Haadmenu iepenje

De Olympyske Simmerspullen 1956, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1956 yn Melbourne, Austraalje hâlden.

XVIe Olympiade
Flagge fan Austraalje
Flagge fan Austraalje
holden yn Melbourne, Austraalje
jier 1956
dielnimmende lannen 67
dielnimmende atleten 3.384
eveneminten 145 yn 17 sporten
iepeningsseremoanje 22 novimber
slutingsseremoanje 8 desimber
Temaside  Sport


XVIe Olympiade
Flagge fan Sweden
Flagge fan Sweden
holden yn Stokholm, Sweden
jier 1956
eveneminten 1 sport
iepeningsseremoanje 10 juny
slutingsseremoanje 17 juny
edysjes
foarrige edysje 1952 Helsinky
folgjende edysje 1960 Rome
Temaside  Sport

MedaljespegelBewurkje

 Plak  Lân NOK       Totaal
1 Sowjetuny   URS 37 29 32 98
2 Feriene Steaten   USA 32 25 17 74
3 Austraalje   AUS 13 8 14 35
4 Hongarije   HUN 9 10 7 26
5 Itaalje   ITA 8 8 9 25
6 Sweden   SWE 8 5 6 19
7 It Dútske Ienheidsteam   EUA 6 13 7 26
8 Grut-Brittanje   GBR 6 7 11 24
9 Romeenje   ROM 5 3 5 13
10 Japan   JPN 4 10 5 19

RuterspullenBewurkje

Fanwege de strange karantêneregels fan Austraalje waarden de hynstesporten yn de maitiid fan it noardlik healrûn fan 1956 hâlden yn it Sweedske Stokholm. Fan 10 oan 17 juny waarden hjir de Olympyske Ruterspullen organisearre.

Dit is de ienichste kear dat de Spullen formeel yn stêden fan twa lannen organisearre waarden. Yn 1984 is it noch ris bard: op de Paralympyske Simmerspullen fan 1984 dy waarden yn it Amerikaanske New York en it Ingelske Stoke Mandeville hâlden.

Foar Peking, 2008, waard de organisaasje fan ek wer de hynstesport, fanwege de karantêneregels yn Sina, al dien troch in oar Olympysk Kommitee: it Olympysk Kommitee fan Hong Kong.

BoykotBewurkje

Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sowjetuny yn Hongarije yn de hjerst fan 1956 nammen in oantal lannen wêrûnder Nederlân it beslút om nei Stokholm de rest fan de Spullen te boykotsjen. Dat waard net troch de sporters besletten, mar wie in beslút fan in tafoege generale ledegearkomste. De fjouwer atleten dy't al yn it foar nei Austraalje ôfreizge wienen waarden troch it NOK mei in tillegram opdroegen fuort te gean. It ienichste ekskús dat sy krigen wie it wurdsje "SORRY", op it ein fan it tillegram, atleten dy't noch yn Nederlân wienen krigen hielendal gjin ekskús oanbean. Earst yn 2006 bea Erica Terpstra foar it Nasjonaal Olympysk Komitee de sporters ekskús oan, en twa jier letter kaam it ekskús fan Claas van den Houten oer it tillegram.

Boykotsjende lannenBewurkje

Dizze fiif lannen hawwe de Spullen yn Melbourne boykotte. Sy hawwe al mei dien oan de Spullen yn Stokholm.


SportenBewurkje

Dielnimmende lannenBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje