Euro

(Trochferwiisd fan )

De euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol oantsjut as de "eurosône". Nei de Amerikaanske dollar is de euro de wichtichste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

euro
Euromunten en -bankbiljetten.
Euromunten en -bankbiljetten.
identifikaasje
ISO 4217
● koade EUR
● nûmer 978
● eksponint 2
lânseigen
   namme
euro (alle oare), ευρώ (Gr.),
eiro (Letsk), euras (Lit.),
ewro (Malt.), evro (Slov.)
symboal
gebrûk
sintrale bank Jeropeeske Sintrale Bank
off. brûkers Flag of Europe.svg Jeropeeske Uny

Flag of Belgium (civil).svg Belgje
Flag of Germany.svg Dútslân
Flag of Austria.svg Eastenryk
Flag of Estonia.svg Estlân
Flag of Finland.svg Finlân
Flag of France.svg Frankryk
Flag of Greece.svg Grikelân
Flag of Ireland.svg Ierlân
Flag of Italy.svg Itaalje
Flag of Latvia.svg Letlân
Flag of Lithuania.svg Litouwen
Flag of Luxembourg.svg Lúksemboarch
Flag of Malta.svg Malta
Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Flag of Portugal.svg Portegal
Flag of Cyprus.svg Syprus
Flag of Slovenia.svg Sloveenje
Flag of Slovakia.svg Slowakije
Flag of Spain.svg Spanje
monetêre oerienkomst:
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Akrotiri en Dhekelia
Flag of Andorra.svg Andorra
Flag of the Vatican City.svg   Fatikaanstêd
Flag of Saint-Martin (fictional).svg Frânsk-Sint-Marten
Flag of Monaco.svg  Monako
Flag of San Marino.svg San Marino
Flag of Saint Barthélemy (local).svg Sint-Bartelemy
Flag of Saint-Pierre and Miquelon.svg Sint-Pierre en Miquelon

ûnoff. brûkers Flag of Kosovo.svg Kosovo
Flag of Montenegro.svg Montenegro
fêste
   wikselkoers
12 muntienheden, sjoch hjirre
skiednis
ynfierd 1999 (digitaal)
2002 (fysyk)
ferfong ferskate, sjoch hjirre
ynflaasje 1,6% (2019)
denominaasjes
1/100 sint
symb. 1/100 c
muntjild 1c¹, 2c¹, 5c, 10c, 20c, 50c,
€1, €2
¹) net mear brûkt yn Bel., Finl., It., Ierl. en Ned.
papierjild €5, €10, €20, €50, €100,
€200, €500

MeidoggersBewurkje

De euro is in wettich betelmiddel yn 19 fan de 28 lannen fan de Jeropeeske Uny. Dy lannen binne:

Lân Sûnt Alde munt Wikselkoers fan Euro
  Belgje 1999 (fysike ynfiering 2002) Belgyske frank BEF 40,3399
  Dútslân 1999 (fysike ynfiering 2002) Dútske mark DEM 1,95583
  Eastenryk 1999 (fysike ynfiering 2002) Eastenrykske skelling ATS 13,7603
  Estlân 2011 Estyske kroan EEK 15,6466
  Finlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Finske mark FIM 5,94573
  Frankryk 1999 (fysike ynfiering 2002) Frânske frank FRF 6,55957
  Grikelân 2001 (fysike ynfiering 2002) Grykske drachme GRD 340,750
  Ierlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Ierske pûn IEP 0,787564
  Itaalje 1999 (fysike ynfiering 2002) Italjaanske lire ITL 1936,27
  Letlân 2014 Letske Lats LVL 0,702804
  Litouwen 2015 Litouske Litas LTL 3,4528
  Lúksemboarch 1999 (fysike ynfiering 2002) Lúksemboarchske frank LUF 40,3399
  Malta 2008 Malteeske pûn MTL 0,429300
  Nederlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Nederlânske gûne NLG 2,20371
  Portegal 1999 (fysike ynfiering 2002) Portegeeske eskûdo PTE 200,482
  Syprus 2008 Syprioatyske pûn CYP 0,585274
  Sloveenje 2007 Sloveenske tolar SIT 239,640
  Slowakije 2009 Slowaakske kroan SKK 30,1260
  Spanje 1999 (fysike ynfiering 2002) Spaanske peseta ESP 166,386

Fierders binne der ek noch guon lannen en territoaria dy't net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel hawwe. De folgjende lannen hawwe dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten:

en itselde jildt foar de ûnbewenne Frânske oerseeske gebieten Clipperton en de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.
Lannen dêr't de euro as betelmiddel ynfierd is sûnder dat dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten is, binne:

Yn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône.

 
De eurosône (2015)

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.

MuntenBewurkje

De munt wurd opdield yn 100 sinten de euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út dy fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten hawwe in Jeropeeske kant dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare kant stiet in ôfbyld dy’t de lân fan útjefte ferskillet.

EurotekenBewurkje

 
It euroteken

It euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissy.

WikselkoersenBewurkje

Koers € 1 Muntienheid   Koers € 1 Muntienheid   Koers € 1 Muntienheid Koers € 1 Muntienheid  
13,7603 Eastenrykske skelling (ATS) 5,94573 Finske mark (FIM) 0,702804 Letske lats (LVL) 30,1260 Slowaakske kroan (SKK)
40,3399 Belgyske frank (BEF) 6,55957 Frânske frank (FRF) 3,4528 Litouske litas (LTL)
0,585274 Syprioatyske pûn (CYP) 340,750 Grykske drachme (GRD) 0,429300 Malteeske pûn (MTL)
1,95583 Dútske mark (DEM) 0,787564 Ierske pûn (IEP) 2,20371 Nederlânske gûne (NLG)
15,6466 Estske kroan (EEK) 1936,27 Italiaanske lire (ITL) 200,482 Portegeeske eskûdo (PTE)
166,386 Spaanske peseta (ESP) 40,3399 Lúksemboarchske frank (LUF) 239,640 Sloveenske tolar (SIT)

Fêste wikselkoersBewurkje

Der binne fierders 12 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de euro hawwe, d.w.s. dy't oan 'e euro fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e eurokoers binne:

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje