilly en rock 'n roll waarden populêr, mei artysten as Chuck Berry, Fats Domino, Little Richard, Bo Diddley, Buddy Holly, Jerry Lee Lewis en Elvis Presley. Op it wite doek makken yn 'e fyftiger jierren sokke aktrises karriêre as Marilyn Monroe, Brigitte Bardot, Lauren Bacall, Doris Day, Ava Gardner, Rita Hayworth, Audrey Hepburn, Katharine Hepburn, Grace Kelly, Sophia Loren, Shirley MacLaine, Jayne Mansfield en Ginger Rogers. Manlike akteurs fan namme wiene û.m. Fred Astaire, Humphrey Bogart, Marlon Brando, Yul Brynner, Gary Cooper, Errol Flynn, Cary Grant, Charlton Heston, Rock Hudson en John Wayne.
Wichtichste foarfallen
bewurkje seksje- 10 jannewaris - De Sovjet-Uny stelt in boycot yn fan 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes, om't it foarsitterskip dêrfan oergiet op 'e Republyk Sina (Taiwan), wylst de kommunistyske Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes net erkend wurdt.
- 7 febrewaris - De Amerikaanske senator Joseph McCarthy fart yn 'e Amerikaanske Senaat út tsjin 'e kommunisten dy't neffens him it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken dominearje soene. Dit is in nije oplibbing fan 'e Twadde Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten en teffens fan 'e heksejacht op kommunisten yn alderhanne parten fan 'e Amerikaanske maatskippij.
- 3 maart - It ûnder Frânsk bestjoer steande Protektoraat Saarlân kriget binnenlânsk selsbestjoer.
- 12 maart - By it referindum oer de Keningskwestje stimt yn Belgje in romme mearderheid fan 'e befolking foar de weromkear út ballingskip fan 'e troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III.
- 14 april - Yn Nederlân wurdt Van Doorne's Automobielfabriek (DAF) iepene.
- 24 april - Op Ambon wurdt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken útroppen.
- 7 maaie - De Sineeske Boargeroarloch einiget mei in oerwinning fan 'e kommunisten en de konsolidaasje fan 'e Folksrepublyk Sina op it Sineeske fêstelân. De nasjonalisten en harren Republyk Sina binne weromkrongen op it eilân Taiwan.
- 6 juny - Poalen en de DDR slute in oerienkomst wêryn't beide lannen de Oder-Neissegrins erkenne as de ynternasjonale grins tusken harren respektivelike grûngebieten.
- 25 juny - Noardkoreaanske troepen falle Súd-Koreä binnen: it begjin fan 'e Koreaanske Oarloch.
- 15 augustus - By in swiere ierdbeving yn Assam en Tibet komme 1.500 oant 3.300 minsken om.
- 7 july - Mei de oanname troch it parlemint fan Súd-Afrika fan 'e Wet op de Groepsgebieten (Group Areas Act) wurdt in begjin makke mei it ynstitúsjonalisearjen fan rasseskieding en rasistyske diskriminaasje yn in systeem dat de namme apartheid kriget.
- 8 july - Yn ôfwêzichheid fan 'e ôffurdige fan 'e Sovjet-Uny (dy't de gearkomsten sûnt jannewaris boycot) kin de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes sûnder swierrichheden de gearstalling fan in ynternasjonale troepemacht ûnder de flagge fan 'e Feriene Naasjes goedkarre, dy't oan Súdkoreaanske kant ynterveniëarje moat yn 'e Koreaanske Oarloch.
- 22 july - De troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III fan Belgje keart op fersyk fan it Belgyske parlemint werom út ballingskip. Dat liedt ta grutskalige demonstraasjes fan boargers dy't it dêr net mei iens binne.
- 26 july - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen ûntbynt formeel it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL).
- 27 july - De Amerikaanske presidint Harry Truman ûnthjit Chiang Kai-shek, de presidint fan 'e Republyk Sina (Taiwan), militêre bystân yn it gefal fan in ynvaazje fan Taiwan troch de Folksrepublyk Sina.
- 15 septimber - Operaasje Chromite, wêrby't Amerikaanske troepen ûnder lieding fan generaal Douglas MacArthur in lâningsoperaasje útfiere yn 'e neite Inchon, efter de Noardkoreaanske linys, liedt ta in omkear yn 'e Koreaanske Oarloch.
- 21 oktober - By de Sineeske ynfal yn Tibet kringe troepen fan 'e Folksrepublyk Sina it ûnôfhinklike Tibet yn, dat dêrnei troch Sina anneksearre wurdt.
- 26 oktober - De opmars dy't troepen fan Súd-Koreä, de Feriene Steaten en de Feriene Naasjes yn it ramt fan 'e Koreaanske Oarloch troch Noard-Koreä meitsje, berikt de Sineeske grins.
- 27 oktober - 'Frijwilligers' fan it Folksbefrijingsleger fan 'e Folksrepublyk Sina minge har oan 'e kant fan Noard-Koreä yn 'e Koreaanske Oarloch.
- 1 novimber - Twa Portorikaanske nasjonalisten, Griselio Torresola en Oscar Collazo, dogge in moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Harry Truman.
- 4 novimber - It leger fan Yndoneezje feroveret it eilân Ambon op 'e Republyk fan de Súd-Molukken.
- 4 jannewaris - Yn 'e Koreaanske Oarloch feroverje Sineeske troepen Seoel, de haadstêd fan Súd-Koreä.
- 18 jannewaris - By in útbarsting fan 'e Mount Lamington komme yn 'e Australyske koloanje Papoea, op eastlik Nij-Guineä, 3.000 minsken om.
- 12 maaie - Yn 'e neite fan it atol Eniwetok, yn 'e Marshalleilannen, hâlde de Feriene Steaten de earste proef mei in wetterstofbom.
- 18 april - Yn Parys wurdt de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel oprjochte troch de Benelúks-lannen, Frankryk, West-Dútslân en Itaalje.
- 7 juny - De lêste deastraffen dy't resultearje út 'e Prosessen fan Neurenberch wurde útfierd.
- 16 july - Yn Belgje docht de troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Boudewyn.
- 21 july - Moard op kening Abdûlla I fan Jordaanje.
- 1 septimber - De Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân slute in militêr bûnsgenoatskip, it ANZUS-pakt.
- 8 septimber - Yn it Amerikaanske San Francisco ûndertekenje 48 lannen it Ferdrach fan San Francisco, wêrmei't se frede slute mei Japan. De Sovjet-Uny, Poalen en Tsjechoslowakije, dy't formeel ek noch yn oarloch binne mei Japan, wegerje lykwols it ferdrach te ûndertekenjen.
- 2 oktober - De earste tillefyzje-útstjoering yn Nederlân.
- 16 novimber - Kneppelfreed. Yn Ljouwert tsjinnet de rjochtsaak tsjin sjoernalisten Fedde Schurer en Tsjêbe de Jong om't se in rjochter belastere hawwe soene dy't him denigrearjend opsteld hie foar de Fryske taal oer. As der in kloft folk gearkomt op it Saailân, ûntstiet der opskuor troch it ûnnedich hurde yngripen fan 'e plysje.
- 27 novimber - Yn 'e Koreaanske Oarloch wurdt in sjitferbod ôfkundige, no't de frontlinys sa goed as wer op it plak fan 'e âlde grins tusken Noard- en Súd-Koreä lizze.
- 4 desimber - Lybje wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch it Feriene Keninkryk en Frankryk.
- 20 desimber - Omaan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 18 febrewaris - Grikelân en Turkije wurde lid fan 'e NATO.
- 10 maart - By in steatsgreep yn Kuba wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint Prio Socarras ôfset en komt generaal Fulgencio Batista oan 'e macht, dy't mei stipe fan 'e Feriene Steaten in faksistyske diktatuer ynsteld.
- 21 maaie - Yn Nederlân wurdt it Amsterdam-Rynkanaal iepene.
- 23 july - By in steatsgreep yn Egypte lûkt in groep hege ofsieren ûnder lieding fan generaal Mohammed Nagyb de macht nei him ta. De groep neamt himsels de 'Frije Ofsieren'.
- 26 july - Kening Farûk fan Egypte docht ûnder twang fan 'e Frije Ofsieren ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Fûad.
- 10 augustus - De Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel trêdet yn wurking.
- 20 oktober - Yn 'e Britske koloanje Kenia wurdt de needtastân útroppen yn ferbân mei de oanboazjende Mau-Mau-rebûlje.
- 4 novimber - Ald-generaal Dwight Eisenhower, de oarlochsheld út 'e Twadde Wrâldoarloch, wint de Amerikaanske presidintsferkiezings.
- 31 jannewaris - De Wettersneedramp, feroarsake troch in kombinaasje fan springtij en noardwesterstoarm, feroarsaket seedyktrochbraken yn ferskate lannen oan 'e Noardseekust, mar benammen yn Nederlân, dêr't de hiele provinsje Seelân der hast ûnder strûpt. Yn Seelân, Súd-Hollân en Noard-Brabân falle 1.835 deaden. Yn it Feriene Keninkryk, dat ek slim te lijen hat, falle 307 deaden.
- 5 maart - Josef Stalin, de lieder fan 'e Sovjet-Uny, komt te ferstjerren. Neitiid makket syn opfolger Nikita Chrûsjtsjov skjin skip mei it stalinisme yn in proses fan 'destalinisaasje'.
- 29 maaie - De Nijseelânske berchbeklimmer Edmund Hillary en de Nepaleeske berchgids Tenzing Norgay berikke as earste minsken de top fan 'e Mount Everest, de heechste berch fan 'e wrâld.
- 17 juny - Yn 'e DDR brekt de Juny-opstân út, in folksrebûlje fan ûntefreden arbeiders, dy't troch de Sovjet-besettingsmacht bloedich delslein wurdt.
- 19 juny - Fûad, de lêste kening fan Egypte wurdt ôfset. De Frije Ofsieren, in militêre gûnta dy't efter de skermen al sûnt july 1952 de macht yn 'e hannen hie, formalisearret syn bewâld. It lân wurdt in republyk en generaal Mohammed Nagyb wurdt de earste presidint fan Egypte.
- 19 juny - It troud pear Julius en Ethel Rosenberg wurdt yn 'e Feriene Steaten eksekutearre foar spionaazje foar de Sovjet-Uny.
- 26 july - In oanfal fan in groepke Kubaanske opstannelingen, ûnder lieding fan Fidel Castro, op 'e Moncada-kazerne by Santiago de Cuba mislearret. Dit is lykwols it begjin fan 'e Kubaanske Revolúsje.
- 27 july - Oan 'e Koreaanske Oarloch komt in ein mei it sluten fan 'e Koreaanske Wapenstilstânsoerienkomst. De grins tusken Noard- en Súd-Koreä leit no nei trije jier fan dea en ferdjer frijwol op itselde plak as tefoaren.
- 8 augustus - De Sovjet-Uny makket bekend as twadde lân de wetterstofbom ûntwikkele te hawwen.
- 20 augustus - Frankryk set sultan Mohammed V fan Marokko ôf en stjoert him yn ballingskip op Korsika. Reden dêrfoar is it oanhâldende oankringen fan 'e sultan op ûnôfhinklikheid fan Marokko, dat in Frânsk protektoraat is.
- 22 oktober - Laos wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 9 novimber - Kambodja wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- desimber - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de earste edysje fan it neakenblêd Playboy publisearre.
- 3 febrewaris - De Tsiende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jeen van den Berg yn in tiid fan 7 oeren en 35 minuten.
- 25 april - Yn Nairobi, de haadstêd fan 'e Britske koloanje Kenia, wurde by in reuseftige razzia 25.000 lju oppakt dy't derfan fertocht wurde dielnimmers of sympatisanten te wêzen fan 'e Mau-Mau-rebûlje.
- 7 maaie - De swiere Frânske nederlaach yn 'e Slach by Dien Bien Phu betsjut de ein fan 'e Earste Yndosineeske Oarloch en liedt dêrmei ta de ûnôfhinklikheid fan Noard-Fjetnam.
- 17 maaie - Yn 'e rjochtsaak Brown v. Board of Education leit it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten unanym it near op rasseskieding yn it ûnderwiis.
- 18-27 juny - By in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA ynstigearre steatsgreep yn Gûatemala wurdt yn dat Middenamerikaanske lân de progressive presidint Jacobo Arbenz Guzmán ôfset en komt foar him yn 't plak in faksistyske militêre diktatuer oan 'e macht.
- 20 july - Noard-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 29 july - It earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy wurdt publisearre. (It twadde diel sil ferskine op 11 novimber fan dit jier, en it trêde diel op 20 oktober 1955.)
- 24 augustus - De Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) wurdt troch de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower ta yllegale organisaasje ferklearre.
- 8 septimber - Yn Manilla, de haadstêd fan 'e Filipinen, wurdt de Súdeastaziatyske Ferdrachsorganisaasje (SEATO) oprjochte (in súdlike wjergader fan 'e NATO), mei as leden de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, de Filipinen, Tailân en Pakistan. Laos, Kambodja en Súd-Fjetnam wolle wol tekenje mar kinne dat net fanwegen oare ferplichtings. Dy trije lannen falle lykwols al ûnder de garânsjes fan it oprjochtingsferdrach fan 'e SEATO. Yndia, Birma, Sry Lanka en Yndoneezje binne wol frege om lid te wurden, mar wegerje dat.
- 9 septimber - By in swiere ierdbeving yn Algerije komme 1.200 oant 1.400 minsken om.
- 29 septimber - Stifting fan it CERN, de ynternasjonale natuerkundige organisaasje yn Switserlân.
- 5 oktober - Mei de dieling fan Triëst komt in ein oan 'e Triëstkrisis, dy't Itaalje en Joegoslaavje op 'e râne fan oarloch brocht hat. De benammen troch etnyske Italjanen bewenne stêd Triëst komt by Itaalje te hearren, wylst it fral troch etnyske Slovenen bewenne efterlân ûnderdiel fan Joegoslaavje wurdt.
- 11 oktober - De orkaan Hazel treft Haïty. Der falle 1.000 deaden.
- 15 oktober - By it Bloedbad fan Kibija rjochtet in spesjale ienheid fan it Israelyske leger, ûnder lieding fan Ariel Sharon, in slachting oan yn it Jordaanske doarp Kibija (of Qibiya). Der wurde 53 ûnwapene boargers fermoarde, wêrûnder in soad froulju en bern.
- 1 novimber - Yn Algerije brekt de bloedige Algerynske Oarloch út, wêrby't Algerynske frijheidsstriders yn opstân komme tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking.
- 14 novimber - Nei in mislearre moardoanslach op 'e Egyptyske premier Gamal Abdel Nasser, wurdt presidint Mohammed Nagyb (dy't dêr efter siet) finzen set. Nasser nimt de macht oer en wurdt presidint.
- 2 desimber - De Feriene Steaten en de Republyk Sina (Taiwan) slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 1 april - Yn 'e Britske koloanje Syprus docht de fersetsbeweging EOKA, dy't de enosis (oansluting) fan Syprus by Grikelân foarstiet, ferskate bomoanslaggen op regearingsgebouwen.
- 12 april - De Amerikaanske wittenskipper Jonas Salk makket de ûntwikkeling fan in faksên tsjin 'e sykte polio bekend.
- 18 april - Yn Hongarije wurdt de moderate premier Imre Nagy ûnder fuotten helle troch 'rjochtsinnige' kommunisten ûnder lieding fan Mátyás Rákosi, de foarsitter fan 'e (kommunistyske) Hongaarske Arbeiderspartij.
- 6 maaie - West-Dútslân wurdt lid fan 'e NATO.
- 14 maaie - De Sovjet-Uny, Poalen, de DDR, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije en Albaanje rjochtsje it Warsjaupakt op.
- 15 maaie - Eastenryk kriget nei in tsienjierrige besetting troch de Alliëarden út 'e Twadde Wrâldoarloch syn soevereiniteit werom. Oars as Dútslân bliuwt it net opdield yn in Westerske en in Eastbloksône. Yn ruil dêrfoar moat it in garânsje ôfjaan dat it in neutrale posysje behâlde sil tusken dy beide bûnsgenoatskippen.
- 2 juny - Nei sân jier fan bittere ferwiten oer en wer fermoedsoenje Joegoslaavje en de Sovjet-Uny harren, hoewol't Joegoslaavje as iennichste kommunistyske lân in selsstannige koerts fart en net weromkeart yn 'e boezem fan it Warsjaupakt.
- 19 augustus - De orkaan Diane treft it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Der falle mear as 200 deaden en der wurdt foar mear as $1 miljard oan skea oanrjochte.
- 26 oktober - Súd-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1 novimber - De Fjetnamoarloch of Twadde Yndosineeske Oarloch begjint as in konflikt tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam.
- 1 desimber - By in ferneamd ynsidint wegeret de swarte frou Rosa Parks yn in bus yn Montgomery (Alabama), yn it suden fan 'e Feriene Steaten, om har plak ôf te stean oan in blanke mei-passazjier as hja dêrta sommearre wurdt troch de bussjauffeur. Dyselde skillet dêrop de plysje, dy't Parks arrestearret .
- 5 desimber - De Amerikaanske Boargerrjochtebeweging stelt de Busboycot fan Montgomery yn.
- 1 jannewaris - Sûdaan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en Egypte.
- 14 febrewaris - By de Alfde Alvestêdetocht komme Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Anton Verhoeven en Maus Wijnhout as earsten oer de einstreek yn in tiid fan 8 oeren en 46 minuten. Om't dielde oerwinnings troch de Feriening De Fryske Alve Stêden nei 1940 ferbean wiene, wurde hja lykwols net as winners erkend. Offisjeel is der by dizze Alvestêdetocht gjin winner.
- 10 maart - Aartsbiskop Makarios III, de lieder fan it anty-koloniale ferset yn 'e Britske koloanje Syprus, wurdt troch de Britten ferballe nei in oare Britske koloanje, de Seysjellen.
- 20 maart - Tuneezje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 7 april - Marokko wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 19 april - Yn Monako wurdt it houlik sletten fan prins Reinier III en de Amerikaanske aktrise Grace Kelly.
- 28 juny - Yn 'e Poalske stêd Poznań brekt in opstân út ûnder arbeiders. Dy wurdt noch deselde jûns delslein troch it Poalske leger, wêrby't 50 oant 80 arbeiders deade wurde.
- 30 juny - By de fleanramp boppe de Grand Canyon komme in Douglas DC-7 fan United Airlines en in Lockheed L-1049 Super Constellation fan TWA boppe de Grand Canyon, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, mei-inoar yn botsing. Alle 128 ynsittenden fan beide fleantugen litte dêrby it libben.
- 26 july - De Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser kundiget de nasjonalisearring fan it Suëzkanaal oan. Dit liedt ta de saneamde Suëzkrisis, om't it Feriene Keninkryk en Frankryk dizze gong fan saken net akseptearje.
- 24 augustus - Yn Nederlân wurdt de Greet Hofmans-affêre ôfsletten.
- 23 oktober - Yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest rint in grutte demonstraasje út op in folksopstân tsjin 'e Sovjet-oerhearsking: it begjin fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956.
- 24 oktober - De earder yn ûngenede fallen Imre Nagy wurdt troch de Hongaarske opstannelingen wer ta premier makke.
- 29 oktober - De Suëzkrisis liedt ta de Suëzoarloch: Israelyske troepen falle Egypte binnen.
- 31 oktober - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch falle it Feriene Keninkryk en Frankryk Egypte oan.
- 1 novimber - It Reade Leger falt it opstannige Hongarije binnen.
- 4 novimber - Sovjet-troepen slane nei 13 dagen mei grou geweld de Hongaarske Opstân del. Tûzenen Hongaren flechtsje nei it Westen. Premier Imre Nagy moat ôftrede. János Kádár foarmet in nij regear, dat trou is oan 'e Sovjet-Uny.
- 6 novimber - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch lânje Britske en Frânske troepen yn Egypte en feroverje de havenstêd Port Saïd.
- 23 novimber - Yn in resolúsje dêr't sawol de Feriene Steaten as de Sovjet-Uny foar stimme, easket de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes dat Israel, it Feriene Keninkryk en Frankryk fuortendaliks en sûnder betingsten de Suëzoarloch beëinigje en al harren troepen út Egypte weromlûke.
- 2 desimber - Fidel Castro keart út Meksikaanske ballingskip werom nei Kuba en begjint dêr in guerriljastriid tsjin it bewâld fan diktator Fulgencio Batista.
- 3 desimber - It Feriene Keninkryk en Frankryk jouwe belies ûnder swiere druk fan û.m. de Feriene Steaten, en beslute ta de weromlûking fan harren troepen út Egypte.
- 21 desimber - Nei 381 dagen liedt de Busboycot fan Montgomery einlings ta de desegregaasje fan it iepenbier ferfier yn 'e Amerikaanske stêd Montgomery (Alabama).
- 22 desimber - De lêste Britske en Frânske troepen ferlitte Egypte, wêrmei't in ein komt oan 'e belutsenens fan dy beide lannen by de Suëzoarloch.
- 1 jannewaris - It Protektoraat Saarlân hâldt op te bestean. It gebiet wurdt feriene mei West-Dútslân en giet fierder as de Dútske dielsteat Saarlân.
- 6 maart - Gana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 8 maart - De lêste Israelyske troepen lûke har ûnder swiere Amerikaanske druk werom út Egypte. Dêrmei komt in ein oan 'e Suëzoarloch.
- 25 maart - Mei it Ferdrach fan Rome rjochtsje de Benelúks-lannen, West-Dútslân, Frankryk en Itaalje de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip op, in foarrinner fan 'e Jeropeeske Uny.
- 29 maart - Aartsbiskop Makarios III, de lieder fan 'e ûnôfhinklikensbeweging yn 'e Britske koloanje Syprus, wurdt frijlitten út 'e Seysjellen, dêr't er troch de koloniale autoriteiten hinne ferballe wie.
- 27 juny - De orkaan Audrey makket it plak Cameron, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, mei de grûn lyk. Der falle likernôch 400 deaden.
- 31 augustus - Maleizje wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 3 septimber - By de talitting fan njoggen swarte learlingen op in earder blanke legere skoalle yn Little Rock, yn 'e Amerikaanske steat Arkansas, wol gûverneur Orval Faubus de Nasjonale Garde ynsette om 'e "oarder te hanthavenjen" (d.w.s. om 'e swarte bern de tagong ta de skoalle te ûntsizzen). Pas nei't de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower federale troepen stjoert en de Nasjonale Garde yn Arkansas ûnder befel fan it Amerikaanske Leger pleatst, bynt de gûverneur yn en kinne de bern nei skoalle.
- 4 oktober - De Sovjet-Uny bringt de Spûtnik 1, de earste keunstmjittige satellyt, yn in baan om 'e Ierde, en lokket dêrmei de Romtewedrin mei de Feriene Steaten út.
- 3 novimber - De Sovjet-Uny bringt de Spûtnik 2 yn in baan om 'e Ierde, mei oan board de earste romtefarder: it hûntsje Laika.
- 23 febrewaris - Egypte en Syrje geane op yn 'e Feriene Arabyske Republyk. It is de bedoeling dy úteinlik ien grutte steat foar alle Arabieren wurde sil.
- 23 maaie - Yn 'e Folksrepublyk Sina begjint de Grutte Sprong Foarút, in mearjierreplan fan Mao Zedong dat ta de kollektivisaasje fan de lânbou en de yndustrialisaasje fan it lân liede moat.
- 17 juny - It wurdt bekend dat premier Imre Nagy en generaal Pál Maléter, de lieders fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956, nei in geheim proses yn Roemeenje terjochtsteld binne.
- 14 july - By in bloedige steatsgreep yn Irak wurde premier Noeri as-Saïd, kening Faisal II fan Irak en in grut tal leden fan 'e keninklike famylje ôfslachte troch de Beweging fan Frije Ofsieren, ûnder lieding fan generaal Abdûl Karim al-Kassem en kolonel Abdûl Salim Arif.
- 5 augustus - De Amerikaanske dûkboat de Nautilus fart as earste ûnder de poalkap fan 'e Noardpoal troch.
- 2 oktober - Guinee wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1 jannewaris - De Kubaanske Revolúsje wurdt foltôge: kommunistyske rebellen ûnder lieding fan Fidel Castro nimme de Kubaanske haadstêd Havana yn. Diktator Fulgencio Batista nimt de wyk nei de Feriene Steaten.
- 2 jannewaris - De Sovjet-Uny lansearret de romtesonde Lûnik 1, dy't as earste de moanne fan deunby ûndersykje sil.
- 3 jannewaris - Alaska wurdt as 49e en foarlêste steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1 febrewaris - It Amerikaanske bedriuw Texas Instruments freget oktroai oan op 'e útfining fan in 'miniaturisearre elektroanysk sirkwy', dat koartwei 'chip' neamd wurdt.
- 3 febrewaris - De Deis Dat de Muzyk Stoar: by in fleantúchûngemak te Clear Lake, yn Iowa, komme rock 'n rollstjerren Buddy Holly, Ritchie Valens en The Big Bopper (J.P. Richardson) om.
- 22 febrewaris - It Feriene Keninkryk, Grikelân en Turkije slute in oerienkomst oer de takomst fan Syprus. De trije lannen wurde it deroer iens dat it eilân net oansletten wurde sil by Grikelân, mar ynstee in ûnôfhinklike republyk wurde sil.
- 10-21 maart - De Folksrepublyk Sina slacht de Tibetaanske Opstân del. De 14e Dalai Lama moat de wyk nimme nei Yndia, dêr't er yn Dharamsala in regear-yn-ballingskip oprjochtet.
- april - Wettersneed yn Oerûguay: de Rio Negro oerstreamt. In grut diel fan it lân strûpt derûnder.
- 28 maaie - De Feriene Steaten lansearje in romtekapsule mei oan board de sjimpansee Ham.
- 21 augustus - Hawaï wurdt as 50e Amerikaanske steat opnommen yn 'e Feriene Steaten.
- 26 septimber - It Japanske haadeilân Honsjû wurdt troffen troch tyfoan Vera. Der komme 5.098 minsken om en 1,5 miljoen lju reitsje dakleas.
- 6 oktober - De Sovjet-romtesonde Lûnik 3 nimt de earste foto's fan 'e efterkant fan de moanne.
- 1 novimber - Yn 'e Belgyske koloanje Rûanda jout de oanfal fan etnyske Tûtsys op 'e Hûtû-politikus Dominique Mbonyumutwa oanlieding ta in pogrom fan 'e Hûtû-mearderheid tsjin 'e Tûtsy-minderheid dy't de Wyn fan Ferneatiging neamd wurdt. Dit is it begjin fan desennia fan ynteretnysk geweld yn Rûanda, dat yn 1994 syn hichtpunt berikke sil yn 'e Rûandeeske Genoside.
- 2 desimber - De Mapassetdaam, in keardaam yn súdlik Frankryk, bejout it. De resultearjende wetterfloed treft it plak Fréjus, dêr't 412 deaden falle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|