Prokureur-generaal

Prokureur-generaal is de beneaming foar in beskate funksje by it Iepenbier Ministearje. Yn elts lân dat dizze funksje ken, hat de prokureur-generaal oare taken.

Ek yn Nederlân wurdt de oantsjutting prokureur-generaal brûkt foar inkele ûnderskate funksjes. In prokureur-generaal kin wêze:

De prokureur-generaal moat net betize wurde mei de prokureur, dat in hiel oare funksje is.

Yn Belgje is de prokureur-generaal in magistraat by it Iepenbier Ministearje dat op dit nivo ek wol it parket-generaal neamd wurdt. Hy wurdt yn syn wurk bystien troch de abbekaten-generaal en de substituten-prokureur-generaal. Der binne twa funksjes dy't oantsjut wurde as prokureur-generaal:

Yn Suriname is de prokureur-generaal in hege funksjonaris fan it Iepenbier Ministearje dy't neffens de Surinaamske grûnwet belêstge is mei de strafferfolging fan politike amtsdragers.

Feriene Steaten

bewurkje seksje

Yn 'e Feriene Steaten wurdt de federale prokureur-generaal oantsjut as de attorney general (letterlik: "abbekaat-generaal"). Dy stiet oan it haad fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, en syn funksje wurdt dêrom yn 'e regel oerset as "minister fan Justysje". Alle ôfsûnderlike Amerikaanske steaten hawwe lykwols ek in eigen attorney general, dy't de 'minister fan Justysje' fan 'e oangeande steat is. Dy funksjes wurde wol wer oerset as "prokureur-generaal".

De funksje fan prokureur-generaal komt ek yn ferskate oare lannen foar, wêrûnder Frankryk, Ingelân en Wales, Georgje en Israel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.