Andreas Antonius Maria (Dries) van Agt (Geldrop, 2 febrewaris 1931 - Nimwegen 5 febrewaris 2024 ) wie in Nederlânske rjochtsgelearde, politikus en diplomaat. Hy wie fan 1977 oant 1982 minister-presidint fan Nederlân en dêrfoar minister fan Justysje. Hy wie lid fan de KVP, dy ‘t letter diel útmeitsjen gong fan it CDA. Fan dy nije partij waard hy de earste listluker.

Dries van Agt
politikus
Dries van Agt (1980)
Dries van Agt (1980)
echte namme Andreas Antonius Maria van Agt
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 2 febrewaris 1931
berteplak Geldrop
stjerdatum Nimwegen
stjerplak 5 febrewaris 2024
partij KVP
CDA

Van Agt is in soan fan tekstylfabrikant Franciscus Antonius Petrus Maria (Frans) van Agt (1899-1974) fan Eindhoven en Anna Godefrida Wilhelmina Sophia (Annie) Frencken (1902-1978), út Princenhage. Van Agt wie de âldste fan fiif bern en waard nei syn pake fan heitekant ferneamd. Godefridus Marcelis Frencken wie syn oerpake, dy't goed 60 jier boargemaster fan Asten wie tusken 1843 en 1904.

Nei it heljen fan syn diploma gymnasium-A studearre er rjochten oan de Katolike Universiteit fan Nijmegen. Hy helle syn doktoraaleksamen cum laude yn 1955. Oant 1957 wurke hy as abbekaat yn Eindhoven, dêrnei wie er amtner op in pear ministerjes. Fan 1968 oant 1971 wie er heechlearaar strafrjocht en strafprosesrjocht yn Nijmegen. Yn 1969 waard er frege foar de kommisje dy’t it ferkiezingsprogram fan de KVP gearstalle soe.

Fan 1971 oant 1973 wie hy minister fan Justysje yn de sintrum rjochtse kabinetten Biesheuvel I en II. Der ûntstie opskuor doe’t Van Agt yn 1972 trije oarlochsmisdiedigers dy’t harren libben lang opsletten sieten yn de finzenis fan Breda (de saneamde “Drie van Breda”) frij litte woe. Nei fûle en emosjonele debatten waard er troch in moasje fan de Twadde Keamer twongen om dit útstel yn te luken.

Nei de Twadde Keamerferkiezings fan 1973 waard der in sintrum links kabinet foarme, mei de lieder fan de PvdA, Joop den Uyl, as minister-presidint. Dries van Agt waard beneamd ta minister fan Justysje en fise-premier. Hy koe net sa goed oerwei mei Joop den Uyl. Beide mannen ferskilden nochal bot, sawol wat karakter as politike fisy oanbelanget.

Van Agt stribbe nei herstel fan de kristlike etyk, it saneamde “Ethisch Reveil”, wat bygelyks abortus en pornografy oanbelanget. Hy krige in soad krityk doe‘t er de abortusklinyk Bloemenhove slute woe en doe’t er pornofilms alinne mar tastean woe at der minder as 50 minsken yn de seal sieten. Hy krige ek in protte krityk by de mislearre arrestaasje fan de feroardielde oarlochsmisdiediger Pieter Menten. Troch de krityk dy‘t er krige, rûn de relaasje tusken PvdA en (takomstige) CDA in soad skea op. Yn maaie 1977, doe ‘t it kabinet al fallen wie, wienen der in treinkaping by De Punt en de gizeling fan in skoalle yn Bovensmilde troch Súdmolukkers. As demisjonêr minister fan Justysje spile Dries van Agt dêrby in wichtige rol. Nei wiken fan ûnderhanneljen keas er foar hurd yngripen.

By de Twadde Keamerferkiezings fan 1977 kamen de trije konfessjonele partijen (ARP, KVP en CHU) foar it earst mei in mienskiplike list út, mei Dries van Agt as listluker. De PvdA waard de grutste partij en in nij kabinet fan PvdA en de konfesjonele partijen lei foar de hân mar nei in lange, drege formaasje foarme it CDA in kabinet mei de VVD fan Hans Wiegel. Dat kabinet Van Agt I siet de folseine termyn út. By de Keamerferkiezings yn 1981 ferlearen CDA, PvdA en VVD alle trije. It wie net mooglik om troch te gean mei in kabinet fan CDA en VVD en der waard in kabinet foarme fan CDA, PvdA en D66. Dries van Agt waard premier en Joop den Uyl minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Dat gong net lang goed; it kabinet foel al nei sawat njoggen moannen. CDA en D66 gongen troch sûnder PvdA oant de nije ferkiezings. Nei dy ferkiezings hie Dries Van Agt gjin nocht mear om noch langer troch te gean yn de polityk en hy luts him werom as kandidaat minister-presidint. Hy waard opfolge troch Ruud Lubbers.

Fan 1982 oant 1983 wie Dries van Agt lid van de Twadde Keamer. Dêrnei waard er Kommissaris fan de Keninginne yn Noard-Brabân. Yn 1987 krige er in diplomatike funksje by de Jeropeeske Mienskip. Hy waard Jeropeesk fertsjintwurdiger yn Japan en letter yn de Feriene Steaten. Dêrnei wie er gastheechlearaar ynternasjonale kontakten oan de Universiteit fan Kioto (Japan). Sa no en dan hâldt er him noch dwaande mei de Nederlânske polityk. Sa wie er yn 2010 tsjinstanner fan it “gedoochkabinet” mei de PVV. Hoewol ’t er as minister presidint sympaty toande foar Israel, makke er him letter sterk foar de swierrichheden fan de Palestijnen.

Hy falt ek op troch syn taalgebrûk. Hy spruts faaks yn komplisearre sinnen, mei argayske wurden as “gij”, “mijn waarde” en “sapristi” (betsjut: “mijn hemel” of soksawat). Ek wie er in grut leafhawwer fan hurdfytsen. Hy waard alle jierren útnoege om by de Tour de France te sjen en wie ek ferskate kearen yn hurdfytsersklean op televysje te sjen. Yn 1979 hat er meidien mei de Alvestêdetocht op de Fyts. Yn de strip Appie Happie fan Dick Bruijnestein waard er opfierd as “Dries met de fiets”.

Van Agt ferstoar op 5 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 93 jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje