Ham (sjimpansee)
Ham (maaie 1957 - 19 jannewaris 1983) wie de earste sjimpansee dy't yn de romte reizge.
Ham | ||
Ham yn syn 'biokapsule' | ||
bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Chang, Astrochimp | |
soarte bist | Sjimpansee (Pan troglodytes) | |
berne | maaie 1957 | |
berteplak | Kameroen | |
deagien | 19 jannewaris 1983 | |
stjerplak | Asheboro | |
reden bekendheid |
Earste sjimpansee yn de romte |
Ham waard op 31 jannewaris 1961 troch de Amerikanen de romte yn sketten. Hy fierde in taak út, sadat syn funksjonearjen yn de romte beöardield wurde koe en syn lichemsfunksjes waarden sekuer byholden op Ierde. Hy lâne 16,5 minuten letter yn de Atlantyske Oseaan. Dat barde fjouwer jier nei't de Russen harren hûn Laika de romte yn brocht hiene. Oars as Laika oerlibbe Ham de romteflecht wol. Yn tsjinstelling ta de Russen brûkten de Amerikanen primaten by har' testflechten, om sa goed at koe de effekten fan ferbliuwe yn de romte op it minsklik lichem foarsizze te kinnen. De Amerikanen hiene earder al, mei wikseljend sukses resusaapkes en deadskopaapkes yn de romte brocht.
Ham waard yn it wyld berne yn Kameroen, dêr't er troch syn fangers Chop Chop Chang.[1][2] neamd waard. Hy waard yn 1959 kocht troch de United States Air Force en waard grut yn it Holloman Arospace Medical Center. Dêrfandinne ek syn nije namme (H-A-M). Ham waard op de romtereis taret troch de Amerikaanske psycholooch Joseph Brady, dy't earder ek oare apen foar romtereizen treend hie.[3] Hy waard lansearre mei in Mercury MR-2-raket yn it ramt fan it Mercury-projekt. Nei syn romte-aventuer libbe Ham noch 17 jier yn de nasjonale dieretún fan Washington D.C. en dêrnei yn in bistetún yn Noard-Karolina. Dêr stoar die yn de âldens fan 25 jier oan problemen mei syn hert. Hy waard beïerdige nei obduksje, sûnder syn skelet, by de Space Hall of Fame yn Alamogordo (Nij-Meksiko). Kolonel John Stapp hold in lofrede by de betinkingstsjinst. It skelet bedarre yn de kolleksje fan it National Museum of Health and Medicine.
Twaenheale moanne nei de flecht fan Ham, op 12 april 1961, lansearren de Russen Joeri Gagarin as earste minske de romte yn. Noch in moanne letter, op 5 maaie 1961, wie Alan Shepard de earste Amerikaan yn de romte.
-
De kommandant fan de USS Donner fûstket mei Ham nei syn weromkear út de romte
-
Ham krijt in apel fuort nei de lâning
-
Hams grêf by it New Mexico Museum of Space History yn Alamogordo, Nij Meksiko
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Pictures from the NASA Life Sciences Data Archive
- Who2 profile: Ham the Chimp
- Animal Astronauts
- Trailblazer in Space Newsreel/Documentary about Ham at archive.org
- In Praise of Ham the Astrochimp in LIFE
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ham (Pan troglodytes) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|