Olympyske Winterspullen 1948
De Olympyske Winterspullen 1948, ek wol de Ve Olympiade neamd, waarden yn 1948 yn Sankt-Moritz, Switserlân hâlden. Dat wie fan 30 jannewaris oant en mei 8 febrewaris. It wiene de earste Winterspullen yn tolve jier. De edysjes fan 1940 en 1944 giene net troch fanwegen de Twadde Wrâldkriich.
Ve Olympiade | ||||
![]() | ||||
holden yn | Sankt-Moritz, Switserlân | |||
jier | 1948 | |||
dielnimmende lannen | 28 | |||
dielnimmende atleten | 669 | |||
eveneminten | 17 yn 4 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 30 jannewaris | |||
slutingsseremoanje | 8 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1936 Garmisch-Partenkirchen | |||
folgjende edysje | 1952 Oslo | |||
|

Akkommodaasjes Bewurkje
Akkommodaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
---|---|---|
Yn de bergen fan Sankt Moritz | Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) | Net neamd. |
Cresta Run | Skeleton | Net neamd. |
Kulm | Iishockey | Net neamd. |
Olympiaschanze St. Moritz | Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen | Net neamd. |
St. Moritz Olympic Ice Rink | Keunstriden, Iishockey (finale), Reedriden | Net neamd. |
Piz Nair | Alpineskyen | Net neamd. |
St. Moritz-Celerina Olympic Bobrun | Bobslydzjen | Net neamd. |
Suvretta | Iishockey | Net neamd. |
Sporten Bewurkje
Op de Spullen fan 1948 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 9 dissiplines. De Militêre patrûlje en de Winter fiifkamp wiene demonstraasjesporten.
Medaljes Bewurkje
Medaljespegel Bewurkje
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Noarwegen | NOR | 4 | 3 | 3 | 10 |
Sweden | SWE | 4 | 3 | 3 | 10 | |
3 | Switserlân | SUI | 3 | 4 | 3 | 10 |
4 | Feriene Steaten | USA | 3 | 4 | 2 | 9 |
5 | Frankryk | FRA | 2 | 1 | 2 | 5 |
6 | Kanada | CAN | 2 | 0 | 1 | 3 |
7 | Eastenryk | AUT | 1 | 3 | 4 | 8 |
8 | Finlân | FIN | 1 | 3 | 2 | 6 |
9 | Belgje | BEL | 1 | 1 | 0 | 2 |
10 | Itaalje | ITA | 1 | 0 | 0 | 1 |
Dielnimmende lannen Bewurkje
Achtentweintich lannen diene mei oan de Spullen, likefolle as oan de foarige edysje yn 1936. Fiif lannen debutearren: Sily, Denemark, Yslân, Libanon en Súd-Korea. Dútslân en Japan wiene net útnûge fanwegen harren rol yn de Twadde Wrâldkriich. Estlân en Letlân wiene ûnderwilens republiken fan de Sowjetuny wurden en soene pas yn 1992 wer op 'e nij meidwaan. Fierder ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige edysje Austraalje en Lúksemboarch. Argentynje die wer mei nei't it by de twa foarige edysjes ûntbruts.
Keppeling om utens Bewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1948 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |