Rock and roll

muzyksjenre

Rock and Roll, ek wol koartwei Rock neamd, is in foarm fan populêre muzyk wêrby't gebrûk makke wurdt fan sang, elektryske gitaar (yn de betide jierren faak ek saksofoan) en drums. Typearjend foar Rock and Roll is de sterke 'afterbeat' (op de 2e en 4e tel fan de 4-fearnsmaat). Rock and Roll ûntstie oan it ein fan de 50-er jierren yn de Feriene Steaten, mar guon eleminten binne al werom te finen yn de rhythm and blues fan de 20-er jierren. De betide rock and roll kombinearret eleminten út de blues, boogie woogie, jazz en rhythm and blues en is fierder beynfloede troch tradisjonele folksmuzyk, gospel muzyk en country and western. Rock and Roll is in foarm fan populêre of popmuzyk

Bill Haley and his Comets meig "Rock Around The Clock" op TV yn 1955