Richard Chancellor
Richard Chancellor (sa. 1521 – 1556) wie in Britske seefarder en keapman, dy't de earste hannelskontakten tusken Ingelân en Ruslân lei.
Ekspedysjes
bewurkje seksjeChancellor gie yn 1553 as navigator mei op in float fan trije skippen ûnder Hugh Willoughby, dy't fan doel wie om de Noardeastlike Trochfeart nei it Fiere Easten te ûntdekken. By de Lofoten ferlear syn skip, de Edward Bonaventure, de oate twa skippen út it each. Hy gie selsstannich fierder, fear om de Noardkaap hinne en berikte de Wite See. De pleatslike fiskers wiene ferbjustere oer de grutte fan syn skipfear.
Chancellor fear de haven fan Kholmogory yn, tichtby it Archangelsk fan no, oan de mûning fan de Dvina. Dy kontreien wiene in koart skoft dêrfoar by it Russyske ryk kaam, en doe't tsaar Ivan IV (Ivan de Ferskriklike) fan Chancellors komst hearde, waard dy útnûge fierder te reizgjen nei it hof yn Moskou. Chancellor reizge mei in slide 1000 kilometer nei it suden nei Moskou troch in fan snie en iis oerdutsen lânskip. Hy fûn Moskou grut (folle grutter as Londen), mar wol tige primityf boud, de measte huzen wiene mar houten blokhutten.
Ivan woe graach hannelje mei Ingelân. Ruslân hie doetiidsk noch gjin ferbining mei de Eastsee, en de Hânze hie in monopoalje op de hannel tusken Ruslân en Sintraal- en West-Jeropa. Chancellor seach yn Ruslân in goede merk om de Ingelske wol te ferkaepjen, wylst Ruslân bûnt en in ferskaat oan oare produkten ynbringe koe. Yn 1554 gie er werom nei Ingelân, mei in brief fan de tsaar yn 'e bûse dy't dêryn Ingelske keaplju nei syn ryk nûge, en hannelsprivileezjes oankundige.
De Company of Merchant Adventurers, dy't Willoughby útstjoerd hie, neamde him om yn Moskovyske Hannelskompanjy (Moskovië-Kompanjy), en it jier dêrop (1555) waard Chancellor op 'en nij nei Ruslân stjoerd. Simmer 1555 ûnderhannele Chancellor mei de tsaar, wie warber mei it regeljen fan hannel en besocht út te finen hoe't Sina oer it noarden te berikken wie. Yn 1556 kearde er yn Ingelân werom, beselskippe fan de earste Russyske ambassadeur yn Ingelân, Ossip Gregorevitsj Nepeja. Under de Skotske kust rekke Chancellor syn skip yn in stoarm en fergie. Chancellor fersûpte, mar it slagge Nepeja en berik de kust. De Skotten gizelen him in tal moannen foardat er nei Londen trochreizge koe.
As earste hanneler fan de Kompanjy yn Ruslân waard Chancellor opfolge troch Anthony Jenkinson.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|