Harlem ['hɑɹlǝm] (Assiniboin: Agásam Ti ’Óda; útspr.: [a'ɡa:sam ti 'ʔo:da]) is in stêd yn Blaine County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Neffens in offisjele skatting út 2012, basearre op âldere gegevens fan 'e folkstelling fan 2010, lei it ynwennertal fan Harlem doe op krapoan 840 minsken.

Harlem
De pleatslike bioskoop.
De pleatslike bioskoop.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Montana
County Blaine County
Sifers
Ynwennertal 838 (2012)
Oerflak 1,1 km² (ynkl. wetter)
1,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 725,5 / km²
Hichte 721 m
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 48°31′54″N
108°47′04″W
Kaart
De pleatslike bioskoop.
De lizzing fan Harlem yn Blaine County en yn Montana.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Harlem 17,0% âlder as 65 jier en 28,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,6% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, libbe doe 33% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier wie dat 32,8%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,2% Yndianen; 38,1% blanken; 4,0% Latino's; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 5,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.