De bever (Latynske namme: Castor fiber), ek wol de Jeraziatyske bever of de gewoane bever neamd, ta ûnderskie fan 'e nau besibbe Kanadeeske bever (Castor canadensis), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae), de lyknammige ûnderfamylje fan 'e bevereftigen (Castorinae) en it skaai fan 'e bevers (Castro). Dizze soarte kaam ienris rûnom foar yn hast hiel Jeropa, mar waard om syn pels en kastoreüm bejage oant er suver útstoarn wie. Yn 1900 wiene der noch mar sa'n 1.200 oer. Sûnt is er troch beskerming wer oanwûn en de lêste fearnsiuw is er op in soad plakken dêr't er earder útstoarn wie, lykas yn Nederlân, wer yn it wyld útset. Yn augustus 2014 waard foar it earst yn mear as twahûndert jier wer in bever yn Fryslân waarnommen, yn 'e omkriten fan Wâldsein.

bever
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje bevereftigen (Castoridae)
skaai bevers (Castor)
soarte
Castor fiber
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemien foarkommen

bewurkje seksje

De bever komt yn Jeropa foar yn in oaniensletten gebiet dat noardlik Ruslân (útsein de republyk Kareelje en it Kola-skiereilân) omfettet en fierders dielen fan sintraal Ruslân, hast hiel Wyt-Ruslân, hiel Letlân, Litouwen en de Russyske eksklave Kaliningrad, eastlik Estlân, it noardeasten fan Poalen, de noardeastlike grinsregio fan 'e Oekraïne en it streamgebiet fan 'e rivier de Dnjepr, yn 'e sintrale Oekraïne. Foar in grut part is dizze fersprieding it resultaat fan 'e reyntroduksje fan 17.000 bevers yn 'e eardere Sovjet-Uny, tusken 1927 en 2004, want yn bgl. de Baltyske steaten, Wyt-Ruslân en de Oekraïne wie dizze soarte earder útstoarn of sa goed as útstoarn.

 
In swimmende bever.

Yn Skandinaavje komme bevers foar yn dielen fan westlik Finlân, hiel noardeastlik en sintraal Sweden en dielen fan súdlik en eastlik Noarwegen. Yn Sweden wie de bever tsjin 1870 útstoarn; de hjoeddeiske fersprieding dêre is te tankjen oan 'e reyntroduksje fan 80 eksimplaren út Noarwegen wei, dy't tusken 1922 en 1939 op njoggentjin ûnderskate lokaasjes yn it wyld útset waarden. Ek yn Finlân, dêr't de bever yn 'e njoggentjinde iuw krektlyk útstoarn wie, spile yntroduksje út Noarwegen wei in grutte rol, mar yn 1937, doe't men noch net foar it ferstân hie dat de Kanadeeske bever in oare soarte foarmet as de Jeraziatyske bever, waarden yn it Finske binnenlân bevers út Noard-Amearika útset, dy't dêr sûnt as eksoat libje. Yn Denemark, dêr't de bever al om it jier 1000 hinne útrûge wie, waard er yn 1999 reyntrodusearre yn westlik Jutlân, en yn 2009 te Arresø, yn it noarden fan it eilân Seelân.

Op it Jeropeeske kontinint besteane inkeld fersnipele isolearre populaasjes. Yn Poalen oerlibbe in populaasje yn 'e rivier de Wisla, yn 'e midden fan it lân, dêr't er him (soms mei minsklike help en soms net) wei ferpraat hat oer oare kriten. Yn Dútslân oerlibbe de bever yn 'e Elbe en fersprate him dêrwei oer in grut diel fan 'e DDR. Fral yn Meklenburch-Foarpommeren libbet tsjintwurdich in grutte populaasje. Yn westlik Dútslân binne Elbebevers útset yn 'e Eifel, by de rivier de Hase lâns. Yn Beieren waard er yn 1966 reyntrodusearre yn 'e Donau, en letter yn Eastenryk ek, wylst er yn Switserlân yn 'e Ryn útset is. Yn Roemeenje, dêr't er yn 1824 útrûge waard, waard de bever yn 1998 reyntrodusearre yn 'e rivier de Olt, yn Walachije, en waard yn 2014 befêstige dat er him op eigen krêft yn 'e Donaudelta nei wenjen set hie. Yn Sintraal- en East-Jeropa komme fierders lytse isolearre populaasjes foar yn Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, westlik Kroaasje en noardlik Bulgarije.

 
In beverboarch.

Yn Belgje, dêr't de lêste bever yn 1848 sketten waard, waarden foar it earst bevers útset yn 1998, yn 'e Ardinnen, troch de partikuliere boarger Olivier Rubbers, dy't dêrfoar foar de rjochter sleept waard yn in saak dy't noch altyd rint. Letter folgen der lykwols nije reyntroduksjes yn Walloanje yn 2000 en yn Flaanderen yn 2003. Yn Frankryk waard de bever yn 'e njoggentjinde iuw hast útrûge, mar yn 'e Rônedelling, tichteby Lyon, wist in lytse populaasje te oerlibjen, dy't him neitiid troch reyntroduksjes ek oer de Loiredelling en oare dielen fan it lân (lykas de Elzas en Bretanje) ferspraat hat. Yn Spanje waarden guon bevers yn 2003 troch natoerbeskermers, sûnder tastimming fan 'e oerheid, loslitten yn 'e rivier de Aragon, dêr't se har ûnderwilens wei ferspraat hawwe nei de Ebro.

Op 'e Britske Eilannen stoar de bever yn 'e sechstjinde iuw út; de lêste betroubere waarnimming yn Ingelân datearret út 1526, al hold er it noch justjes langer út yn Skotlân. Yn 2001 fûn yn Grut-Brittanje de earste reyntroduksje plak yn it greefskip Kent, yn súdeastlik Ingelân, folge troch oaren yn 'e rivier de Tay (eastlik Skotlân), yn 2001, Gloucestershire (sintraal Ingelân), yn 2005, en Lancashire (noardlik Ingelân), yn 2007. Underwilens hat de bever him blykber op eigen krêft ferspraat nei Devon, yn súdwestlik Ingelân, wylst yn 2011 de earste bevers loslitten waarden yn sintraal Wales.

 
Beverwurk.

Bûten Jeropa komt de bever ek foar yn súdwestlik Sibearje, noardlik en noardeastlik Kazachstan, dielen fan sintraal súdlik Sibearje (wêrûnder de autonome republiken Altai en Tûva), de westlikste punt fan Mongoalje en it noarden fan Sinkiang-Oeigoerje. Yn dy lêste krite, dy't ta Sina heart, hat it Sineeske regear yn 1980 oan 'e rivier de Ulungur it Bulgan Bever Natoerreservaat (布尔根河河狸自然保护区) oprjochte om 'e bisten te beskermjen.

Foarkommen yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Nederlân wie de bever yn 1826 foar it lêst waarnommen. Yn 1988 waard der úteinset mei de reyntroduksje troch in stikmannich eksimplaren los te litten yn 'e Biisbosk, op 'e grins fan Súd-Hollân en Noard-Brabân. Dêrwei hat de bever him sûnt, ûnderstipe troch in fierdere reyntroduksje (op itselde plak) yn 1992, ferspraat oer it hiele gebiet fan 'e Grutte Rivieren, fan Rotterdam oant de Dútske grins. Fierders komt er no algemien foar yn Midden-Limburch en by de Maas lâns yn Súd-Limburch en ek libbet er yn it streamgebiet fan 'e Isel, yn Gelderlân en Oerisel. Yn Flevolân ûntsnapte koart nei de milenniumwiksel in tal bevers út it Natoerpark Lelystêd, dy't earst de Eastfardersplassen kolonisearren en har dêrnei ferspraat hawwe oer de rânemarren fan 'e Flevopolders en foar in diel ek oer dy polders sels. Fierders hat de bever him nei syn reyntroduksje dêre yn 2008, nei wenjen set yn noardlik Drinte, yn 'e omkriten fan 'e Súdlaardermar, en yn it oanbuorjende diel fan Grinslân, yn 'e delling fan 'e Hunze. Yn Fryslân waard mei in falkamera, yn 'e omkriten fan Wâldsein, yn 'e trêde wike fan augustus 2014 de earste bever yn mear as twahûndert jier waarnommen.

 
In bever.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De bever is it grutste kjifdier fan Jeropa. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 70-100 sm, mei in sturtlingte fan 25-37 sm en in gewicht fan 15-35 kg. De wettertichte pels is oer it hiele lichem griisbrunich oant dûnkerbrún. De sturt is by de oansluting op 'e rêch rûn fan foarm en behierre, mar fierder breed en plat, in peddel allyk, en keal mei skobben. By de wyfkes is er langer en smeller as by de mantsjes. Bevers hawwe frij koarte poaten mei fiif teannen, dêr't by de efterpoaten swimfluezzen tusken sitte. De snút is stomp en de earen en eagen binne lyts yn ferhâlding ta de lichemsgrutte. By it swimmen kinne de noas en de earen ôfsletten wurde, en teffens sit der oan 'e binnenkant fan it wang in hûdflap dy't de kiel ôfslút as de bever ûnder wetter oan it gnaujen giet. Foaroan yn 'e bek sitte twa pear withoesterke kjiftosken, dy't oerdutsen binne mei oranje-eftich glazuer en libbenslang trochgroeie, sadat bevers eltse dei hout gnauje moatte om se ôf te sliten.

De Jeraziatyske bever ferskilt fan 'e nau besibbe Kanadeeske bever (Castor canadensis) op in stikmannich subtile punten. Yn it foarste plak is er oer it algemien ljochter fan kleur en hat er in gruttere, minder rûne kop. Fierders is de snút fan 'e Jeraziatyske bever justjes smeller, de sturt wat smeller en minder ovaalfoarmich, de noasbonke langer en de skynbonken koarter (sadat er him minder maklik op allinnich de efterpoaten fuortbewege kin as de Kanadeeske bever). Ta einsluten binne de noasters fan 'e Jeraziatyske bever trijehoekich, wylst se by de Kanadeeske bever fjouwerkant binne.

 
In beverdaam.

Bevers libje yn boskeftige kriten, of alteast gebieten dêr't genôch beammen groeie om oan har behoeften te foldwaan, by de iggen fan beken, rivieren, puollen en marren lâns. Soms komme se ek foar yn iepen terrein dêr't wat wylgeguod en oar leechhout by de wetterkant lâns groeit. Datoangeande kinne in protte moerassen foldwaan oan 'e easken dy't de bever steld. De wetterdjipte moat wol minimaal 50 sm wêze, mar oft it steamend of stilsteand wetter is, dat is him ien toetmem. Sânstrannen en stiennige wâlen mijt er al.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De bever is fral nachts faak yn 't spier, al is it strikt nommen gjin echt nachtdier. Yn rêstige gebieten komt er ek oerdeis foar 't ljocht. Op it lân is it in lôch en knoffelich bist, mar as er yn it wetter giet, feroaret er ynienen yn in grasjeuze en flugge swimmer. Ek yn dûken is er tige betûft, en hy kin wol 5 minuten ûnder wetter bliuwe. Oer it algemien binne bevers swijsume bisten, en as se al leven jouwe, binne it kreunjende of blazende lûden. As se har bedrige fiele of agresje toane wolle, slane se mei de platte sturt op it wetter. Se libje solitêr of yn lytse famyljegroepkes fan in pearke mei jongen fan 'e lêste ien of twa jierren, wêrby't dan elts bist bûten de mienskiplike boarch in eigen territoariumke hat.

 
Beverwurk.

Bevers meitsje soms in eigengroeven hoale yn in hege wâl, mar as de wâlen har dêr net ta liene, wat yn it soarte fan biotoop dat de bever bewennet faak foarkomt, dan lizze se yn it wetter in boarch oan fan beamstammen, tûken, twigen, griene panten en drek. Sokke boargen kinne wol 2 m heech wêze en in trochsneed fan 10 m hawwe. De yngong befynt him altyd ûnder it wetteroerflak, en de nêstromte leit likernôch 20 sm dêrboppe. By in te lege of wikseljende wetterstân lizze de bevers dammen yn beken en oare wetterrinnen oan om it wetter om har boarch hinne op peil te hâlden. Dêrfoar gnauje se samar folwoeksen beammen mei in trochsneed oant 60 sm om. De tûken en twiichjes fan sa'n beam wurde earst ôfbiten en ûnder wetter yn 'e blauwe drek set, sadat se goed bliuwe oant yn 'e winter en dan as fretten tsjinje kinne. De stammen wurde dêrnei fierder yn stikken gnaud en dêr wurdt de daam fan oanlein.

De peartiid falt by bevers fan jannewaris oant maart. Nei in draachtiid fan 3½ moanne smyt it wyfke dat in nêst fan 1-5 jongen, dy't by de berte al oer in pels beskikke en de eachjes iepen hawwe. Likegoed bringe se de earste 5-6 wiken binnendoar, yn 'e boarch, troch. Jonge bevers wenje faak twa jier by har âlden yn, en gean har eigen paad dan yn april of maaie fan it twadde jier, krekt foar't de jongen fan dat jier berne wurde. Se binne dan ek pas nei 2 jier geslachtsryp, al nimme se yn 'e regel pas fanôf it trêde jier oan 'e fuortplanting diel. Trochinoar libje bevers 8-12 jier, mar der is in gefal bekend fan in bever dy't yn finzenskip 35 jier waard.

 
In bevermem mei har jong.

Bevers binne folslein herbivoar, en frette inkeld blêden en bast fan beammen (benammen fan wylgen en popelieren), en fierders woartels, wetterplanten en griene lânplanten.

De bever hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn relatyf romme ferspriedingsgebiet no foar it grutste part wer rûnom foarkomt en syn populaasje stabyl liket te wêzen. Lykwols waard dit bist iuwenlang swier troch de minske bejage. Yn it foarste plak waard dat dien fanwegen de bever syn waarme pels, dêr't bûntene kledaazje fan makke waard, en syn kastoreüm of bevergeil, in fia de anaalklieren ôfskate muskuseftige substânsje dy't yn 'e santjinde iuw yn 'e moade kaam as "genêsmiddel", en dy't boppedat tafoege waard oan rûkersguod. (De bever sels brûkt dat guod foar it ôfbeakenjen fan syn territoarium.) Dêrnjonken waarden bevers somtiden ek ferfolge om't harren dammebouwerij en de ynfloed dy't se dêrmei op 'e wetterhúshâlding útoefenen, skealik wie foar de lânbou.

Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw wie de beverstân sakke oant 1.200 eksimplaren (wêrfan 300 beëasten de Oeral), en stoarre de soarte it útstjerren yn 'e eagen. Lokkigernôch kearde doe it tij. Yn 'e measte lannen waard de jacht ferbean en stadichoan begûn men maatregels te nimmen om it foarkommen fan 'e bever aktyf oan te fiterjen. Geandewei de iuw klaude de soarte wer by de wâl op, oant der neffens in skatting út 2003 doe wer 639.000 wiene (wêrfan 83% yn 'e eardere Sovjet-Uny). Dat de grappich útsjende bisten net alhiel ûngefaarlik binne, bewiist it lot fan in Wytrussyske fisker, dy't yn maaie 2013 ferskate kearen troch in bever biten waard en oan syn ferwûnings ferstoar om't dêrby de slachier yn syn skonk iepenhelle waard, sadat er deablette.

 
In bever yn 't spier yn Poalen.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne njoggen erkende ûndersoarten fan 'e bever, dy't gauris ûnderferdield wurde yn trije groepkes:

  • westlike groep (West- en Noard-Jeropa)
    • de Britske bever (Castor fiber albicus) †
    • de Frânske bever (Castor fiber gallicus)
    • de Skandinavyske bever (Castor fiber fiber)
  • oergongsgroep (East-Jeropa)
    • de Eastjeropeeske bever (Castor fiber orientoeuropeas)
    • de Wislabever (Castor fiber vistulanus)
    • de Wytrussyske bever (Castor fiber biellorussieus)
  • eastlike groep (Sibearje)
    • de birulabever of Birula's bever (Castor fiber birulai)
    • de pohlebever of Pohle's bever (Castor fiber pohlei)
    • de Tûvaanske bever (Castor fiber tuvinicus)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • ――, Eerste Friese bever gezien bij Woudsend, yn: de Ljouwerter Krante, 1 septimber 2014, s. 20.
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.