Trinidad en Tobago

steat yn de Kariben
Republic of Trinidad and Tobago
Flagge fan Trinidad en Tobago Wapen fan Trinidad en Tobago
Flagge Wapen
Lokaasje fan Trinidad en Tobago
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Port of Spain
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
5128 km²
0,0­%
Ynwenners (2006) 1.2 miljoen
Munt Trinidad en Tobagogaanske dollar (TDD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 31 augustus
Lânkoade TTO
Ynternet .tt
Tillefoan 1868

Trinidad en Tobago, sûnt 1976 de Republyk Trinidad en Tobago (foartiid sûnt 1962 it Mienebêst Trinidad en Tobago), is in lân yn it súdeasten fan de Karibyske See, foar de kust fan Fenezuela. It bestiet út twa grutte eilannen en in tal lytsere eilannen. It grutste eilân is Trinidad; it eilân Tobago is folle lytser en net sa ticht befolke. Beide eilannen binne in part fan de boppenwynse eilannen fan de Lytse Antillen

Trinidad en Tobago

Der is net safolle bekend oer de skiednis fan 'e eilannen foar dizze ûntdutsen waarden troch Christoffel Columbus op 31 july 1498. Hy neamde Trinidad nei de hillige trije-ienheid (yn it Spaansk betsjut trinidad trije-ienheid) en Tobaga troch him Bella Forma (frysk: moaie formaasje). Letter waard de namme feroare nei Tobago, faaks oan it wurd tabak ûntliend.

De Spanjaarden fêstigen harren op Trinidad, njonkenlytsen feroare Tobago geregeld fan Jeropeeske eigner. Yn 1652 waard it eilân kolonisearre troch Koerlân. Yn de 18e iuw kamen de eilannen ûnder Britsk regear en waarden gearfoege ta de koloanje Trinidad en Tobago

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden der Amerikaanske marinebases op Trinidad fêstige en de eilannen waarden ûnôfhinklik as part fan de West-Indyske Federaasje yn 1958. De federaasje waard fûl út-inoar en de naasje fan Trinidad en Tobago waard yn 1962 oprjochte.

Oan it begjin fan de 21e iuw is Trinidad en Tobago ien fan de lannen mei de measte wolfeart yn it Karibysk gebiet, harren oalje en ierdgas smyt in protte jild op, en de toerisme sektor waakst noch hieltyd, benammen op Tobago.

De lieder fan de steat is de presidint, keazen troch it parlemint. Dit parlemint hat twa parten, de Senaat (31 sitten) en it Hûs fan fertsjinwurdigers (36 sitten). De leden fan de Senaat wurde oansteld troch de presidint. Leden fan it Hûs fan fertsjinwurdigers wurde keazen troch it folk, troch ferkiezings ienris yn de fiif jier.

De minister-presidint, dy't de wichtigste funksje hat yn it Hûs fan fertsjinwurdigers, wurdt oansteld troch de presidint, normaal wurdt de lieder fan de grutste partij keazen.

Trinidad en Tobago binne ferneamd troch de boarne fan de Kalypso musyk te wêze. In ferskaat fan kulturele en godstsjinstige saken meitsje in grut tal eveneminten mooglik. Der binne ferskate mingdûnsen lykas de Soka (mingd mei Kalypso), Parang (dûns mei Fenezolaanske ynfloeden), de chutney, pichakary (musykfoarm mei in Karibysk-Yndysk karakter) en fansels de ferneamde Limbo dûns.

Trinidad en Tobago hat twa literêre Nobelpriis winners, V.S. Naipaul en D. Walcott. De ûntwerper Peter Minshall is net allinne troch syn karnavalsklean ferneamd, mar ek troch syn part yn de iepeningsseremony fan de Olympyske Spullen, it wrâldkampioenskip fuotbal yn 1994, de 1996 simmer-Olympyk en de 2002 winter-Olympyk, dêr't hy in priis mei wûn hat.

Trinidad en Tobago hawwe in goede reputaasje fertsjinne as in ynfesteringsplak foar ynternasjonale bedriuwen. De lêste fjouwer jier hat de waaksende ierdgassektor in soad opsmiten. It toerisme is likegoed waaksend, mar lykwols net sa grut as de besibbe Karibyske eilannen. In lege ynflaasje en in hannelsoerskot op it eilân dogge fertuten. It jier 2002 waard markearre as solide groei yn de oaljesektor, foar in part fertrage troch politike ynlânske ûnwissens.

Keppeling om utens

bewurkje seksje