Klaas Pieter Plantinga (Huzum, 2 juny 1846 - Boalsert, 17 july 1922) wie in distillateur en de oprjochter fan de Plantinga distillearderij yn Boalsert yn 1870.

Klaas Pieter Plantinga

De Plantinga distillearderij

bewurkje seksje

Ynearsten lei Plantinga him fral ta op it meitsjen fan in eigen fariant fan Bearenburch, in pleatslik populêre drank dy't goed wêze soe tsjin gryp en ferkâldenens. Yn Boalsert en omkriten waard it "in KP-tsje" neamd.

Plantinga's soan Gerrit Herman (9 jannewaris 1876 - 30 novimber 1962) kaam 29 septimber 1900 by it bedriuw, dat doe "K. Plantinga & Zoon, Distilleerderij 2e Klasse" waard. Op 8 oktober 1910 kaam ien fan Klaas syn oare soannen, Sicco, derby. Klaas sels hâlde der doe mei op. It bedriuw ymportearre rillegau dêrnei ek ferskate winen en sterke drank, mar makke it lêste sels ek. Gerrit Herman's twadde soan, Louwrens Baltus (5 oktober 1902 - 2 juny 1993) kaam op 14 july 1920 by de saak. Hy organisearre in ferkeapnetwurk bûten Boalsert. Louwrens Baltus is de man waans hantekening op benei alle Plantinga produkten (útsein, nuver genôch, Beerenburch) kaam te stean.

Lokaasjes

De Plantinga distillearderij en sliterij wie festige oan de Dijkstraat 7 yn Boalsert. De húshâlding wenne boppe de saak. Yn 1900 krige it bedriuw ek pânen oan it Grootzand, nûmer 6 en 7. De huzen wienen mei in besletten tún ferbûn oan de Dijkstraat 7-lokaasje. Yn 1901 ferhuzen Klaas en Ytsje nei in grutter gebou oan de Stoombootkade 2. Tsjin 1924 hie de distillearderij noch in lokaasje oan 't Laag 42-44.

Keppeling om utens

bewurkje seksje