Elvis Aaron Presley (Tupelo (Mississippy), 8 jannewaris 1935Memphis (Tennessee), 16 augustus 1977) wie in Amerikaansk sjonger, akteur en sekssymboal. Hy sette yn 1954 as njoggentjinjierrige útein mei in muzikale karriêre, en wie in iere fertsjintwurdiger fan it rock and roll-sjenre. Syn enerzjike fertolkings fan lieten en syn seksueel provokative styl fan optreden makken him mank de jongerein sa populêr, dat er meitiid bekend kaam te stean as de King of Rock and Roll. Foar de âldere generaasjes wied er in folle kontroversjeler figuer. Nettsjinsteande dat, hie Presley in ûnbidich grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan 'e popmuzyk yn 'e tweintichste iuw, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar yn 'e hiele wrâld. Hy wûn trije Grammy Awards en krige al mei 36 jier de Grammy Lifetime Achievement Award, in oeuvrepriis, taparte. Doe't er âlder wie, rekke er ferslave oan pinestillers. Yn 1977 kaam er hommels te ferstjerren doe't er 42 jier wie, wat tige by tige bydroech oan 'e mytefoarming om syn persoan hinne. Noch altyd binne der fans dy't stiiffêst leauwe dat Presley noch libbet.

Elvis Presley
sjonger en/of muzikant
Elvis yn 1970
Elvis yn 1970
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elvis Aaron Presley
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 8 jannewaris 1935
berteplak Tupelo
stoarn 16 augustus 1977 (42 jier)
stjerplak Memphis
wurkpaad
sjenre Rock
Pop
Blues
Country
Gospel
Rock-'n-roll
Rockabilly
R&B
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Stim, gitaar, piano
jierren aktyf 1954-1977
offisjele webside
Profyl IMDb

Jonge jierren

bewurkje seksje

Elvis Aaron Presley waard berne yn in lyts húske op Saltillo Road yn Eastlik Tupelo. Hy wie de jongste fan in twilling, mar syn broerke Jesse Garon komt dea op de wrâld. Jesse Garon wurdt de oare deis begroeven op it Priceville begraafplak yn Tupelo. Elvis wie de soan fan Vernon Elvis Presley en Gladys Love Smith; beide âlden kamen út in ienfâldige húshâlding. De Presleys libben yn earmoede, it ienichste fersetsje foar harren wie op besite gean by famylje en nei tsjerke gean. De famylje giet nei tsjerke by de First Assembly of God.

Op 3 oktober 1945 die de jonge Elvis mei oan in talintejacht op de jierlikse Mississippi–Alabama Fair and Dairy Show. Hy einige op in twadde plak. Meidat syn heit in soad fan hûs wie krige Elvis in sterke bân mei syn mem. Op 8 jannewaris 1946 krige Elvis op syn jierdei in gitaar fan syn âlden. Syn omke Vester learde him it gitaarspyljen. Yn de tiid dat Elvis syn earste muzyknoatsjes spile kaam de beppe fan Elvis ek by de Presleys te wenjen. It wie ekstra mage dy't fold wurde moast. Yn dy perioade kaam Elvis in soad yn oanrekking mei ferskillende soarten muzyk. De Presleys wennen flakby in swarte wyk en Elvis makke sa kennis mei de Blues. Elvis wie ek regelmjittich te finen by tsjerketsjinsten. Dy ferskillende ynfloeden hienen harren ynfloed op yn syn muzyk.

 
Elvis yn de klip fan Jail house rock
 
Elvis en kolonel Tom Parker (1969)

Yn septimber 1948 ferhuzen de Presleys. Se gongen nei Memphis; se foenen dêr in tydlik plak om te wenjen. Elvis makke syn skoalle ôf op de Humer Jr. High. Yn 1949 krigen de Presleys in fêst wenplak. Se krigen in appartemint yn Lauderdale Courts op Winchester Avenue. Mem en Elvis namen in bybaan om alles betelje te kinnen. Mem gie út wurkjen as servearster en Elvis as steward yn in teäter. Meidat Elvis oant hiel let yn 'e nacht wurkje moast, foel er op skoalle gauris yn sliep. Dêrom liet syn mem him wer ophâlde mei wurkjen.
Elvis wie op skoalle in bysûndere jonge. It jild dat er hie waard bestege oan opfallende klean. Ek hie Elvis útsûnderlik lang hier foar dy tiid. Op skoalle waard er narre. Gelokkich krige er in maat dy’t holp om it narjen te stopjen. Delbert West waard op dy manier in maat foar it libben. Op 3 juny 1953 helle Elvis syn diploma. Fuort de folgjende deis begûn er by de Parker Machinists shop.

Yn de simmer fan 1953 begûn de sjongkarriêre fan Elvis. Hy stapte binnen by de SUN Memphis Recording Servis. Dit bedriuw wie fan Sam Phillips. Hy naam twa ferskes op My happiness en That’s when your heartaches begin. Marion Keisker wie oanwêzich en seach wol wat yn Elvis. Sy sette in part fan de ferskes op bân en skreau syn tillefoannûmer op en syn adres. Yn septimber 1953 feroare Elvis fan baan. Hy wurke in skoftke by Precision Tool, mar stapte al rillegau oer nei Crown Elecric. Yn jannewaris stapte Elvis wer binnen by de Memphis Recording Studio Service. Hy naam Casual love affair en I'll never stand in your way op. Hy hie doe ek syn earste moeting mei Sam Phillips. Yn de simmer fan 1954 naam Sam kontakt op mei Elvis. Se beaen him in kontrakt oan. Elvis waard yn kontakt brocht mei Scotty Moore en Bill Black. Op 5 juny doeken dy trije de studio yn.

De earste dagen yn de studio woe it net echt slagje. De muzyk dy’t se spilen wie net fernijend. Oant Elvis in tal ferskes yn in heger tempo song. Troch it hegere tempo ûntstie der in nije muzykstyl. It wie in mingeling fan swarte en blanke muzyk. Op 19 july 1954 waard de single `That's allright` en `Blue moon of Kentucky` offisjeel útbrocht. It earste konsert dat se joegen wurdt in grut sukses. It publyk waard entûsjast.

It hichtepunt

bewurkje seksje

It gie doe hurd mei de karriêre fan Elvis. Hy moete Kolonel Tom Parker, dy't berne wie as Nederlanner en dy't Dries van Kuijk hiet. Dy man waard op 15 augustus syn manager en soe dat de rest fan syn libben bliuwe. Op 20 novimber tekenet Elvis in kontrakt foar 35.000 dollar. Elvis waard hieltyd bekender. Hy kaam ferskillende kearen op de telefyzje. Op 6 april 1956, by it ferske ‘Hound Dog’ gongen alle remmen los. Alle minsken yn it hiele lân seagen de ferneamde heupbewegingen fan Elvis. De measte jongelju fûnen it geweldich, mar âlderen fûnen it in skande. Der wienen sels prysters dy't in banflok útsprutsen. Dat hâld Elvis net tsjin om in film op te nimmen. Op 23 augustus 1956 naam er de film: `Love me Tender` op. It wie it begjin fan in hiele rige films.

 
Graceland

Yn maart 1957 koft Elvis Graceland. Yn dy perioade krige Elvis in oprop foar it leger. Elvis fûn dat mar neat. Hy wie bang dat sa'n ûnderbrekking de ein is fan syn karriêre betsjutte soe. Mar hy moast wol. Hy waard dan soldaat nûmer 53310761. Yn augustus waard syn mem siik. Hy krige noedferlof. Hy bleau twa dagen by syn mem. It like doe wat better mei har te gean. Dêrom gie Elvis nei Graceland om wat ta rêst te kommen, mar dy nacht ferstoar syn mem op 46-jierrige leeftyd. Nei de begraffenis moast Elvis it leger wer yn. Koart dêrnei waard bekend makke dat Elvis oerpleatst waard nei Dútslân. Yn Dútslân moete er Priscilla Ann Beaulieu dy't krekt 14 jier wie. Dochs makke it famke in grutte yndruk op him. Sân jier letter frege hy har om my him te trouwen en sy sei ja. Op 1 maaie 1967 trouden se. Yn de tuskentiid koft Elvis in Ranch krekt oer de grins fan Mississippi, mar it wie mar inkele kilometers fan Graceland ôf. Hy koft de ranch sadat er syn nije hobby útoefenje koe: hynsteride. Op 1 febrewaris 1968 krigen se in dochter. De dochter waard Lisa Marie Presley neamd.

Elvis hie al mear as acht jier net mear live optreden. Hy wie dan ek senuweftich doe't er foar it earst wer optrede moast. Syn earste optreden wie op de N.B.C. It wie in grut súkses. Elvis wie wer hielendal werom. In fjouwer wike tiid joech er 57 konserten. Elvis hie it iene súkses nei it oare súkses. Mar it houlik mei Pricilla wie net mear wat it west hat. Pricilla woe dan ek skiede.

Ein oktober 1973 waard Elvis opnommen yn it sikehûs fan Memphis. Hy hie in longûntstekking en in útsette dikke term en dêrby kaam: hy hie ek noch Hepatitis. Yn jannewaris 1975 waard Elvis wer opnommen, dit kear foar problemen mei syn lever. Yn de tuskentiid waard Elvis ek noch opnommen omdat er finaal ynein wie.

Yn in heech tempo fleach Elvis fan steat nei steat en fersoarge alle moanne tsientallen konserten. It brûken fan ‘uppers’ en ‘downers’, wie foar Elvis hiel gewoan. Elvis wie ferslaafd rekke oan de medisinen. Elvis sliepte faak oerdeis, neidat hy dêr wat foar ynnommen hie. En as hy dan wer wekker wie (dêr't dan ek wer medisinen oan te pas kamen), dan iet er him hielendal sêd mei fet iten. Meastal bestiene de dagen foar Elvis yn dizze perioade út net mear as yn syn badjas sitte, op de wc trochbringe en religieuze boeken lêze. Undertusken joech er opdracht om konserten te organisearjen. Elvis gie allinnich noch de doar út om op te treden.

 
Elvis syn grêf op Graceland.

Elvis ferstoar op 16 augustus 1977 yn Memphis, offisjeel troch in hertoanfal. Mar út lettere autopsy docht bliken dat yn it lichem meardere spoaren sieten fan ferskillende pillen. Hy wie wierskynlik deagong oan in oerdoasis.

Elvis waard earst begroeven yn in famylje-mausoleum op Forest Hill Cemetery, mar nei in besykjen ta ûntfiering waarden syn lichem en dat fan syn mem nei Graceland brocht. Elvis syn grêf wie al gau in beafeartsoard. Yn 1982 is Graceland iepensteld foar it publyk. Alle jierren komme der mear as 600.000 minsken op besite. Yn 2006 is Graceland troch de Amerikaanske oerheid beneamd ta National Landmark.

Fiifentweintich jier nei syn dea stiet de muzyk dy’t Elvis makke hat nog altyd yn 'e belangstelling. It nûmer "A litte les conversation" krige fan Junkie XL in remake. Dat nûmer hat yn grutte dielen fan de wrâld op nûmer ien stien yn de hitlisten.

Albums mei in hitnotearing yn de Nederlânske album top-20/50/100
Titel Datum fan
útbringen
Datum fan
binnenkomst
 Heechste 
posysje
 oantal 
wiken
 Opmerkings 
Almost in love 9-1-1971 43 6
Elvis forever 19-10-1974 1 49
40 greatest hits 4-10-1975 6 28
Moody blue 23-7-1977 6 17
20 fantastic hits 3-9-1977 7 12
A portrait in music 3-9-1977 12 11
In concert 29-10-1977 13 11
Love songs 12-1-1980 18 12
Gospels 24-1-1981 12 10
Guitar man 7-3-1981 19 9
Elvis in Hollywood 28-8-1982 30 5
18 classic love songs 8-2-1986 38 10
The definitive rock 'n roll album 29-8-1987 31 7
The definitive gospel album 5-9-1987 64 4
The definitive country album 5-9-1987 46 4
The definitive love album 5-9-1987 23 7
The essential collection 17-9-1994 14 30
Elvis '56 11-5-1996 51 4
Always Elvis - the Dutch album 19-7-1997 2 18
Platinum (A life in music) 26-7-1997 23 10
Elvis by the Presleys 4-6-2005 52 2
Singles mei hitnoteringen yn eardere hit-listen
 Titel   Datum fan
útbringen
Datum fan
 binnenkomst 
 Heechste 
posysje
Oantal
 notearringen 
(M=moannen)
 Opmerkingen 
One night 4-1959 7 2M
(Now and then there's) A fool such as I 7-1959 15 1M
A big hunk o'love 10-1959 15 1M
Stuck on you 6-1960 10 3M
It's now or never (O sole mio) 10-1960 2 5M
Are you lonesome tonight 1-1961 4 4M
Wooden heart (Muss I denn) 2-1961 1 6M
Surrender 5-1961 3 4M
I feel so bad 8-1961 13 2M
Little sister / (Marie's the name) His latest flame 10-1961 8 5M
Can't help falling in love 3-1962 11 3M
No more 6-1962 26 1M
Good luck charm 6-1962 2 5M
Follow that dream (EP) 7-1962 17 1M
She's not you 11-1962 5 4M
Return to sender 12-1962 5 5M
One broken heart for sale 4-1963 16 2M
Kiss me quick 7-1963 12 4M
(You're the) Devil in disguise 9-1963 1 5M
Bossa nova baby 30-11-1963 8 1
Mexico 7-3-1964 9 2
re-entry 2-5-1964 37 6
Viva Las Vegas 2-5-1964 18 12
Suspicion 30-5-1964 9 12
Kissin' cousins 11-7-1964 15 14
Such a night 8-8-1964 13 14
Ain't that loving you 14-11-1964 23 6
Singles mei in hitnoteringen yn de Nederlânske Top 40
Titel Datum fan
útbringen
Datum fan
binnenkomst
 Heechste 
posysje
 Oantal 
wiken
 Opmerkingen 
Do the clam 3-4-1965 30 5
Crying in the chapel 19-6-1965 13 11
Easy question 7-8-1965 37 2
Love letters 30-7-1966 25 5
Guitar man 30-3-1968 tip
re-entry 14-3-1981 tip
Stay away / U.S. male 20-4-1968 37 2
In the ghetto 21-6-1969 4 15
Clean up your own backyard 6-9-1969 tip
Suspicious minds 25-10-1969 6 11
Don't cry daddy 24-1-1970 23 6
Kentucky rain 7-3-1970 tip
You don't have to say you love me 14-11-1970 tip
I just can't help believin' 22-1-1972 4 11
Burning love 25-11-1972 19 5
Separate ways 3-2-1973 tip
Jailhouse rock 19-1-1974 5 9
Hound dog 30-3-1974 tip
My boy 4-1-1975 9 8
T.R.O.U.B.L.E. 24-5-1975 tip
Hurt 8-5-1976 tip
Moody blue 22-1-1977 14 7
Wooden heart (Muss I denn) re-release 3-9-1977 2 11
Way down 24-9-1977 9 8
My way 17-12-1977 24 4
Are you lonesome tonight (live) 10-1-1981 15 7
re-entry 24-8-1991 tip
Heartbreak hotel 29-8-1987 tip
Love me tender 9-3-1991 tip
Always on my mind 2-8-1997 15 6
Rubberneckin' 27-9-2003 9 6 mei Paul Oakenfold
All shook up 22-1-2005 33 2
One night re-release 22-1-2005 30 2
(Now and then there's) A fool such as I re-release 29-1-2005 34 2