Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

In ynfeksjesykte is in sykte by bist of minsk dy't de gasthear skea tabringt en feroarsake wurdt troch de oanwêzichheid fan ien of mear mikro-organismen, lykas in baktearje, in firus, in skimmel, of in ôfwikend aaiwyt, in saneamd prion. It oerdragen fan ynfeksjesykten kin op meardere wizen barre, lykas kontakt mei besmette fiedsel, of dranken, de ynademing fan besmette loft, troch ynsekten, mar ek direkt troch kontakt mei besmette persoanen. Lang net alle ynfeksjesykten binne oerdraachber fan minsk (of bist) op minsk, dit jildt allinnich foar de besmetlike sykten. Besmetlike sykten (of oerdraachbere sykten) ferspriede har troch direkt kontakt mei in yndividu, kontakt mei lichemsfloeistoffen fan ynfektearre yndividuen, of mei foarwerpen dy't besmetten binne troch in ynfektearre yndividu. Ynfeksjesykten kinne ûnderferdield wurde nei de wei wêrlâns se oerbrocht wurde (bygelyks geslachtssykten) of nei it orgaansysteem dêr't se betrekking op hawwe (bygelyks luchtwegen ynfeksjes). Ynfeksjesykten by de minsk dy't (mei) troch besmette bisten oerdroegen wurde, hjitte soönose. De ynfektiviteit beskriuwt it fermogen fan in mikro-organisme binnen te kringen yn in gasthear, te oerlibjen en him te fermannichfâldigjen, wylst de besmetlikheid fan in sykte it gemak wêrmei't de sykte oerdroegen wurde kin oan oare gasthearen betreft. Mar in mikro-organisme kan him ek fêstigje (kolonisearje) yn in gasthear, sûnder sykte te feroarsaakjen. De gasthear kin dêrtroch drager wurde fan in mikro-organisme (foarbyld MRSA-dragerskip).

Epidemiology

bewurkje seksje

Epidemiology is in wichtich ynstrumint om sykte yn in populaasje te bestudearjen. Foar in ynfeksjesykte helpt it om te bepalen oft in optredende sykte in sporadysk gefal betsjut of dat sprake is fan in epidemyske ferheffing. Epidemiology hâldt him ek mei oare fenomenen as ynfeksjesykten dwaande.

De diagnostyk fan in ynfeksjesykte is klassyk ûnderdiel fan de ynterne genêskunde en de medyske mikrobiology. De ynternist brûkt dêrby anamneze, lichaamlik ûndersyk en laboratoariumûndersyk. Yn it medysk mikrobiologysk laboratoarium kin de laboratoariumdiagnoaze steld wurde, dy't, mei de klinyske wierskynlikheidsdiagnoaze (ek wol wurkdiagnoaze neamd), ta de eindiagnoaze liede kin.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Infectious diseases fan Wikimedia Commons.