Angelica Van Buren

Angelica Singleton Van Buren, berne as Sarah Angelica Singleton (13 febrewaris 1818 - 29 desimber 1877) wie de skoandochter fan de 8e presidint fan de Feriene Steaten Martin Van Buren. Sy wie boaske oan syn soan, Abraham Van Buren. Sy ferfolle de rol fan first lady om't de frou fan de presidint 17 jier earder ferstoarn wie en hy net op 'en nij troud wie.

Angelica Van Buren
politikus
echte namme Sarah Angelica Singleton Van Buren
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 13 febrewaris 1818
berteplak Wedgefield (Súd-Karolina)
stjerdatum 29 desimber 1877
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Frânsk
Iersk
Ingelsk
partij Demokratyske Partij
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 18391841
foargonger Sarah Yorke Jackson
opfolger Anna Harrison

Sarah Angelica Singleton waard berne yn Wedgefield, yn Súd-Karolina, as dochter fan Richard Singleton en syn wiif Rebecca Travis Coles.

Sy waard grutbrocht yn in heech maatskiplik fermidden en wie troch in houlik besibbe oan Dolley Madison, dat Angelica wist har rol as first lady in ferfine beskaafd alluere te jaan. Sy troude mei Abraham Van Buren op 27 novimber 1838, yn Wedgefield. It pear makke in grutte reis troch Europa en doe't sy yn 1839 weromkamen, naam sy de plichten fan gastfrou fan it Wite Hûs op 'e noed sa lang't har skoanheit presidint wie. Nei't Martin ferslein wie by de ferkiezing fan 1841, giene Angelica en har man nei Lindenwald, yn Kinderhook (New York). Fan 1848 oant har dea, wenne hja yn New York.

Keppeling om utens

bewurkje seksje