Untslach

(Trochferwiisd fan Ûntslach)

Untslach of dien krije is it beëinigjen fan in arbeidsoerienkomst. Soks kin útgean fan de wurknimmer of de wurkjouwer. In wurknimmer kin sels ûntslach nimme as er bgl. in bettere baan fûn of oanbean krigen hat. In wurkjouwer kin in wurknimmer ûntslaan as dy net foldocht yn syn funksje, of as it bedriuw omreden fan ekonomyske omstannichheden kosten besparje en ynkrimpe moat. Beide kearen kin it ûntslach net fuortendaliks yngean, mar is der in opsistermyn fan faak twa of trije wiken, sadat de wurknimmer (as dy ûntslach kriget) of de wurkjouwer (as de wurknimmer sels ûntslach nimt) tariedings meitsje kin foar de nije sitewaasje. Fan 'e opsistermyn kin ôfsjoen wurde as wurknimmer en wurkjouwer it dêroer iens binne, of as it ûntslach feroarsake wurdt troch in fertrouwensbrek troch de wurknimmer, as dy bgl. stellen hat fan it bedriuw. Yn dat lêste gefal is der sprake fan ûntslach op steande foet, dat fuortendaliks yngiet.

Ofsjoen fan sokke ekstreme sitewaasjes jilde yn 'e measte Jeropeeske lannen, wêrûnder Nederlân, strange regels oer wannear't in wurkjouwer in wurknimmer ûntslaan mei. Al dy regels mei-inoar steane bekend as it ûntslachrjocht, dat diel útmakket fan it bredere arbeidsrjocht. Dêryn is fêstlein oan hokker betingsten in ûntslach foldwaan moat. Dêrnjonken binne der ek in stikmannich ûntslachferboaden. Froulju dy't swier binne, kinne bgl. net samar ûntslein wurde, en deselde beheining jildt foar leden fan 'e ûndernimmingsried en de syndikale delegaasje (d.w.s. wurknimmers dy't aktyf binne yn it fakbûn).

Utsein yn it gefal fan stellerij of oar wangedrach fan 'e wurknimmer hawwe alle wurknimmers by ûntslach rjocht op in transysjefergoeding, salang't se teminsten twa jier by deselde wurkjouwer yn 'e tsjinst binne, it ûntslach op inisjatyf fan 'e wurkjouwer komt of as it ûntslach op inisjatyf fan 'e wurknimmer komt, mar feroarsake wurdt troch earnstich ferwytber hanneljen of neilitten fan 'e wurkjouwer. De transysjefergoeding is ôfhinklik fan 'e doer fan it tsjinstferbân; de stelregel is 1/3 moannesalaris per tsjinstjier en 1/2 moannesalaris per tsjinstjier dat de wurknimmer langer as 10 jier by de wurkjouwer yn 'e tsjinst west hat. Maksimaal kin de transysjefergoeding 77.000 bedrage, of maksimaal in jiersalaris foar lju dy't mear as €77.000 yn it jier fertsjinje.

Bûten Jeropa jilde faak folle minder strange regels foar it ûntslaan fan wurknimmers troch in wurkjouwer. Yn 'e Feriene Steaten is bgl. de regel employment at will fan krêft. Dat hâldt yn dat in wurkjouwer eltse willekeurige wurknimmer op elts mooglik momint ûntslaan kin, sûnder dat dêr in opsistermyn foar jildt. Wol is it mooglik om beskerming tsjin ûntslach yn 'e arbeidsoerienkomst op te nimmen, sa't bgl. by heechlearaars bart yn 'e foarm fan tenure. Oarsom kin in wurknimmer yn 'e Feriene Steaten faak net mei direkte yngong ûntslach nimme, mei't dêrfoar ornaris wol in opsistermyn fan twa wiken (two weeks notice) jildt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.