Politikus

berop
(Trochferwiisd fan Politisy)

Under in politikus (meartal: politisy) wurdt in persoan ferstien dy't in amt of funksje yn de polityk hat. In froulike politikus wurdt politika neamd.

Net elk amt of funksje wurdt hjirby as politike funksje sjoen, betingst is dat de persoan beslissingen nimme kin of beynfloedzje.

Yn demokrasyën wurdt de term meastal hantearre foar dejingen dy't in keazen funksje hawwe of neistribje en de troch harren keazen deistige bestjoerders. De politikus wurdt oer in generaal keazen as lid fan in politike partij. De politikus moat dan de stânpunten fan de politike partij útdrage, en it realisearjen fan de doelstellingen fan de partij neistribje. Hjirneist hawwe de politisy soms binnen de partij de taak om mei de ynhâld fan it partijprogramma te bepalen. Bûten politisy dy't fanút in politike partij keazen wurde, binne der ek partijleaze politisy. Yn net-demokratyske lannen kin de funksje krigen wêze troch in steatsgreep, ferkiezingsfraude, ferovering of erfopfolging.

In politikus dy't fan syn bestjoerlike karriêre ôfhinklik is foar syn ynkommen, en dus op bepaalde tiden ôfhinklik is fan werferkiezing, kin ferwiten wurde dat er minder gau ympopulêre beslissingen nimme sil. Guon waarnimmers fine dat soks liedt ta in stagnearre polityk klimaat, dêr't it hieltyd slimmer yn wurdt om ûnrjochtfeardichheden oan de kaak te stellen of serieuze feroarings troch te fieren. Ien fan de maatregels om dit effekt te kearen is it ynstellen fan in maksimum oan it oantal kearen dat in persoan keazen wurde kin.

Guon politisy ynspirearje troch harren útsprutsen stellingnames of troch nuveraardigheden yn harren media-optredens ta it betinken fan politike bynammen. Ek wurde nije maatskiplike ferskynsels wolris neamd nei de ferantwurdlike bestjoerder. Foarbylden hjirfan binne it "tientsje fan Lieftinck", it "kwartsje fan Kok" en melkertbanen.

Bestjoerslagen yn Nederlân

bewurkje seksje
  • leden fan it Jeropeesk Parlemint (algemien bestjoer) en de kommissarissen (deistich bestjoer)
  • leden fan lanlike parleminten (algemien bestjoer) en ministers en steatssekretarissen (deistich bestjoer)
  • leden fan provinsjale steaten (algemien bestjoer) en deputearren (deistich bestjoer)
  • gemeenteriedsleden (algemien bestjoer) en wethâlders (deistich bestjoer)

Keppeling om utens

bewurkje seksje