Skyen, of ta ûnderskie skyrinnen, is it op skys oer de snie rinne. Ornaris wurde njonken twa skys ek twa skystokken brûkt.

Loipe

It skyen wurdt op ferskate nivo’s dien en der binne ek ferskillende techniken. De nivo’s rinne fan rekreatyf skyrinne oant folsleine maratons op wedstriidnivo of toertochten. Der wurdt in ûnderskie makke yn twa stilen. It wichtichste ûnderskie yn styl is de technyk dy't brûkt wurdt by it rinnen op in flak stik:

klassike styl
hjirby wurdt de rintechnyk brûkt. De skys glide rjocht foarút; by it ôfsetten wurdt it gewicht op ien sky brocht, dy't dan genôch op de snie drukt foar ôfsetwjerstân. Tagelyk wurdt ien fan de stokken brûkt. Dit is wier rinnen mei skys.
frije styl
hjirby mei ek de reedrydtechnyk brûkt wurde. De skys glide as by it reedriden; by it ôfsetten wurdt de sydkant fan de sky yn de snie drukt foar ôfsetwjêrstân. Tagelyk wurde beide stokken brûkt. De stokken hawwe by de reedrydtechnyk in grutter oandiel yn it foarút kommen as by de rintechnyk.
Klassike styl

In útsette baan foar skyers hjit in loipe. In spoar yn sa'n loipe jout dan plak foar twa skys, útsein foar de reedrydtechnyk dêr't it in flakke baan is. By wedstriden yn de klassike styl wurdt in dûbelde loipe brûkt, mei twa spoaren, Dêrnêst, of somtiden dertusken, kin dan in reedrydloipe lizze.

In skyrinstôk bestiet út ferskate ûnderdielen. Under oan de stôk sit in metalen puntsje. Dit puntsje is der om as it nedich is yn iis te prikken, of yn hurd-beferzen grûn ûnder in tin laachje snie. Dêrboppe komt de normale punt fan de stôk, dy't de stok te plak hâldt at dy yn 'e snie stutsen wurdt. Dan komt it krânske, dat tsjintwurdich alderhande fan foarmen hawwe kin. Dit jout de stôk de wjerstân op de snie, dêr't de earmôfset mei dien wurdt. Dan komt de fiem. Oars as by ark moat in skyfiem wat bûgje kinne, om de krêft fan de ôfset opnimme te kinnen en dy wêr werom te jaan. Boppe op ‘e fiem sit de jelt, yn de lingte fan de stôk. Oan de jelt sit in rymluts. Dy is maklik dat de begjinner de skystôk net ferlieze sil, mar de funksje is fral dat in part fan de earmôfset fia de rym oerbrocht wurdt op de stôk, yn stee fan dat de in aldermachtich sterke gryp nedich is om alle krêft troch de fingers oer te bringjen. Fanwegen dy funksje is de rymluts faak foarme nei de hân. Lofter en rjochter stokken binne dan net gelyk.

De lingte fan de stôk hinget ôf fan de styl dy’t brûkt wurdt. By de klassike styl moat de stôk oant de earmsholte komme. By de frije styl mei de stôk oant eachhichte komme.

De rinskys binne lang en smel. De skys brûkt foar klassike styl binne sa’n 20 oant 30 sintimeter langer as de lichemslingte, wylst de skys dy’t foar de frije styl brûkt wurde ornaris koarter binne dan de lichemslingte. De skys binne licht bûgd wêrtroch by it gliden it middenstik de snie net rekket. Wurdt al it gewicht op ien sky set, dan moat de sky sa fier trochbûgje dat dan ek it middenstik de snie rekket. De grûn foar dit ferskil is dat it middenstik troch ribbels yn it oerflak of troch skywaaks dy't der yn it foar op oanbrocht is mear fet hat op de snie. Dêrtroch kin mei it middenstik op de snie in ôfset makke wurde, en is foar te kommen dat men weromglydet. Mar datselde stik soe dêrnei it glydzjen tsjinhâlde, dat dan moat de snie dêrmei net rekke wurde. Fanwege dy ôfstimming moat de spanning fan de sky oerienstimme mei it gewicht fan dejinge dy't der op stiet.