Bearenburch
Bearenburch is in op krûden lutsen Fryske distillearde drank mei in alkoholpersintaazje fan om de 30%. De oarspronklijke Beerenburg (met een haadletter, twa e's yn it earste wurdlid en in g oan de ein) waard healwei de 19e iuw makke troch Amsterdamske jeneverstokers dy 't in geheim krûdemingsel fan de Amsterdamske krûdekeapman Hindrik Beerenburg brûkten.
Al gau ûntstienen der pleatslike farianten op de bearenburch, mei in eigen resept. Dy mochten lykwols net Beerenburgs namme hawwe. Dêrtroch binne der ferskate staveringsfariaasjes op de namme Beerenburg ûntstien binne lykas Berenburg en Berenburger.
Hoewol't de bearenburch fan Amsterdamske komôf is, hat de drank benammen yn Fryslân en yn mindere mate yn Grinslân oan populariteit wûn. In Fryske spesjaliteit mei bearenburch is Dokkumer kofje.
Merken
bewurkje seksje- Bokma Friesche Beerenburg
- Boalsert KP Beerenburg - eartiids Plantinga Beerenburg
- Boomsma Beerenburger
- Hooghoudt Kalmoes Beerenburg
- Meekma Beerenburg
- Oenema Fryske Bearenburch
- Schermer Beerenburg
- Sonnema Berenburg
- Weduwe Joustra
- de bearenburch fan de Dames Westra út Wâldsein