Hugh Willoughby
Sir Hugh Willoughby fan Risley, Derbyshire[1] (stoarn yn 1554) wie in Ingelsk ofsier en ûntdekkingsreizger yn it Noardpoalgebiet. Hy wie de earste West-Jeropeaan dy't besocht om de Noardeastpassaazje nei Aazje te finen.
De ekspedysje
bewurkje seksjeHy sette út ein mei trije skippen, de Bona Esparanza ûnder syn eigen kommando, de Edward Bonaventure ûnder Richard Chancellor en de Bona Confidentia. De skippen, mei in bemanning fan 111 persoanen, ferlieten Londen op 10 maaie 1553, mar yn in stoarm krek benoarden de Lofoten, begjin augustus, rekke it skip fan Chancellor de oare twa kwyt.
Willoughby fear om de Noardkaap en stiek de Barentssee oer nei Nova Sembla (wat letter bliken die). Nei in koarte ferkenning fan de kust gie er werom nei Skandinaavje om in haven te sykjen foar reperaasjes oan de skippen. Oan de útmûning fan de Arzina, ûnder Moermansk, kaam er lykwols fêst te sitten yn it iis. De skippen en bemannings wie net taret op de strange poalwinter, en nei in pear kear besykjen om help te heljen stoaren syn mannen, nei alle wierskyn troch befriezing en skuorbot, mar der binne ek oanwizings foar koalmonoksidefergiftiging. Harren liken waarden it jier dêrop fûn troch Russyske fiskers.
Richard Chancellor berikte de Wite See, liet syn skip dêr efter en reizge fierder nei Moskou en lei sadwaande de grûnslach foar in nije hannelsrûte.
Literatuer
bewurkje seksje- John Pinkerton: A General Collection of the Best and Most Interesting Voyages and Travels in All Parts of the World. Londen 1808, s. 1–15 (Digitalisearre; PDF; 60,7 MB)
- Leanora C. Gordon: The Fate of Sir Hugh Willoughby and His Companions: A New Conjecture. Yn: The Geographical Journal 152 (2), 1986, s. 243–247
- William James Mills: Exploring Polar Frontiers – A Historical Encyclopedia, Bd. 2, ABC-CLIO, 2003, s. 714–714. ISBN 1-57607-422-6
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|