Kinderhook (New York)

Kinderhook ('Bernehoeke') is in doarp en gemeente yn de Amerikaanske steat New York. It plak is fral bekend as berte- en stjerplak fan Martin Van Buren, de achtste presidint fan de Feriene Steaten. De herberch fan syn heit dêr't er berne is bestiet net mear, mar it plak wurdt wol mei in buordsje oanjûn.

Lizzing Kinderhook yn de steat New York

De Ingelske ûntdekkingsreizger Henry Hudson wie yn 1609 mei it VOC-skip de Halve Maen de letter nei him neamde rivier de Hudson opfearn, sykjend nei in westlike rûte nei Aazje. Op it plak dêr't no Kinderhook is, waard er twong om werom te gean omdat de rivier te smel waard. Hy neamde dy kontrei Kinderhoeck, omdat er dêr lânseigen bern boartsjen sjoen hie.

Yn 1640 gienen de earste Nederlânske kolonisten it gebiet yn. Tusken de Nederlanners, Britske kolonisten en de yndianestam Mahikanen ûntstie earst letter yn de 17e iuw striderij om dit gebiet. It doarp Kinderhook waard stifte yn 1686. De gemeente Kinderhook ûntstie yn 1788. Lange tiid wennen der yn it doarp mar inkelde tsientallen minsken dy't meast fan Nederlânsk komôf wienen. Healwei de 19e iuw groeide it ynwennertal nei sa'n 1400 en dat tal is oant no likernôch itselde. De gemeente Kinderhook telt goed 8000 ynwenners en bestiet neist Kinderhook út de doarpen Niverville, Valatie en Valatie Colony. Kinderhook is in part fan Columbia County.

Ferskaat bewurkje seksje

Martin Van Buren syn bynamme wie Old Kinderhook, wat neffens ien teory ôfkoarte is ta O.K., wat wer ferbastere is ta okay en oké.

Berne yn Kinderhook bewurkje seksje

  • Martin Van Buren (1782-1862), 8e presidint fan de Feriene Steaten (ek stoarn yn Kinderhook)
  • Hannah Van Buren (1783-1819), berne as Hannah Hoes en frou fan Martin Van Buren

Keppelings om utens bewurkje seksje