Skaal fan Saffir-Simpson

De skaal fan Saffir-Simpson of de Saffir-Simpson Hurricane Scale, ôfkoarte ta SSHS, is in klassifikaasjesysteem dat yn 'e meteorology hantearre wurdt om orkanen (yn wittenskiplike terminology: tropyske sykloanen) nei harren krêft yn te dielen. Dit systeem wurdt brûkt om ûnderskie te meitsjen tusken orkanen dy't net mear as krêftich binne en guons dy't wier alles op har paad ferwuostgje. It is yn 1969 opsteld troch twa Amerikanen: Herbert Saffir, in saakkundige op it mêd fan stoarmskea oan gebouwen, en Bob Simpson, de direkteur fan it National Hurricane Centre.

Herbert Saffir (rjochts).

De skaal fan Saffir-Simpson wurdt brûkt om in ynskatting te meitsjen fan mooglike skea as in orkaan de kust berikt. Dêrby wurdt de te ferwachtsjen skea kombinearre mei wynkrêft en stoarmfloed om in orkaan te beoardieljen. It systeem bestiet út fiif kategoryen, wêrfan't kategory 1 it lichtste is en kategory 5 it swierste. Hjirby moat oantekene wurde dat der gjin ferbân bestiet tusken de omfang fan in orkaan en de krêft dy't er hat, en dus likemin tusken de omfang en de skea dy't er oanrjochtsje kin. Guon tige grutte orkanen kinne nammentlik relatyf ûnskeadlik wêze, wylst guon lytsen tige ferwuostgjend wêze kinne.

kategory wynfaasje yn km/o wynfaasje yn m/s wynfaasje yn knopen (kt) stoarmfloed yn m luchtdruk yn 'e kearn yn mbar
kategory 1 119–153 km/o 33–42 m/s 64–82 kt 1,2 – 1,8 m 980–989 mbar
kategory 2 154–177 km/o 42–49 m/s 83–95 kt 1,8 – 2,4 m 965–979 mbar
kategory 3 178–209 km/o 50–58 m/s 96–113 kt 2,4 – 3,7 m 945–964 mbar
kategory 4 210–249 km/o 59–69 m/s 114–135 kt 3,7 – 5,5 m 920–944 mbar
kategory 5 ≥ 250 km/o ≥ 70 m/s ≥ 136 kt > 5,5 m < 920 mbar

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.