Orkaan

(Trochferwiisd fan Tyfoan)

In orkaan is in swiere tropyske stoarm, wêrfan't de faasje fan 'e wyn boppe de orkaandrompel, wynkrêft 12, útkomt. In orkaan ûntstiet út in oanboazjende tropyske stoarm, dy't him wer út in tropyske depresje ûntwikkele hat.

Orkaan Elena yn 'e Golf fan Meksiko, 1 septimber 1985. Foto: NASA.
Sykloan wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: sykloan (betsjuttingsside).

De wittenskiplike term foar in orkaan is tropyske sykloan, mei't sa'n waarsysteem in wynstil 'each' hat dêr't de stoarm om hinne draait. Dit is ek de oantsjutting dy't foar orkanen brûkt wurd yn it gebiet fan 'e Yndyske Oseaan.

Yn it gebiet fan 'e Atlantyske Oseaan en de eastlike Stille Oseaan wurdt lykwols oer it algemien fan in orkaan sprutsen. It Fryske wurd 'orkaan' is fia it Nederlânske orkaan, it Ingelske hurricane en it Spaanske huracán ôfkomstich út 'e taal fan 'e Taïno-Yndianen fan Porto Riko. Dy leauden nammentlik dat de god Jurakán de machten fan it kwea regearre fanôf syn residinsje op 'e Lytse Antillen, dêr't syn grime út en troch oanwoeks ta orkaanwinen.

Yn 'e westlike Stille Oseaan neamt men sokke swiere stoarmen net 'orkaan', mar tyfoan of taifoen. It Fryske wurd 'tyfoan' komt út it Sineesk, fan tai fung, "grutte wyn" (Ferienfâldige Sineesk: 台风; Tradisjoneel Sineesk: 颱風; pinyin-transliteraasje: táifēng), of mooglik út it Perzysk, fan word توفان, tūfān, "stoarm". It wurdt mooglik achte dat sawol de Sineeske as de Perzyske foarm oarspronklik fan it Aldgrykske Τυφῶν, Tuphôn komme, dat in reus út 'e Grykske mytology wie dy't sizzenskip oer de wyn hie.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Orkanen kinne ûntstean yn 'e tropen en subtropen (oant likernôch de 35ste breedtegraad), fral yn 'e yntertropyske konverginsjesône, mar net te ticht oan de evender, mei't dêr it Corioliseffekt te swak is. In orkaan is per definysje in tropyske depresje, dy't al neigeraden syn krêft in tropyske stoarm wurde kin of in orkaan, tyfoan of sykloan. In stoarm sûnder tropyske skaaimerken, dy't boppe de orkaandrompel komt, wurdt yn wittenskiplike termen gjin orkaan neamd, mar in (ekstra-tropyske) stoarm mei orkaankrêft. Alle tropyske depresjes, dus ek orkanen, foldogge oan trije skaaimerken:

  1. genôch atmosfearyske konfeksje, wat sizze wol dat der in sterke fertikale opstiging fan waarme lucht plakfynt;
  2. in sletten sirkulaasje, wat sizze wol dat se folslein rûn binne en net ûnderbrutsen wurde troch in front;
  3. in waarme kearn: de waarmste lucht sit yn it each fan de depresje.

Orkanen wurde neffens de skaal fan Saffir-Simpson nei sterkte klassifisearre yn fiif kategoryen, wêrby't orkanen fan 'e earste kategory relatyf licht binne, wylst orkanen fan 'e fyfde kategory tige swier binne.

Nammejouwing

bewurkje seksje

Tropyske stoarmen en orkanen wurde sûnt 1945 offisjeel beneamd mei minsklike foarnammen, dy't sadanich keazen wurde dat se by waarsfoarsizzings en warskôgings de kommunikaasje tusken meteorologen en it publyk makliker meitsje. Sokke nammen ferminderje de betizing dy't ûntstean kin as de mear as ien orkaan tagelyk yn in beskate regio aktyf is, wat frij geregeldwei foarkomt. Dizze nammejouwing giet werom op 'e yn it Karibysk Gebiet al iuwenlang gebrûklike ferneaming fan orkanen nei de hillige op waans nammedei se taslane, krekt sa't yn Nederlân lange tiid stoarmfloeden ferneamd waarden nei de hilligen op waans nammedei se foarfoelen (lykas de Sint-Julianafloed en de Sint-Martensfloed).

De Australyske meteorolooch Clement Wragge wie de earste dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw famkesnammen brûkte foar tropyske stoarmen, en nei de Twadde Wrâldoarloch waard dat oernommen yn it Karibysk Gebiet, wêrby't de nammen yn alfabetyske folchoarder tapast wurde. Eltse stoarm mei teminsten wynkrêft 8 kriget syn eigen namme. Sûnt 1978 wurde, nei protesten út feministyske hoeke, om en om famkes- en jongesnammen brûkt. Yn East- en Súdeast-Aazje (Fjetnam, Japan, Sina, Súd-Koreä, Tailân en Taiwan) wurde foar tyfoanen nammen fan âlde goaden en goadinnen brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: