Hannah Hoes Van Buren (Kinderhook, 8 maart 1783Albany, 5 febrewaris 1819) wie in Amerikaanske frou dy't bekend wurden is omdat sy de frou fan de lettere, achtste presidint fan de Feriene Steaten Martin Van Buren west hat.

Hannah Van Buren

Fan 1807 oant har ferstjerren wie hja mei him troud. Sy stoar mei 35 jier oan tuberkuloaze, santjin jier foardat har man keazen waard as presidint. Dêrom hat hja ek nea de First Lady west. Martin Van Buren is net opnij troud. Yn syn amtsperioade naam syn skoandochter Angelica Van Buren de plichten fan First Lady op 'e noed.

Hannah Van Buren waard bedobbe yn har bertedoarp Kinderhook, dêr't har man ek berne wie en ek ferstjerre soe.

Iere jierren

bewurkje seksje

Hannah's âlden hjitten Johannes Dircksen Hoes (1753-1789) en Maria Quakenbush (1754-1852). Hannah en Martin van Buren waarden tegearre grut yn Kinderhook. Hja gienen nei de pleatslike skoalle by juffer Vrouw Lange. Harren earste taal wie Nederlânsk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje