Radio
Radio is triedleaze telegrafy of telefony wêrmei't elektromagnetyske sinjalen op beskate frekwinsjes stjoerd of ûntfongen wurde kinne. Yn it deistich taalgebrûk wurdt mei it wurdsje radio ek wol it radiostasjon/radio-omrop of it radiotastel bedoeld. De radio waard yn 1909 yntrodusearre as massamedium.
By ynternetradio wurdt gjin gebrûk makke fan radioweagen, mar fan de ynternetferbining tusken kompjûters. It kin wol wêze dat de ferbining tusken twa kompjûters triedleas is; foar sa'n ferbining wurde radioweagen wol brûkt.
It ark
bewurkje seksjeOm radio te meitsjen moat de stjoerder in mikrofoan en kodearmasine (oskillator) en antenne ha. De oskillator set it lûd fan de mikrofoan om yn in elektrysk sinjaal dat fia in antenne ferstjoerd wurdt. Dat omsetten wurdt modulaasje neamd. De modulaasjes dy't it meast brûkt wurde binne amplitudemodilaasje (AM) en frekwinsjemodulaasje (FM).
De ûntfanger/radiotastel hat in antenne en lokale oskillator en lûdsprekker. De antenne kin meastentiids AM en FM modulaasje ûntfange. De lokale oskillator kin it elektryske sinjaal dan weromsette nei in lûd dat út de lûdsprekker komt.