Olympyske Winterspullen 1994
De Olympyske Winterspullen 1994, ek wol de XVIIe Olympiade neamd, waarden yn 1994 hâlden yn it Noarske plak Lillehammer fan 12 oant en mei 27 febrewaris.
XVIIe Olympiade | ||||
![]() | ||||
holden yn | Lillehammer, Noarwegen | |||
jier | 1994 | |||
dielnimmende lannen | 67 | |||
dielnimmende atleten | 1.737 | |||
eveneminten | 61 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 12 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 27 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1992 Tignes-Albertville | |||
folgjende edysje | 1998 Nagano | |||
|
AkkommodaasjesBewurkje
De sporten waarden foar it grutste part organisearre yn Lillehammer. Dêrneist waard yn Hamar reedriden; yn it Vikingskipet it langebaanriden en yn it Hamar OL-Amfi it shorttrack en it keunstriden. Yn Gjøvik waarden inkele iishokkywedstriden hâlden.
Akkommodaasje | Sport (en) | Lokaasje | Kapisiteit |
---|---|---|---|
Birkebeineren Sky Stadion | Biatlon, Skyrinne, Noardske kombinaasje (skyrinne) | Lillehammer | 34.000 |
Gjøvik Olympyske Grot Hal | Iishokky | Gjøvik | 5.300 |
Håkon Hal | Iishokky | Lillehammer | 10.500 |
Hamar Olympysk Amfiteater | Keunstriden, Shorttrack | Hamar | 6.000 |
Vikingskipet | Reedriden | Hamar | 10.600 |
Kanthaugen Freestyle Arena | Freestyleskye | Lillehammer | 15.000 |
Hafjell | Alpineskye (slalom, grutte slalom, kombinearre) | Øyer | 30.000 |
Kvitfjell | Alpineskye (delgong, super-G, kombinearre) | Ringebu | 41.000 |
Lillehammer Olympyske Bobslydzjen en Rodeljen baan | Bobslydzje, Rodelje | Lillehammer | 10.000 |
Lysgårdsbakken | Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen | Lillehammer | 35.000 |
Lysgårdsbakken | Iepening en sluting seremoanjes | Lillehammer | 35.000 |
Stampesletta | Medalje seremoanjes | Lillehammer | 30.000 |
Lillehammer Olympysk Doarp | Underkommen atleten | Lillehammer | 2.300 |
Hamar Olympysk Doarp | Underkommen atleten | Hamar | 500 |
SportenBewurkje
Op de Spullen fan 1994 stiene seis sporten op it programma en 61 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.
MedaljesBewurkje
MedaljespegelBewurkje
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Ruslân | RUS | 11 | 8 | 4 | 23 |
2 | Noarwegen | NOR | 10 | 11 | 5 | 26 |
3 | Dútslân | GER | 9 | 7 | 8 | 24 |
4 | Itaalje | ITA | 7 | 5 | 8 | 20 |
5 | Feriene Steaten | USA | 6 | 5 | 2 | 13 |
6 | Súd-Korea | KOR | 4 | 1 | 1 | 6 |
7 | Kanada | CAN | 3 | 6 | 4 | 13 |
8 | Switserlân | SUI | 3 | 4 | 2 | 9 |
9 | Eastenryk | AUT | 2 | 3 | 4 | 9 |
10 | Sweden | SWE | 2 | 1 | 0 | 3 |
Fryske medaljesBewurkje
Medalje | Namme | Sport | Underdiel |
---|---|---|---|
Rintje Ritsma | Reedriden | 1500 m | |
Falko Zandstra | Reedriden | 1500 m | |
Rintje Ritsma | Reedriden | 5.000 m |
Dielnimmende lannenBewurkje
In rekordoantal fan 67 lannen die mei oan de Spullen Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje twa jier dêrfoar. De gearstalling fan de lannen liet grutte ferskillen sjen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Algerije, Bolivia, Kosta Rika, Hondueras, Ierlân, Yndia, Noard-Korea, Libanon, Marokko, de Nederlânske Antillen, de Filipinen en Swazilân. Joegoslaavje mocht fanwegen in ynternasjonale (sport)boykot net meidwaan.
Njoggen eardere Sowjet-steaten kamen net mear as in mienskiplik team út, mar as ôfsûnderlike lannen. Dat betsjutte it debút op de Winterspullen foar Armeenje, Georgië, Kazachstan, Kirgyzje, Moldaavje, Oekraïne, Oezbekistan en Wyt-Ruslân en de rentree fan Ruslân. Mei it útienfallen fan Tsjechoslowakije kamen no ek Tsjechje en Slowakije mei in eigen ploech en debutearren de lannen. Harren debút makke ek Amerikaansk-Samoa, Bosnje-Hersegovina, Israel, Trinidad en Tobago. Fidzjy en Portegal makken harren rentree. Nei de ynternasjonale boykot wie Súd-Afrika wer wolkom.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1994 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |
Olympyske Spullen | |
---|---|
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko – Stêd 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | | |
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch – Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | | |
wizigje |