Suëzkrisis
(Trochferwiisd fan Suëzoarloch)
De Suëzkrisis of Twadde Arabysk-Israelyske Oarloch, fan 1956 wie in wapend konflikt oer it besit en de tagong fan it Suëzkanaal. It gefolch wie in oarloch yn de Sinaï tusken Egypte oan de iene kant en Israel, mei it Feriene Keninkryk en Frankryk oan de oare kant. By it konflikt sneuvelen 1600 Egyptners en 215 soldaten fan de oare trije lannen dy't derby belutsen wienen. De gefjochten wienen fan 31 oktober oant en mei 5 novimber 1956, de Israelyske besetting fan de Sinaï-woastyn en de Gazastripe waard yn maart 1957 opheft. De Suëzkrisis wurdt meastentiids sjoen as it definitive ein fan Frankryk en it Feriene Keninkryk as grutmachten.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Wichtige persoanen yn it konflikt
bewurkje seksje- Guy Mollet, premier fan Frankryk.
- Anthony Eden, premier fan Grut-Brittanje.
- John Foster Dulles, minister fan Bûtenlânske Saken fan de Feriene Steaten.
- Gamal Abdel Nasser, presidint fan Egypte.
- David Ben Gurion, premier fan Israel.
- Nikita Chroesjtsjov, Sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny