Olympyske Simmerspullen 1904
De Olympyske Simmerspullen 1904, ek wol de IIIe Olympiade neamd waarden yn 1904 yn St. Louis, de Feriene Steaten hâlden.
IIIe Olympiade | ||||
holden yn | St. Louis, Feriene Steaten | |||
jier | 1904 | |||
dielnimmende lannen | 12 | |||
dielnimmende atleten | 651 | |||
eveneminten | 91 yn 17 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 1 july | |||
slutingsseremoanje | 23 novimber | |||
edysjes | ||||
foarige | 1900 Parys | |||
folgjende | 1908 Londen | |||
|
Medaljespegel
bewurkje seksjePlak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Feriene Steaten | USA | 78 | 82 | 79 | 239 |
2 | Dútslan | GER | 4 | 4 | 5 | 13 |
3 | Kuba | CUB | 4 | 2 | 3 | 9 |
4 | Kanada | CAN | 4 | 1 | 1 | 6 |
5 | Hongarije | HUN | 2 | 1 | 1 | 4 |
6 | Mingd Team | ZZX | 1 | 1 | 0 | 2 |
Grut-Brittanje | GBR | 1 | 1 | 0 | 2 | |
8 | Grikelân | GRE | 1 | 0 | 1 | 2 |
Switserlân | SUI | 1 | 0 | 1 | 2 | |
10 | Eastenryk | AUT | 0 | 0 | 1 | 1 |
Maraton
bewurkje seksjeDe maraton fan de Spullen yn Saint Louis is ien fan de frjemdste barren op de Olympyske Spullen ea. De wedstriid waard hâlden mei tige waarm waar en op stoffige diken dêr't auto's en hynders foar noch mear stof soargen. De Kubaanske dielnimmer Carvajal, postboade fan berop, kaam nei in lange tocht te foet oan by de start yn syn deiske klean, om't er gjin sportklean hie. Neidat in oare dielnimmer him holpen hie in stik fan syn broekspipen te knippen om der dochs noch wat sportyfs fan te meitsjen, koe de Kubaan fan start. Hy waard úteinlik fjirde nettsjinsteande it feit dat hy ûnderweis in oantal kearen stil hâlden wie om in praatsje te meitsjen mei de taskôgers en hy lêst fan de mage krige fan de appels dy't er ûnderweis iet. It earst oer de finish wie Fred Lorz. Hy wie allinne eins al nei in pear kilometer útfallen en hie it parkoers foar in grut part yn in auto ôflein. Doe't de auto stikken gie naam Lorz it beslút om de rest mar te rinnen. Hy kaam as earste oan en hja tochten dat hy hie wûn. Pas nei de medalje-útrikking waard dúdlik dat hy in grut part yn in auto ôflein hie. Syn medalje waard him ôfnommen en hy waard foar it libben skorst. In jier letter waard dizze skorsing wer ynlutsen en wist er yn 1905 de maraton fan Boston te winnen. De úteinlike winner, de Brit Thomas J. Hicks, dy't útkaam foar de Feriene Steaten, hie ûnderweis in oantal ynsinkingen hân. Hy krige dêrom fan syn treners ûnder oare Strychnine mei kognac om him by de tiid te hâlden. Alhoewol't er ûnderstipe waard troch syn treners doe't hy oer de finish kaam, waard hy dochs as winner oanwiisd. Len Tau, in Afrikaan ôfkomstich fan de Tswana-stam dy't útkaam foar it mingde team mei sporters út ferskeidene lannen. Hy wie der eins foar de Wrâldútstalling yn Saint Louis. Hy kaam as njoggende oer de finish. Syn resultaat hie better wêze kinnen as er net troch in hûn efterfolge wie dy't him mear as in kilometer fan it parkoers ôf jage hie.
Sporten
bewurkje seksje
Dielnimmende lannen
bewurkje seksje12 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Saint Louis
Betwiste
bewurkje seksjeYn in oantal boarnen wurdt ek nog fan de folgjende lannen sprutsen as dielnimmers oan de Spullen
Keppeling om utens
bewurkje seksje
Olympyske Simmerspullen 1904 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Keunstdûken | Lacrosse | Roeien | Roque | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo | Wrakseljen |