Nova Sembla (Russysk: Новая Земля; "Nij Lân") is in Russyske arsjipel benoarden fan de oblast Archangelsk, dêr't it bestjoerlik ek ta heart. Yn 2009 waard mear as 80.000 fan de 90.665 km² grutte arsjipel oanwiisd as part fan it nije nasjonaal park Roesskaja Arktika, dêr't ek Frâns Joazeflân en it eilân Victoria by hearre.[1]

Lokaasje Nova Sembla yn de Noardlike Iissee
Nova Semba's wichtichste testplakken en foarsjennings

De arsjipel bestiet út twa grutte eilannen; it noardlike Severny-eilân (grutste Russyske eilân nei Sachalin) en it súdlike Joezjny-eilân (mei it lytsere Mezjdoesjarski). Sy wurde skieden troch de nauwe seestrjitte Matotsjkin Sjar. De arsjipel wurdt skieden fan it súdliker lizzende eilân Vajgatsj troch de saneamde Karyske Poarte. De eilannen foarmje op harren beurt de grins tusken de Barentssee en de Karasee. It totale oerflak is sa'n 90.650 km², mear as twa kear de grutte fan Nederlân.

It gebiet is tige bergich. Geologysk besjoen is Nova Zembla in fuortsetting fan it Oeralberchtme. De bergen rikke oant in hichte fan 1070 meter. It noardlik eilân hat in protte gletsjers, it súdlik eilân is mear tûndragebiet. Men fynt der mineralen sa as koper, lead en sink.

Skiednis fan bewenning

bewurkje seksje

De eilannen hawwe in lytse befolking fan 2.716 minsken (2002), dêr't offisjeel mear as 95% fan yn it ôfsletten plak Beloesja Goeba en by de fleanbasis Rogatsjovo libbet. Beide plakken hawwe te krijen mei de kearnproeven, lykas ek Severny oan de súdeastkant fan Matotsjkin Sjar op Joezjny-eilân, dêr't it kommandosintrum fan Testterrein Matotsjkin Sjar (Sône 2) is. Op it noardereilân binne fierders twa poalstasjons.[2] Dan wenje der noch sa'n 100 nomadyske Nenetsen op de eilannen, dy't libje fan de fiskerij en jacht op pelsdieren. Yn de tiid (efkes nei 1870) fan it Russyske Ryk wiene hja nei Nova Sembla deportearre, in besykjen om de Noaren te behinderjen harren dêr te fêstigjen. Doe't eilân nukleêr testgebiet wurde moast binne de Nenetsen wer ferballe. Op Joezjny-eilân lizze fjouwer plakken dy't net mear bewenne wurde; Basjmatsjny, Krasino, Roesanovo en Pankovo. Oan de westkust leit it poalstasjon Malje Karmakoeli, it âldste reguliere waarstasjon fan Ruslân (út 1896) en it op ien nei âldste yn de wrâld.

Op Severny-eiland leit, oan de noardkant fan de Matotsjkin Sjar, it eardere kamp Lagernoje. Dêrhinne waarden de bewenners fan de hannelsplakken Beloesja, Litke en Krasino en de fiskgebieten Abrosimovo, Lilje, Pomorka, Balkovo en Kroegloje konsintrearre tusken 1955 en 1957, foardat hja nei it fêste lân deportearre waarden út reden fan de kearnproeven. Troch de kearnproeven waard Lagernoje noch foar 1962 ferneatige.[4]

 
Nederlânske ekspedysjeleden yn 1881 foar de oerbliuwsels fan t Behouden Huys'

De Russen wisten fan Nova Sembla sûnt de 11e of 12e iuw, doe't hannelers fan Novgorod it plak besochten. West-Europa ûntduts de arsjipel yn de 16e iuw doe't der socht waard nei de noardeast-trochgong nei de Stille Oseaan.

De earste bekende westerske besiker wie Hugh Willoughby yn 1553. Willem Barentsz farde yn 1596 om de noardpunt fan de eilannen en oerwintere oan de eastkust, tichteby de noardlike top. De manlju oerwinteren yn in it Behouden Huys dat hja timmere hienen fan sloophout fan harren skip. Doe binne de eilannen ek foar 't earst yn kaart brocht. Gerrit de Veer makke in detaillearre reisferslach. Hy beskreau in sinneopkomst op 24 jannewaris 1597 , twa wiken earder as't men ferwachte hie. Dit ferskynsel is earst yn 1998 ferklearre: it wie in arktyske loftspegeling , bekend as it Nova Sembla-effekt.

It eilân waard systematysk ferkend yn de iere 1830er jierren troch Pjotr Pakhtoesov en August Tsivolko. De earste permaninte delsetting waard stifte yn 1870 by Malye Karmakoeli (1896 waarstasjon), dat as haadplak fan Nova Sembla tsjinne oant 1926. Koarte tiid letter waard Beloeshja Goeba it administrative sintrum.

Kearnproeven

bewurkje seksje

Yn july 1954 waard Nova Sembla ornearre as testplak foar kearnproeven, men sette útein mei de bou yn oktober fan dat jier;[2] it is sawat de hiele perioade fan de Kâlde Oarloch troch brûkt. "Sône A", Tsjornaja Goeba, waard brûkt fan 1955–1962 en nochris fan 1972–1975. "Sône B", Matosjkin Sjar, waard brûkt foar ûndergrûnske testen fan 1964–1990. "Sône C", Sukhoj Nos, waard fan 1958–1961 brûkt en dêr is yn 1961 ek de 50 megaton Tsar Bomba ta ûntploffing brocht, yn de iepenloft.

Yn it hiele bestean fan de testterreinen binne 224 kearnladings ta eksploazje brocht, lykweardich oan 265 megaton TNT. Yn de Twadde Wrâldkriich is 'mar' in totaal fan 2 megaton, de twa atoombommen op Japan meirekkene, ta ûntploffing kaam.

Yn 1988–1989 makke glasnost dúdlik wat de militêre aktiviteiten op Nova Sembla krekt west hiene en yn 1990 demonstrearre Greenpeace op it plak fan de eardere proeven.[3] De lêste kearnproef troch de Russen yn 1990, wie ek op Nova Sembla. Sûnt 1998 hat it Ministearje foar Atoomenerzjy eltse hjerst wer nukleêre ûnderwetter eksperiminten by Nova Sembla útfiere litten.[4]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Путин учредил национальный парк "Русская Арктика"|Lenta.ru; 15 juny 2009
  2. [1] A Review of Nuclear Testing by the Soviet Union at Novaya Zemlya, 1955–1990 Vitaly I. Khalturin yn 'e mande mei Rautian, Tatyana G.; Richards, Paul G.; Leith, William S., publikaasje: Science and Global Security, 2005 siden 1–42, sjoen 2006-10-14
  3. [2] The early history of Greenpeace Russia; 2006-10-14
  4. Russia: 'Of truth and testing', Michael Jasinski mei Chuen, Cristina; Ferguson, Charles D. Bulletin of the Atomic Scientists siden 58, nûmer 5, siden 60–65,Oktober 2002 [3] ;2009-09-22