Drinken (as haadwurd) is eltse floeibere substânsje dy't organismen troch konsumpsje fan focht foarsjocht. Dêrby giet it ornaris om wetter of om floeistoffen op basis fan wetter. In likernôch synonym foar drinken is drank, hoewol't dêrmei ek faak spesifyk ferwiisd wurdt nei alkohoalyske soarten drinken, lykas bier en sterke drank. Drinken (as tiidwurd) kin ek ferwize nei it proses fan it opnimmen fan in floeistof troch in organisme. As bisten of minsken te lang net drinke, liedt dat ta in gefoel fan toarst, dat oanset ta drinken. As der der lykwols gjin drinken beskikber is, ûntstiet der in steat fan útdrûging (of dehydraasje), dy't nei ferrin fan tiid liedt ta de dea. In minske kin likernôch trije dagen sûnder drinken foar't er stjert.

In assortimint fruchtesop.

Soarten drinken bewurkje seksje

Behalven om wetter giet it by drinken ek faak om dranken dy't troch de minske makke wurde op basis fan wetter, lykas tee, kofje, bier of frisdrinken. Fruchtesop is de natuerlike floeistof dy't yn fruchten sit en dy't foar it meastepart út wetter bestiet. In oare natuerlike foarm fan drinken is molke, dat troch sûchdieren yn it lichem produsearre wurdt om harren jongen mei te fuorjen. Ek molke bestiet lykwols fierhinne út wetter.

In protte soarten drinken dy't troch de minske makke wurde, befetsje yn hegere of mindere mjitte alkohol, lykas bier (fan wetter en nôt), wyn (fan wetter en druven of oare fruchten) en mea (fan wetter en hunich). In grut tal oare alkohoalyske dranken mei hegere alkoholgehalten wurde ornaris beflapt ûnder de oerkoepeljende term sterke drank (lykas whiskey, wodka, jenever, bearenburch, gin, rum, mezcal en tequila). Bewiis foar it bestean fan alkohoalyske dranken giet teminsten werom oant 4000 f.Kr. It drinken fan alkohoalyske dranken liedt ta dronkenskip en by oermjittich en oanhâldend gebrûk ta alkoholisme en sûnensswierrichheden as hege bloeddruk, leversirroaze, gastritis, pankreatitis, jicht en beskate foarmen fan kanker.

Metoaden fan drinken bewurkje seksje

By minsken bewurkje seksje

Minsken drinke troch floeistof yn 'e iepene mûle te dwaan en troch te slokken. It slokken bringt de peristaltyske beweging yn 'e slokterm op gong, dy't de floeistof omleech nei de mage bringt, dêrby holpen troch de swiertekrêft. Hoe't de floeistof yn 'e mûle arrivearret, kin ferskille. Sa kin it yn 'e mûle getten wurde nei't it oppakt of opfongen is yn 'e hannen, mar ek kin it mei de lippen út 'e hannen opsûgd wurde. Faak wurdt lykwols in kop, mok, beker, glês of oare foarm fan drinkreau brûkt, dêr't de floeistof út wei yn 'e mûle getten wurdt, of mei in sûchreidsje út opsûgd wurdt. Poppen brûke ek in sûchmetoade om by boarstfieding de tatemolke út it memmeboarst te krijen.

In kat drinkt wetter út in plasse.

By wetterdieren bewurkje seksje

Amfibyen en fisken en beskate oare wetterdieren dy't yn swietwetter libje, hoege hielendal net te drinken. Ynstee nimme se wetter op troch de hûd troch in proses fan osmoaze. Fisken dy't yn 'e see libje, lykwols, drinke ûnder it swimmen troch de mûle, en fiere it oerstallige sâlt út it seewetter ôf fia de kiuwen.

By lândieren bewurkje seksje

Lândieren yn finzenskip leare om wetter te drinken, mar de measte yn it wyld libjende lândieren nimme genôch focht op út har iten. As omstannichheden (bgl. drûchte of in hjit klimaat) harren twinge om te drinken út oerflaktewetters, ferskille de manearen dy't se hawwe om dat te dwaan sterk fan soarte ta soarte.

Kateftigen, hûneftigen, evenhoevigen en ûnevenhoevigen dogge allegear de hals omleech om it wetter op te slikjen mei harren krêftige tongen. Kateftigen hawwe sa'n rouwe tonge dat it wetter efter de ronfels hingjen bliuwt. Hûneftigen foarmje harren tonge ta in soarte fan leppel om it wetter nei binnen te krijen. Evenhoevigen, ûnevenhoevigen en de measte oare herbivoaren dippe de punt fan 'e tonge ûnder wetter en sûge it wetter dan nei binnen ta

Oaljefanten litte de útein fan harren lange slurf (dat eins harren noas is) yn it wetter sakje, sûge dan de slurf fol wetter, stopje de útein yn harren bek en spuitsje it wetter wer út 'e slurf. De measte fûgels drinke troch wetter op te skeppen of op te sûgen yn har snaffels, wêrnei't se de kop efteroer dogge sadat it wetter út 'e snaffel nei de kiel rint. In ûtsûndering is de do, dy't wetter yn ien kear nei de kiel ta opsûge kin.

Hydraasje en dehydraasje bewurkje seksje

Frijwol alle libbensfoarmen hawwe ferlet fan wetter foar de hydraasje fan weefsels. De minske, bygelyks, bestiet foar likernôch 68% út wetter (ôfhinklik fan leeftyd en geslacht). Brekme oan hydraasje feroarsaket toarst, wat yn prinsipe in oanstriid ta drinken is dy't regulearre wurdt troch de hypotalamus yn reäksje op subtile feroarings yn 'e elektrolytnivo's fan it lichem en de fermindering fan it folume fan it trochjûne bloed. In weromrin yn it totale lichemswetter hjit útdrûging (of dehydraasje), en liedt úteinlik, as der net op reägearre wurdt, ta de dea troch hypernatriëmy. Behannelings fan útdrûgingsferskynsels binne û.o. assistearre drinken en orale rehydraasjeterapy. Oan 'e oare kant fan it spektrum kin in oerkonsumpje fan wetter liede ta wetterfergiftiging, dat de konsintraasje fan sâlten yn it lichem gefaarlik fertinje kin.

 
In assortimint drank.

Fysiology bewurkje seksje

Ynname fan focht bewurkje seksje

Foar it minsklik lichem is in deistige opname fan ½ oant 1 liter wetter fereaske foar normaal fysiologysk funksjonearjen. Dêrta wurdt net inkeld drinken rekkene, mar ek floeistof dy't yn iten sit (lykas yn brij). It Fiedingssintrum, in Nederlânske oerheidsynstânsje, riedt oan om deis 1½ oant 2 liter focht op te nimmen. It Amerikaansk Ministearje fan Lânbou (USDA) riedt foar folwoeksen manlju oan om yn totaal deis 3,7 liter focht op te nimmen, en foar folwoeksen froulju 2,7 liter. Guon boarnen wolle lykwols hawwe dat in hege ynname fan drinkwetter, los fan 'e ynname fan oare foarmen fan focht, nedich is foar in goede sûnens. Sa riede in protte fiedingskundigen oan om deis 1,8 liter wetter te drinken ferdield oer acht drinkbeurten. Dêr bestiet lykwols gjin wittenskiplike ûnderbouwing foar en oare boarnen beweare dat it iennichste resultaat dêrfan is dan men faker nei it húske moat om te pisjen.

Rol by sykte bewurkje seksje

In oermjittige of fermindere opname fan wetter en oare foarmen fan focht wurdt assosjearre mei sûnensswierrichheden. Oerhydraasje komt soms foar by sporters en lju dy't by hjit waar swier wurk bûtendoar dogge, lykas lânarbeiders. It struktureel oermjittich konsumearjen fan drinken hjit polydipsy en is in symptoom fan ferskate oandwanings, lykas de sûkersykten diabetes mellitus en diabetes insipidus. Ek kin it in teken wêze dat de hypotalamus net (mear) nei behearren funksjonearret. Polydipsy giet faak mank mei polyuery of oermjittige koartmielligens.

In soad besmetlike sykten wurde oerdroegen fia fersmoarge drinkwetter. Dat komt benammen foar yn sitewaasjes wêrby't in protte minsken deun opinoar libje yn primitive omstannichheden, lykas flechtlingekampen of sloppewiken. In kwea ferneamde sykte dy't op dy wize oerdroegen wurdt, is bygelyks goalera.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.