Foet

(Trochferwiisd fan Poat)

In foet, by bisten almeast poat neamd, is by libbene wêzens in lichemsdiel dat oan 'e útein fan 'e skonk sit (al wurdt yn it Frysk ek de hiele skonk wol "foet" neamd). Fuotten hawwe as funksje om it gewicht fan it lichem te dragen en it lykwicht te behâlden by stân en fuortbeweging. By de minske bestiet de foet út in nei foarren ta rjochte útsteksel, dat fan boppen troch it ankelgewricht mei it fertikale diel fan 'e skonk ferbûn wurdt. De ûnderkant fan 'e foet hjit de soal. Rjocht ûnder it ankelgewricht sit de hakke, wylst oan 'e útstykjende foarkant fan 'e foet fiif lytsere útsteksels sitte, de teannen, dy't fan lofts nei rjochts of fan rjochts nei lofts (ôfhinklik fan 'e fraach oft it om 'e rjochter- of de lofterfoet giet) wat langer wat lytser wurde.

De rjochterfoet fan in minske.
Dizze side giet oer it ûnderste diel fan 'e skonk. Foar oare betsjuttings, sjoch: foet (betsjuttingsside).

De minsklike foet bestiet út 26 ûnderskate bonken, 33 gewrichten, 107 ligaminten en 19 spieren en sinen. Troch dy yngewikkelde opbou kin men mei jins fuotten ek tige komplekse bewegings meitsje, en dat is nedich om op twa skonken rinne te kinnen. Anatomysk sjoen falt de foet útinoar yn trije dielen: de foarfoet, besteande út 'e middenfuotsbonken en de teannen; de middenfoet, besteande út 'e fuotwoartelbonken; en de efterfoet, besteande út it ankel, de sprong en de hakbonke.

As de grutte tean de langste tean is, wat by likernôch 60% fan 'e minsken it gefal is, sprekt men fan in Egyptyske foet. Is de twadde tean it langste, wat by sa'n 10% sa is, dat hat men it oer in Grykske foet. Binne dy beide teannen like lang, dan is der sprake fan in fjouwerkantige foet. Krekt as by hannen jouwe in protte lju ek by fuotten de foarkar oan 'e iene of de oare. Brûkt men leaver de rjochterfoet, dan is men rjochtsfuottich, jout men de foarkar oan 'e lofterfoet, dan is men loftsfuottich. Under de midden fan 'e foet sit fan natuere in lytse holte; mist dy, dan hat men platfuotten, mar is de holte ûnnatuerlike grut, dan hat men holfuotten. Beide ôfwikings bringe problemen mei as men lang op 'e fuotten is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.