Moskovyske Hannelskompanjy

De Moskovyske Hannelskompanjy (Ingelsk: Muscovy Company, Russysk: Московская компания, Moskovskaija kompanija) (ek wol Russyske Kompanjy neamd) wie in Ingelske hannelskompanjy dy't 1551 oprjochte waard. It wie de earste grutte Ingelske hannelsmaatskippij mei de struktuer fan in namleaze fennoatskip, in opset dy't in foarbyld foar oare bedriuwen yn Ingelân waard, dêr't it systeem ta grutte bloei komme soe. De Muscovy Company is nau ferbûn mei nammen as Henry Hudson en William Baffin en hie in hannelsmonopoalje tusken Ingelân en Moskoovje oant 1698. It bedriuw bestie fuort oant de Russyske Revolúsje fan 1917 (sûnt is it inkeld noch aktyf as goeddiedichheidsynstelling).

 
Dea fan Sir Hugh Willoughby troch in ûnbekende keunstner

De Moskovyske Kompanjy kaam fuort út de Company of Merchant Adventurers (folsleine namme: Mystery and Company of Merchant Adventurers for the Discovery of Regions, Dominions, Islands, and Places unknown) dy't 1551 stifte waard troch Richard Chancellor, Sebastian Cabot en Hugh Willoughby, dy't in noardeastlik paad neit Sina sochten.

Harren earste ekspedysje waard laat fan Willoughby, dy't gjin seefarder wie, mar keazen waard om reden fan syn goede liederskipskwaliteiten. Chancellor gie oer de seefeartsaken fan de float fan trije skippen, de Bona Esparanza mei Willoughby, de Edward Bonaventure mei Chancellor en de Bona Confidentia. De float sette 10 maaie 1553 ôf út Londen wei. Under Lofoten kaam har lykwols in stoarm oet it mot, dêr't Chancellor syn skip troch fan de oaren ôfsûndere rekke.

It slagge Willoughby lang om let de Barentssee oer te stekken en Nova Zembla te berikken. Dêr farde er in skoft de kusten by del en gie dêrnei werom nei Skandinaavje. Oan de mûning fan de rivier Arzina net fier fan Moermansk kaam er lykwols fêst te sitten yn it iis. Willoughby en syn manlju wienen net taret op de kjeld en nei in tal kearen besykjen help te finen stoaren sy troch befriezing. It jier dêrnei waard it skip, mei de beferzen lichems, troch Russyske fiskers ûntdekt.

Chancellor hie mear gelok. Hy koe de Wite See berikke, dêr't pleatslike fiskers djip ûnder de yndruk fan syn grutte Westerske skippen wienen. Hy berikte de haven fan Severodvinsk oan de Noardlike Dvina, tichtby it hjoeddeiske Argangelsk (dat sticht wurde soe yn 1584 fanwege de oanheljende hannel). De krite hearde doe krekt by Moskoovje, en doe't tsaar Ivan IV fan Chancellors hearde, nûge er de eksoatyske gast fuortendaliks út oan it keninklik hof yn Moskou.

 
Ivan de Skriklike lit Jerome Horsey, Ingelskman oan it Moskovysk hof, syn skatten sjen

Chancellor makke de reis fan goed 1000 kilometer nei Moskou troch in fan snie en iis oerdutsen lân. Hy fûn Moskou grut (folle grutte as Londen), mar primityf boud, meidat de measte huzen fan hout wienen. It paleis fan de tsaar wie lykwols tige lúks, lykas ek it iten dat Chancellor foarset krige. De tsaar wie bliid dat er seehannelsrûtes mei Ingelân en oare lannen iepenje koe, omdat Ruslân op dat stuit noch gjin feilige ferbining mei de Eastsee hie, en der skeel oer de macht yn dy krite wie mei it Poalsk-Litouwske Mienebest en it Sweedske Ryk. Boppedat hie de Hânze in monopoalje op de hannel tusken Ruslân en Sintraal- en West-Europa. Chancellor wie ek optein oer de hannelsbetrekkingen, omdat hy der yn moaie ôfsetmerk foar de Ingelske wol yn seach, dy't ruile wurde koe foar bûnt en oar hannelsguod fan it Russysk kontinint. Op syn weromreis nei Ingelân yn 1554, hie er brieven fan de tsaar by him, mei útnûgings foar Ingelske keaplju en ûnthjit foar hannelsprivileezjes.

De Company of Merchant Adventurers doopte harsels ta Moskovyske Kompanjy en yn 1555 ferfear Chancellor op 'en nij nei Ruslân. De kompanjy waard stadichoan ek in wichtige diplomatike ferbining tusken Moskoovje en Ingelân. It ysolearre Moskoovje hie der it measte belang by. Doe't Chancellor yn 1556, fannijs yn Ingelân kaam, waard er beselskippe fan de earste Russyske ambassadeur yn Ingelân, Osip Nepeya. By de Skotske kust waard syn skip lykwols ynienen oerfallen troch in stoarm en fergie. Chancellor fersûpte, mar Nepeya koe de kust helje, mar waard dêr troch de Skotten in tal moannen fêstholden, eardat er trochreizgje koe nei Londen.