Sokpop
In sokpop is de beneaming foar in soarte fan hânpop, wêrby't de poppespiler syn hân yn in pop mei in gesicht der op stutsen hat, mei syn fingers beweecht er dan de mûle. De pop hat de foarm fan in sok, en is yn 'e measte gefallen ek selsmakke út in (âlde) sok.
In sokpop sjocht derút as in freonlik, net-bedriigjend skepsel en wurdt dêrom bytiden troch terapeuten ynset dy't mei jonge bern omgean.
Op ynternet is in sokpop (ek kloon neamd) in persoan dy't as bestraffing útsletten is in beskaat webstee te besykjen, mar as in oar persoan probearret werom te kommen, en trochgiet mei net-winske hâlden en dragen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sock puppets fan Wikimedia Commons. |