Diamant
Diamant (Aldgryksk: αδάμας of adamas, "ûnferslaanber") is ien fan de fjouwer natuerlike allotrope ferskiningsfoarmen fan koalstof (de meast foarkommende is grafyt). Yn diamant hawwe de koalstof-koalstofbiningen de tetraedyske struktuer. It is foar safier bekend it hurdste materiaal dat yn de natoer foarkomt; it is dan ek it tichpunt foar hurdheid 10 op de hurdheidsskaal fan Mohs. Der binne mar twa yndustrieel makke materialen, nammentlik Aggregated carbon nanorods en ultrahurd fulleryt, dy't hurder binne.
De diamant ûntlient syn namme oan it Grykske adamas, "ûntember" of "ûnoerwinlik", ferwizend nei syn hurdheid.
Skiednis
bewurkje seksjeDiamant waard al troch Plinius de Alde (23-79 nei Kristus) neamd. Diamanten waarden yn de 6e oant de 5e iuw foar Kristus yn Europa bekend. Ut dizze tiid komt in âldgryksk brûnzen byld mei ûnbewurke diamanten. Dat byld stiet yn it British Museum yn Londen. Oant de 18e iuw waarden diamanten allinnich yn India wûn; hjir komme ek de bekendste histoaryske stienen wei. Pas yn 1714 waarden yn Brazylje en letter ek yn Súd-Afrika diamanten ûntdekt. Der binne in soad leginden ferbûn oan diamanten; sa wurde der faak ek magyske of beskermjende krêften oan taskreaun. Diamanten wienen it symboal fan rykdom en se foarmje in ûnderdiel fan hast alle kroanjuwielen, skatkeamers en museale kolleksjes.
Diamant is in transparant kristal mei in brekkingsyndeks fan 2,417. Yn juwielen wurdt sa it sinneljocht moai brutsen en werkeatst. Boppedat wurdt it polyste glânzjend oerflak fan de diamantstien net mar trochdat it sa'n hurd materiaal is.
Troch syn ekstreme hurdheid wurdt diamant brûkt yn de yndustry, û.o. foar slypjen, boarjen, snijen en polysten.
Neist de hurdheid binne ek de termyskeliedberheid en de elektryske wjerstân fan diamant tige heech. Dy kombinaasje makket dat diamant brûkt wurde kin yn elektroanyske skeakelingen om waarmte ôf te fieren.