Olympyske Simmerspullen 1980
De Olympyske Simmerspullen 1980 ek wol de XXIIe Olympiade neamd waarden yn 1980 yn Moskou, de Sowjetuny hâlden.
XXIIe Olympiade | ||||
holden yn | Moskou, Sowjetuny | |||
jier | 1980 | |||
dielnimmende atleten | 5.217 | |||
eveneminten | 203 yn 21 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 19 july | |||
slutingsseremoanje | 3 augustus | |||
edysjes | ||||
foarige | 1976 Montreal | |||
folgjende | 1984 Los Angeles | |||
|
Medaljespegel
bewurkje seksjePlak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Sowjetuny | URS | 80 | 69 | 46 | 195 |
2 | East-Dútslân | GDR | 47 | 37 | 42 | 126 |
3 | Bulgarije | BUL | 8 | 16 | 17 | 41 |
4 | Kuba | CUB | 8 | 7 | 5 | 20 |
5 | Itaalje | ITA | 8 | 3 | 4 | 15 |
6 | Hongarije | HUN | 7 | 10 | 15 | 32 |
7 | Roemeenje | ROM | 6 | 6 | 13 | 25 |
8 | Frankryk | FRA | 6 | 5 | 3 | 14 |
9 | Grut-Brittanje | GBR | 5 | 7 | 9 | 21 |
10 | Poalen | POL | 3 | 14 | 15 | 32 |
Boycot
bewurkje seksjeFanwege de ynfal fan de Sowjetuny yn Afganistan yn de lêste wike fan desimber 1979 (Afgaanske oarloch 1979-1989), stelde de Amerikaanske presidint Jimmy Carter in ultimatum oan de Sowjetuny: de Feriene Steaten soene net oan de Spullen yn Moskou meidwaan as de Sowjet-troepen har net weromlutsen hiene foar 20 febrewaris 1980. Dat ultimatum wie alhiel tsjin de Olympyske gedachte, dy't foarskriuwt dat sport en polityk strikt skieden bliuwe moatte. Op 21 maart waard de offisjele boycot bekind makke.
Presidint Carter oefene druk út op ferskeidene lannen om it Amerikaanske foarbyld te folgjen. De regearingen fan in oantal befreone lannen, bygelyks Grut-Brittanje en Austraalje, stipen de boycot, mar lieten de kar om ôf te reizigjen oan de yndivyduele atleten oer. De Amerikaanske atleten krigen dizze kar net, Carter drige sels it paspoart yn te lûken fan eltse atleet dy't nei de Sowjetuny ôfreizigje soe. Uteinlik soene 65 lannen de útnûging om diel te nimmen oan de Spullen net oannimme; 45 oant 50 diene dat yn alle gedachten yn ferbân mei de boycot.
De Nederlânske regearing ûnder lieding fan Dries van Agt woe dat Nederlân ek mei die oan de boycot. De Nederlânske sportbûnen fielden dêr lykwols neat foar. Sy fregen har ôf wêrom't de sport opdraaie moast foar it falen fan de ynternasjonale polityk. De Nederlânske delegaasje naam lykwols gjin diel oan de iepeningsseremoanje.
Boycotsjende lannen
bewurkje seksje
Sporten
bewurkje seksje
Dielnimmende lannen
bewurkje seksje80 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Moskou. It leechste oantal dielnimmende lannen sûnt Melbourne 1956. Dat wie foaral te witen oan de Amerikaanske Boycot.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje
Olympyske Simmerspullen 1980 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen |