Olympyske Winterspullen 1980
De Olympyske Winterspullen 1980, ek wol de XIIIe Olympiade neamd, waarden yn 1980 yn Lake Placid, de Feriene Steaten hâlden. Dat wie fan 13 oant en mei 24 febrewaris.
XIIIe Olympiade | ||||
holden yn | Lake Placid, de Feriene Steaten | |||
jier | 1980 | |||
dielnimmende lannen | 37 | |||
dielnimmende atleten | 1.072 | |||
eveneminten | 38 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 13 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 24 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1976 Innsbruck | |||
folgjende edysje | 1984 Sarajevo | |||
|
AkkommodaasjesBewurkje
Akkommodaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
---|---|---|
Lake Placid Olympic Ski Jumping Complex | Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen | 18,000 |
Lake Placid Equestrian Stadium | Iepeningsseremoanje | Net neamd |
Lake Placid Olympic Sports Complex Cross Country Biathlon Center | Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) | Net neamd. |
Mt. Van Hoevenberg Olympic Bobsled Run | Bobslydzjen, Rodeljen (Aparte oefenings) | 11,000 (bobslydzjen) |
Herb Brooks Arena | Keunstriden Iishockey | 8,500 (iishokky) 2,000 (keunstriden) |
James B. Sheffield Olympic Skating Rink | Reedriden | Net neamd. |
Whiteface Mountain | Alpineskyen | Net neamd |
SportenBewurkje
Op de Spullen fan 1980 stiene seis sporten op it programma en 38 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.
MedaljesBewurkje
MedaljespegelBewurkje
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Sowjetuny | URS | 10 | 6 | 6 | 22 |
2 | East-Dútslân | GDR | 9 | 7 | 7 | 23 |
3 | Feriene Steaten | USA | 6 | 4 | 2 | 12 |
4 | Eastenryk | AUT | 3 | 2 | 2 | 7 |
5 | Sweden | SWE | 3 | 0 | 1 | 4 |
6 | Lychtenstein | LIE | 2 | 2 | 0 | 4 |
7 | Finlân | FIN | 1 | 5 | 3 | 9 |
8 | Noarwegen | NOR | 1 | 3 | 6 | 10 |
9 | Nederlân | NED | 1 | 2 | 1 | 4 |
10 | Switserlân | SUI | 1 | 1 | 3 | 5 |
Fryske medaljeBewurkje
Medalje | Namme | Sport | Underdiel |
---|---|---|---|
Lieuwe de Boer | Reedriden | 500 m |
Dielnimmende lannenBewurkje
Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Troch de oankundigde Amerikaanske boykot fan de Simmerspullen dy't letter dat jier yn Moskou hâlden waarden, wie der foarôfgeand oan de Winterspullen al in spannen situaasje tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Nettsjinsteande dat wiene de Sowjetuny en harren bûnsgenoaten oanwêzich.
It tal dielnimmers wie likefolle as by de foarige edysje. De Folksrepublyk Sina, Kosta Rika en Syprus debutearren, Bolivia en Mongoalje makken harren rentree. Sily, Iran, San Marino, Taiwan en Turkije ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige kear.
Taiwan boykotte de Spullen sjoen de problemen mei de erkenning troch de Folksrepublyk Sina.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1980 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |