Tropyske stoarm
In tropyske stoarm is stoarm dy't fuortkomt út in tropyske depresje mei in tige sletten syklonale sirkulaasje en in maksimale wynfaasje fan 34 oant 63 knopen. Sa'n waarsysteem kin al binnen ien dei ôfswakje ta in ûndjippe depresje en dêrnei noch grutte ôfstannen ôflizze, mar it kin ek folslein oplosse. As de stoarm him lykwols organisearret, sil de druk yn it sintrum fluch omleech gean, wylst dêromhinne in relatyf smelle bân ûntstiet mei hege wynkrêft en in spiraalfoarmich patroan fan wolkens en delslach yn 'e rjochting fan it sintrum. De stoarm kin dan eventueel útgroeie ta in tropyske sykloan, yn 'e folksmûle in orkaan.
De ûntwikkelingsstadia fan in tropyske sykloan binne:
- tropyske steuring
- tropyske depresje
- tropyske stoarm
- tropyske sykloan (orkaan)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch: dizze side. |