Izeren Konfederaasje

De Izeren Konfederaasje (Ingelsk: Iron Confederacy; Kry: Nehiyaw-Pwat) wie yn achttjinde en njoggentjinde iuw in machtich militêr en polityk ferbûn fan beskate groepen Flakte-Yndianen yn wat no westlik Kanada en de Amerikaanske steat Montana is. It bûn behearske in grut part fan 'e Grutte Flakten en wie djip behelle yn 'e lukrative pelshannel mei de Britske Hudsonbaaikompanjy. Uteinlik laten de delgong fan 'e pelshannel en de útrûging fan 'e Amerikaanske bizon yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ta de ein fan it bûnsgenoatskip yn 'e Noardwestlike Opstân fan 1885.

Kano's fan 'e Hudsonbaaikompanjy op 'e rivieren fan westlik Kanada.

Gearstalling

bewurkje seksje

De Izeren Konfederaasje omfette yn it foarste plak dy groepen fan 'e Kry (Cree) dy't om 1740 hinne de Grutte Flakten op teagen en har úteinlik ta de Flakte-Kry (yn it suden) en de westlike Wâld-Kry (yn it noarden) ûntjoegen. De oare leden wiene de nau mei de Kry besibbe Algonkwynske Odjibwe (Ojibwe) fan 'e Flakte-Odjibwe-substamme, en de alhiel net mei har besibbe Sûaanske Assiniboin (Assiniboine). Tydlingswei waarden ek de Stony (Stoney), de noardwestlike sibben fan 'e Assiniboin, en yn 'e njoggentjinde iuw de Gro Wânt (Gros Ventre) by de alliânsje belutsen. Ta einbeslút wiene der yndividuële Métis en Irokezen dy't yn westlik Kanada yn 'e pelshannel behelle wiene.

De opkomst fan 'e Izeren Konfederaasje kin datearre wurde yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw, doe't de Kry westoan begûnen op te kringen omreden fan ekspânsje fan 'e hannel yn pelzen dy't se dreaune mei de Britske Hudsonbaaikompanjy. Mei de Odjibwe hiene se in natuerlik ferbûn fanwegen harren nauwe besibskip, en ienris op 'e flakten oankommen, giene se freedsume relaasjes oan mei de Assiniboin. Om't de erffijannen fan 'e Assiniboin, lykas de (Sioux), de Swartfuotten (Blackfeet) en yn 't earstoan de Gro Wânt, op it mêd fan 'e pelshannel ek de wichtichste potinsjele konkurrinten fan 'e Kry wiene, feroare it ferbûn al rillegau yn in militêre alliânsje. De leden fan 'e Izeren Konfederaasje ûntjoegen har ta wichtige en betroubere hannelspartners fan 'e Britten, dy't grutte oantallen bever- en bizonhûden leveren. Sokke hûden wiene se sels troch jacht oan kommen, of hannelen se troch fan oare, fierder nei it suden en súdwesten ta libjende folken. As betelling foar de pelzen ûntfongen se fan 'e Hudsonbaaikompanjy in protte Jeropeeske hannelswaar, wêrûnder gewearen, munysje, metalene tomahawks en potten, wollene tekkens en skonkbeskermers en glêzene kralen.

Op syn hichtepunt behearske de Izeren Konfederaasje de noardlike Grutte Flakten hast folslein, en ûntjoech it bûnsgenoatskip him ta in grutte bedriging foar lju dy't der gjin diel fan útmakken, lykas blanke kolonisten en lânseigen folken as de Krieën en de Sjosjoanen. De úteinlike delgong fan 'e pelshannel, healwei de njoggentjinde iuw, en de opsetlike útrûging fan 'e bizonkeppels troch fral Amerikaanske, mar ek Kanadeeske jagers yn opdracht fan 'e respektivelike regearings, late streekrjocht ta it meidwaan fan 'e Izeren Konfederaasje oan 'e Noardwestlike Opstân fan 1885, dat eins fierders benammentlik in gefjocht fan 'e Frânsktalige Métis tsjin it Britske koloniale regear fan Kanada wie. Likegoed wie de Noardwestlike Opstân ien fan 'e inkele kearen dat der yn Kanada op grutte skaal fochten waard tusken Yndianen en regearingstroepen (yn tsjinstelling ta de Feriene Steaten, dêr't dat skearing en ynslach wie).

Yn 't earstoan gie it de Flakte-Kry, Assiniboin en Flakte-Odjibwe foar de wyn, en wûnen se de Slach by Cut Knife. Mar de Kanadezen koene de nije tillegraafferbinings en spoarlinen brûke om fluch en koördinearre troepen út Ontario nei it westen ta te stjoeren, en hiene sadwaande oeral de nûmerike mearderheid, gruttere mobiliteit en mear en bettere fjoerwapens. Doe't de Métis ienris ferslein wiene yn 'e Slach by Batoche, bleau de Izeren Konfederaasje boppedat sûnder bûnsgenoaten efter. Dêrop joech in diel fan Kry en Assiniboin de striid op, en al wisten de trochfjochters trije wike letter noch de Slach by Frenchman's Butte te winnen, it wie om 'e nocht. Se waarden ferplettere yn 'e Slach by Loon Lake en rekken alhiel fersille. Begjin juny 1885 wie de opstân foarby. Dit barren tebriek de Izeren Konfederaasje foargoed as in militêre macht, wylst ferdraggen mei it Kanadeeske regear in ein makken oan 'e politike selsstannigens fan it ferbûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.