Henry Hudson
Henry Hudson (berne tusken 1565 en 1570 - stoarn yn 1611) wie in Ingelske ûntdekkingsreizger en seefarder yn de iere 17e iuw. Yn opdracht fan Ingelske hannelers makke er ferskate reizen om de noardeast trochgong nei Yndia te finen. Hudson ferkende teffens it gebiet dêr't no New York City is doe't er socht nei in westlike rûte nei Aazje fanwegen de VOC.[1]. Hy ferkende de rivier de Hudson en lei sa it fûnemint foar de Nederlânske kolonisaasje fan dy kontrei, dy't fruchtber wie en in soad fisk en bûnt hie.
Hudson syn lêste ekpedysje hie it doel om de Noardwest Passaazje te finen. Hy ûntdekte doe Strjitte Hudson en de Hudsonbaai. Nei de oerwintering yn Jamesbaai yn 1611, woe Hudson fierder nei it westen trochsette, mar it grutste part fan syn bemanning makke oproer en sette Hudson, syn soan, en oaren yn in sloep. Net ien hat se ea wer sjoen.
Earste en twadde reis
bewurkje seksjeDer is suver neat bekend oer Hudson syn libben fan foar 1607. Saakkundigen binne it net iens oer syn bertejier en komôf. Yn 1607 makke er yn tsjinst fan de Ingelske Muscovy Company syn earste ûntdekkingsreis. Hudson wie in betûft seeman en wie op de hichte mei it wurk fan Willem Barents. Hy ûndersike de kusten fan Spitsbergen en berikte 80°23'N dêr't swiere iisgong fierder farren slim behindere. Op de weromreis soe Hudson it fulkanyske eilân Jan Mayen (Doe Hudson's Tutches meamd) op 'en nij ûntdutsen hawwe. Oaren liket dat ûnwierskylik út reden fan de ûnlogyske rûte dy't er dan folgje moatten hawwe soe. Boppedat neamt Hudson it net yn it lochboek.[2] Op de kaarten fan dizze reis wurdt ek gjin bewiis foar de ûnderstelde ûntdekking fûn.[3]
Yn 1608 makke er in twadde reis op de Hopewell mei as doel it finen fan in trochgong tusken Spitsbergen en Nova Sembla (en sa fierder nei Aazje). Yn de Karasee waard er lykas de earste kear trich it iis tsjinholden.
Tredde reis
bewurkje seksjeYn 1609 makke Hudson wer in reis, dit kear yn tsjinst fan De Keamer fan de VOC yn Amsterdam. Op 8 jannewaris tekent er it kontrakt tegearre mei Jodocus Hondius, dy’t as tolk fungearre.
Mei de Halve Maen, in skip fan amper 70 ton en in Nederlânsk-Ingelske bemanning (20 koppen) gong er opnij op paad om de Noardeastlike passaazje te sykjen. De rûte wie trochsprutsen mei dûmny Petrus Plancius, dy’t fan betinken wie dat it tichter by it noarden waarmer wurde soe en it wetter iisfrij wêze soe. Men wie hastich fanwege mooglike Frânske konkurrinsje fan Isaac le Maire syn ekspedysje.
Op 4 april 1609 ferliet er de haven fan Amsterdam. Doe’t er om de Noardkaap syld wie die bliken dat de iisgong noch helte slimmer wie as op syn eardere reizen. De bemanning protestearre yn de omkriten fan Nova Sembla. Ynstee fan trochsette of op te jaan, besleat Hudson it oer in oare boech te smiten. Hy stiek de Atlantyske Oseaan oer en begûn te sykjen nei in trochfeart troch Noard-Amerika]; hy basearre him op ynformaasje fan in kolonist út Firginia.
Healwei july wie Hudson bewesten fan Nova Scotia, bedarre yn in stoarm en folge doe de kust nei it suden mei in nije mêst. Op 4 augustus farde it skip Cape Cod by del. Chesapeake Bay en Delaware Bay waarden hastich ferkend, en doe berikte Hudson op 3 septimber de rivier dy’t ynearsten Mauritius en letter nei him neamd wurde soe. Hy wie trouwens net de ûntdekker fan de Hudson; de rivier wie al bekend sûnt de reis fan Giovanni da Verrazzano yn 1524.
Hudson farde sa’n 200 kilometer de rivier op, sa’n bytsje oant de hjoeddeiske stêd Albany (Kinderhook) ta. Geregeldwei waarden de omkriten ferkend mei de sloep. De bemanning ruile griene tabak, oesters, maiskolven, druven, pompoenen en bever- en otterfellen mei de yndianen foar snypsnaren, messen en kralen. Op in stuit brieken de Yndianen harren pylken, om Hudson sjen te litten dat er net benaud hoechde te wêzen. Op 23 septimber besleat Hudson werom te gean, omdat dúdlik waard dat dizze rivier net de trochgong nei de Grutte Oseaan wêze koe dy’t hja sochten.[4]. Op 4 oktober gie men wer nei see en op 7 novimber kaam Hudson yn Dartmouth (Devon) oan. Hudson waard lywols fêstset troch de autoriteiten dy't it skipssjoernaal besette woenen. It slagge him lykwols it lochboek yn hannen fan de Nederlânske ambassadeur yn Ingelân te spyljen dy't it nei Amsterdam stjoerde.[5]
Op grûn fan dizze reis lei Nederlân in kleem op dit gebiet en op de bûnthannel. Der kaam in hannelspost yn Albany yn 1614. Nij Amsterdam yn Manhattan waard it haadplak fan Nij Nederlân yn 1625.
Lêste reis
bewurkje seksjeNei dizze reis waard it Hudson ferbean om nochris ûnder frjemde flagge te farren, dat syn folgjende reis barde wer ûnder Ingelske flagge. (april 1610) De ekspedysje waard betelle troch de Virginia Company en de British East India Company.
Hy stiek no ek wer de Atlantyske Oseaan oer op it skip ‘’Discovery’’, mar no noardliker (fia Yslân en de súdpunt fan Grienlân) as op syn foarige tocht. Hy berikte de noardeastpunt fan it Kanadeeske fêstelân en farde tusken Baffinlân en Labrador troch en ûntdekte de Hudsonstrjitte dy’t him nei it westen ta yn de Hudsonbaai brocht. Hy folge de eastkust fan de Hudsonbaai nei it suden oant de súdpunt (Jamesbaai).
Doe’t it skip yn it iis fêstrekke begûn syn bemanning te fûterjen. Underweis hienen hja gjin minske sjoen. It wie Hudson al langer net tafallen om de oarder te bewarjen, mar no waard dat noch dreger. Hy waard fertocht fan it benefterhâlden fan de rantsoenen en hy soe guonts befoardielje. Doe’t it skip yn juny 1611 los rekke waard it rebûlje. Hudson, syn soan dy’t ek loads wie en sân oare fertroulingen waarden yn in sloep set en fierders oan harren lot oerlitten. Doe’t de ‘’Discovery’’ werom yn Ingelân wie waard de bemanning fêstset.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|