Hongaarske Opstân (1956)

De Hongaarske Opstân wie in massale folksopstân dy't duorre fan 23 oktober oant 10 novimber 1956. De opstân ûntstie spontaan en wie rjochte tsjin it stalinistyske bewâld yn Hongarije.

 
Bylden fan de Hongaarske Opstân

De opstân sette útein as in freedsume demonstraasje fan inkele tûzenen studinten fan de Technyske universiteit fan Boedapest, dy't harren solidariteit toane woenen mei de ynwenners fan it Poalske Poznan, dêr't in bluoddrige opstân yn juny delslein wie. Yn it earstoan waarden (foarsichtige) leuzen roppen oer steun oan de Poalske demonstranten mar neigelang de sfear grimmitiger waard, waarden direkte anti-Sowjetleuzen roppen lykas "Russen nei Ruslân" en "Imre Nagy oan de macht". Wyls hiene tsientûzenen ynwenners fan Boedapest har spontaan oansluten by de studinten, dy't rjochting it parlemint rûnen.
Flaggen mei it steatswapen waarden delhelle en it embleem fan de folksrepublyk derút knipt. De hate reade stjerren op offisjele gebouwen waarden delhelle.

Op it sintrale Heldenplein yn Boedapest waard it stânbyld fan Stalin omfierhelle. Partijlieder Ernő Gerő hâlde op de radio in taspraak wêrtroch't de opstân oplôge, en fan de demonstraasje in revolúsje makke. Gerő neamde de demonstranten folksfijannen dy't de allinnich op út wiene om de "macht fan de arbeidersklasse te ûndergraven" en "de bannen tusken ús partij en de romrofte Sowjet-Uny te ferbrekken".

Koart dêrnei waard der foar it earst sjitten yn Boedapest. It leger begûn oan de opstannelingen wapens út te dielen en demonstranten kuollen harren lilkens op kazernes dêr't leden fan de hate ÁVH (Államvédelmi Hatóság, de geheime plysje) legere wiene. Troch gefjochten mei de opstannelingen waarden de oanwêzige Sowjet-troepen twongen har oant bûten Boedapest werom te lûken.

Oftreden regearing

bewurkje seksje

De regearing koe de situaasje net oan en rôp de Sowjet-Uny te help. De oare dei op 24 oktober foelen betôgers lykwols it parlemint binnen en moast de regearing ôftrede. Ernő Gerő en András Hegedűs, op dat stuit premier, flechten nei de Sowjet-Uny. Imre Nagy waard de nije premier. De opstân like ein oktober, begjin novimber sels te slagjen: de nije regearing trede út it Warsjaupakt en kundige in neutrale status oan om de Sowjet-Uny gjin gesichtsferlies te besoargjen en net it gefoel te jaan dat se bedrige wurde soene. Wylst waarden ek de finzenissen bestoarme en finzenen, wêrûnder kardinaal József Mindszenty befrijd. Fan 28 oktober oant 4 novimber waard der ek net fochten.

Russyske ynfal op 4 novimber

bewurkje seksje
 
Ferneatige T-34-85 tank op it Móricz Zsigmond-plein

De lieding fan de Sowjet-Uny koe lykwols in neutraal en potinsjeel op it Westen rjochte fijannich lân oan de Sowjetgrins net brûke. As earste maatregel waard op 3 novimber in Hongaarske delegaasje ûnder lieding fan minister fan Definsje Pál Maléter, dy't ûnderhanneljen kaam, arrestearre. In dei letter, op 4 novimber 1956, foelen de troepen fan it Warschaupakt it lân binnen, en sloegen de opstân, dy't al mei al 13 dagen duorre hie, del. De licht bewapene opstannelingen koenen net op tsjin de Sowjets dy't mar leafst 17 swierbewapene difyzjes ynsetten. Boedapest waard omsingele en de tanks rieden de strjitten binnen. Hongaren besochten se mei Molotovcocktails op te kearen, wylst de radio hieltiten yngeander it Westen om help frege. By de gefjochten kamen nei skatting fiifentweintichhûndert Hongaarske boargers om it libben. It oantal deaden oan de side fan de Sowjet-Uny wurdt rûsd op hast achthûndert.

Ynternasjonale reaksjes

bewurkje seksje

Op ynternasjonaal nivo wienen de reaksje op de ynfal fan de Sowjet-Uny heftich, mar úteinlik net botte trochtaastend. Der wiene wrâldwiid protesten yn haadstêden. De Amerikaanske presidint Dwight D. Eisenhower doarde him net yn it konflikt te mingen út eangst foar in eskalaasje fan it konflikt dat liede kinne soe ta in oarloch tusken de Sowjet-Uny en de Feriene Steaten. Hongarije hearde ommers ûnbetwiste ta de offisjeus troch de Feriene Steaten erkende ynfloedssfear fan de Sowjet-Uny, en grinze boppedat oan dit lân. Men fermoede dat de Sowjet-Uny dêrom militêre assistinsje oan de opstân net akseptearje soe, en mooglik hurd werom slaan soe.

In oare belemmerjende faktor wie de ynfal yn Egypte en besetting fan it Suezkanaal troch Israel, Grut-Brittanje en Frankryk. Diels waard de oandacht fan it Hongaarske konflikt ôflaat, diels ûntnom it de belutsen naasjes it morele gesach om de Sowjet-ynfal yn felle bewurdings te feroardielen, en eventueel aksje te ûndernimmen.

By de opstân rôp Radio Free Europe (RFE) de Hongaarske befolking op om har te fersetten. RFE wie in troch it westen ûndersteund radiostasjon dy't him rjochte op de befolking fan de satellytsteaten fan de Sowjet-Uny. Efterôf krige it stasjon de krityk dat se de yndruk jûn hawwe soenen dat de NAFO of de Feriene Naasjes Hongarije te help komme soene, en dat dêrom de opstannelingen trochfjochtsjen bleaune.

Nederlân besluet yn reaksje op de ynfal de Olympyske Spullen yn Melbourne te boykotten. Ek Spanje en Switserlân keazen hjirfoar.

De opstân koste tûzenen it libben en mear as 150.000 Hongaren sloegen op de flecht. Premier Nagy flechte nei de Joegoslavyske ambassade. Doe't hy dizze ferlitte woe waard hy lykwols finzennomd. Nei in proses waard hy yn juny 1958 eksekutearre. Kardinaal József Mindszenty flechte nei de Amerikaanske ambassade. Hy soe dêr fyftjin jier bliuwe. Yn Hongarije sels waarden mear as trettjintûzen minsken finzen setten. Dêrfan binne nei skatting 350 eksekutearre.

Kwa jie regearing wie wat folge in repressyf kommunistysk rezjym ûnder lieding fan János Kádár. Letter waard dit in bytsje ferlichte ("Goulasj-kommunisme"), mar de Hongaren soenen altiten in wrok tsjin him hâlde bliuwe. Yn 1989 moast hy dan ek it fjild romje.

Yn desimber 1991 bea de Sowjet-Uny offisjeel har ekskuses oan foar de ynfal. Dat die se yn de pre-ambule fan it ferdrach dat late ta de ûntmanteling fan de Sowjet-Uny. De Russyske presidint Boris Jeltsin soe de ekskuses werhelje yn in taspraak foar it Hongaarske parlemint yn 1992.

Keppeling om utens

bewurkje seksje