Modern heidendom
It modern heidendom of Westersk heidendom, ek wol kontemporên heidendom, hjoeddeistich heidendom of neopaganisme neamd, is in oerkoepeljende term foar alle ûnderskate tsjintwurdige godstsjinsten yn 'e Westerske wrâld dy't weromgripe (of sizze werom te gripen) op 'e prekristlike, heidenske leauwensoertsjûgings fan Jeropa, it Heine Easten en in grut part fan 'e eardere Sovjet-Uny. Dy religyen foarmje in grut ferskaat en komme inkeld yn 'e meast algemiene sin mei-inoar oerien. It modern heidendom is wol omskreaun as "in synteze fan histoaryske ynspiraasje en hjoeddeistige kreätiviteit", en de oanhingers fan 'e religyen dy't derta rekkene wurde, stypje yn ferskillende mjitte op prekristlike folkloristyske en etnografyske boarnen.
modern heidendom | ||
In groep moderne druïden risselwearret foar in seremoanje te Stonehenge, yn súdlik Ingelân. | ||
klassifikaasje | ||
teïsme | polyteïsme | |
type | heidendom | |
skiednis | ||
ûntstean | fan 19e iuw ôf | |
basearre op | oarspronklik heidendom | |
stifter | ferskate | |
leauwenden | ||
oanhing | 5,4 miljoen (2015) | |
fersprieding | Jeropa, Noard-Amearika, Austraalje en Nij-Seelân | |
bysûnderheden | ||
mytology | ferskate | |
hillige tekst | ferskate | |
hillige taal | gjint | |
hillich plak | ferskate | |
symboal | ferskate | |
subgroepen | sjoch hjirre |
Etymology
De term "heidendom" (fan Aldfrysk hēthin) wie eartiids in oantsjutting foar alle godstsjinsten dy't bûten de joadsk-kristlike kontekst foelen, soms mei útsûndering fan 'e islaam fanwegen it leauwen yn ien en deselde God. It Germaanske wurd "heiden" is ôflaat fan "heide", en hat nei alle gedachten fan oarsprong "heidebewenner" betsjut, d.w.s. immen fan 'e ûnbewurke grûn, in barbaar dus. It Latynske paganus (ferlykje pagan, dat yn it Ingelsk bestiet njonken heathen) betsjutte oarspronklik "plattelânsbewenner", in ôfspegeling fan 'e iere fersprieding fan it kristendom, dat yn 't earstoan benammen oanhing yn 'e stêden hie.
Hjoed de dei hjitte grutte religyen lykas it hindoeïsme en it boedisme yn it kristlike spraakgebrûk net mear "heidenske", mar "net-kristlike" godstsjinsten, om't de oantsjutting "heidensk" tsjintwurdich oer it algemien as denigrearjend of lytsachtsjend ûnderfûn wurdt en men (alteast yn guon fermiddens) ta de konklúzje kommen is dat alle wrâldgodstsjinsten op in beskate manear in iepenbiering fan God oerbringe. Ut in selde nij respekt komt de term "net-leauwenden" foar ateïsten fuort, dy't yn it ferline ek "heidens" neamd waarden.
Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is de term "heidendom" (of ek wol "paganisme") lykwols as in soarte fan geuzenamme oannommen troch de religieuze streamings dy't weromgripe op prekristlike eleminten yn 'e Westerske kultuer. De term "neopaganisme", dy't benammen yn 'e Ingelsktalige wrâld tige ynboargere is, wurdt troch in diel fan 'e modern heidenske leauwenden (te witten de oanhingers fan 'e rekonstruksjonistyske streamings) ôfwiisd om't it foarheaksel "neo-" ymplisearret dat it om folslein nije godststjinsten gean soe, wylst hja úthâlde dat harren leauwe in fuortsetting is fan 'e prekristlike praktiken fan harren foarâlden.
Leauwensoertsjûgings
It modern heidendom kin opdield wurde yn twa grutte groepen. De synkretistyske of eklektyske (frij ûntlienende) religyen, dy't der gjin geheim fan meitsje dat se folslein moderne kreaasjes foarmje of mar amperoan yn histoaryske godstsjinstige praktiken grûne binne, foarmje ien útein fan it spektrum. Dêrta hearre de wicca (of moderne hekserij), it neodruïdisme en it neosjamanisme. Oan 'e oare kant steane de saneamde etnyske religyen, dy't foar it oergrutte diel rekonstruksjonistysk binne; d.w.s. dat se bewust sa folle mooglik op it ferline weromgripe. Dat binne it moderne Germaanske heidendom, it moderne Keltyske heidendom, it moderne Slavyske heidendom, ensfh.
De leauwensoertsjûgings en leauwenspraktiken fan 'e ûnderskate modern heidenske streamings ferskille withoefolle faninoar, mar dochs binne der guon dingen dy't se allegear gemien hawwe. Foar in grut part binne dat dingen dy't ûntbrekke. Sa besteane der gjin hillige teksten yn dizze religyen, lykas de Bibel foar it kristendom, de Koraan foar de islaam en de Bhagavad Gita foar it hindoeïsme. Likemin hawwe se religieuze learstikken of dogma's, of in hierargysk opboude geastlikheid om sokke dogma's fan boppe-ôf oan 'e leauwenden op te lizzen. De oanhingers hâlde har mar komselden dwaande mei teology, en men is yn prisipe frij om te leauwen sa't en hoe't men mar wol. Sinding of missy, it aktyf útdragen fan it eigen leauwe, wurdt troch heidens net of frijwol net oan dien.
Frijwol alle religyen fan it modern heidendom omfetsje in foarm fan polyteïsme, it leauwen yn mear as ien god. De rekonstruksjonistyske religyen gripe dêrby yn 'e regel werom op it oarspronklike panteön fan ien beskate etnyske groep. De synkretistyske en eklektyske groepen kenne faak in beheindere foarm fan 'e goadewrâld. Sa hat it adonisme in panteön fan fiif goaden mei Adonis as fierwei de wichtichste fan it kwintet, wylst de wicca in duoteïstyske godstsjinst is, dy't de minsklike seksuële polariteit weromfynt yn 'e Trijefâldige Goadinne en de Hoarne God. Dêrby bestride dy beide archetypes inoar net, mar folje se inoar krekt oan, allyk it âlde Sineeske prinsipe fan jin en jang. Yn 'e goadinnebeweging wurdt mar ien godheid fereare (de Ierdmem), al wurdt dêrmei it bestean fan oare goaden net ûntstriden, en kin dus net sprutsen wurde fan monoteïsme. Krektoarsom, in protte moderne heidens leauwe dat polyteïsme in essinsjeel ûnderdiel fan harren religy is, wêrfan't de bredere ynfiering de Westerske maatskippij as gehiel witwat goed dwaan soe, mei't se it dominante monoteïsme as bekrompen en ynherint ûnderdrukkend beskôgje.
Fierders ynkorporearje de ûnderskate religyen fan it modern heidendom gauris foarmen fan animisme en/of panteïsme, wêrby't men it godlike yn 'e natoer weromsjocht fanút it prinsipe dat hiel it hielal mei-inoar ferbûn is. Wat it hjirneimels oangiet, leauwe de measte modern heidenske religyen yn it bestean fan in minsklike geast of siel dy't de dea fan it lichem oerlibbet. It leauwen yn reynkarnaasje komt in protte foar, mar mear yn 'e synkretistyske as de rekonstruksjonistyske godstsjinsten. Noarmen en wearden yn it modern heidendom rinne wiid útinoar, mar foar it meastepart kinne se lykslein wurde mei de saneamde Wiccan Rede, dy't hawwe wol dat men mar dwaan moat wat men wol, salang't men der nimmen kwea mei docht.
Leauwenspraktyk
In protte heidenske rituëlen binne der op talein om in feroare steat fan bewustwêzen op te roppen, en stypje dêrom swier op dingen as oanhâldend trommeljen, chanten, sjongen, dûnsjen en meditaasje. Hjeldagen binne oer it algemien bûn oan 'e tiden fan it jier, mei midsimmer, midwinter, de hjerstevening en de maitydsevening as meast foarkommende gefallen, mar fierders ek gelegenheden as siedzjen, rispjen, ensfh.
Leauwe yn magy of magyske rituëlen en tsjoenderij libbet by in oansjenlik diel fan 'e heidenske mienskip, al wurdt soks by fierder freegjen yn 'e regel sa dizenich definiëarre dat it wol fan alles betsjutte kin. Aleister Crowley, de oprjochter fan 'e thelemabeweging, omskreau it as "de wittenskip en keunst fan it soargjen dat der him in feroaring foardocht yn oerienstimming mei de wil".
Skiednis
De woartels fan it moderne heidendom lizze yn 'e Renêssânse, doe't der mei it weromgripen op 'e Klassike Aldheid ek nije ynteresse ûntstie foar de mytologyen en it polyteïsme fan 'e Alde Griken en Romeinen. Hoewol't it dêrby inkeld gie om akademyske belangstelling en der gjin sprake wie fan it nij libben ynblazen fan 'e eigentlike leauwensoertsjûgings út it ferline, die de Renêssânse syn namme ear oan as "werberte" fan 'e ûnderskate filosofyen út 'e Aldheid, mei as wichtichste it platonisme en it epikurisme. De reyntroduksje dêrfan waard wol omskreaun as in "nij heidendom" yn 'e skiednis fan 'e filosofy.
De Romantyk fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw late ta de werûntdekking fan Aldierske en Aldnoarske literatuer en poëzij. It neodruïdisme fûn syn oanbegjin sels al earder, yn 1717, doe't yn Grut-Brittanje The Druid Order oprjochte waard. Yn it Fiktoriaanske Tiidrek fan 'e njoggentjinde iuw fûn der yn Grut-Brittanje in weroplibbing fan belangstelling yn 'e Wytsingen plak, dy't yn Skandinaavje oersloech ta in nije grutskens op it romrofte ferline. Underwilens wie yn Dútslân de Völkische beweging geande. Al dy streamings dy't weromgriepen op 'e heidenske skiednis foelen gear mei in út 'e Romantyk fuortkommende ynteresse yn folkloare en okkultisme, it rûnom opdûken fan heidenske tematyk en motiven yn 'e literatuer, en ek de opkomst fan it nasjonalisme as politike streaming.
Yn it Feriene Keninkryk hie it neodruïdisme tsjin dy tiid aardich de wyn yn 'e seilen, wylst ek oare groepen har opwachting makken, lykas de Hermetic Order of the Golden Dawn en de Ordo Templi Orientis, dy't it kristlik leauwe synkretisearje woene mei eksoatyske eleminten út 'e Egyptyske kosmology en de joadske kabbala, sij it net needsaaklikerwize poer út religieuze omtinkens. Under ynfloed fan it boek The Golden Bough, fan 'e foaroansteande antropolooch sir James George Frazer wiene ferskate promininte skriuwers en keunstners by dy organisaasjes belutsen, wêrûnder William Butler Yeats, Maud Gonne, Arthur Edward Waite en Aleister Crowley.
Njonken sokke iere okkulte groepen diene har yn it Grut-Brittanje fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw noch oare maatskiplike ferskynsels foar, lykas de grutte en wiid fersprate belangstelling yn mediums (troch wa't men mei de ferstoarnen kommunisearje kinne soe), spiritisme, magy en oare boppenatuerlike dingen. In wichtige bykommende faktor wie de estetyske beweing fan 'e Romantyk, dy't de natuerlike wrâld fereare, en dêrby gauris ferwiisde nei de goaden út 'e Aldheid. De dichters, essayisten, keunstners en skriuwers dy't sokke tema's yn harren wurk oanhellen, waarden letter assosjearre mei maatskiplik foarútstribjende ideeën oer seksualiteit, feminisme, pasifisme en oare, soartgelikense saken.
Yn 'e 1920-er jierren oppenearre de antropologe Magaret Murray de teory dat der temûk troch de iuwen hinne in ûndergrûnske heksereligy bestien hawwe moast, dy't it tiidrek fan 'e hekseferfolgings oerlibbe hie. Hoewol't de hiele essinsje fan temûke ûndergrûnskheid it tige dreech makket om bewiismateriaal te finen dat dizze stelling oertsjûgjend ûntkrêftsje kin, leauwe de measte hjoeddeistige histoarisy dat Murray it by de ferkearde ein hie. Hja basearre har nammentlik foar in part op 'e oerienkomsten yn 'e ferklearrings dy't de slachtoffers fan 'e hekseferfolgings by ûnderfreging troch de autoriteiten joegen; men is no fan tinken dat dy oerienkomsten feroarsake waarden trochdat der by de ûnderfreging fan "heksen" gebrûk makke waard fan in standertfragelist dy't yn ferskate troch de Roomsk-Katolike Tsjerke produsearre hânliedings ôfprinte waard. Likegoed hiene Murray har ideeën grutte ynfloed op beskate heidenske streamings yn 'e Britske maatskippij.
Yn 'e 1940-er jierren skreau de Ingelsman Gerald Brosseau Gardner ferskate ynfloedrike boeken oer syn ûnderfinings nei't er inisjearre wêze soe yn in coven of heksekring yn it Súdingelske New Forest. In fierdere stimulâns wie de ôfskaffing fan 'e wetten tsjin hekserij yn it Feriene Keninkryk, yn 1951. Fan dy tiid ôf fersprate de wicca him troch Grut-Brittanje, en letter ek troch de Feriene Steaten, û.m. troch it krewearjen fan Alex Sanders, Sybil Leek en Doreen Valiente. It neodruïdisme sette syn opmars ek fuort, en telde û.m. de Britske minister-presidint Winston Churchill ta syn folgelingen.
Underwilens hie de njoggentjinde-iuwske Dútske mystyk him yn Dútslân en Switserlân ûntjûn ta barokke foarmen, lykas it armanisme fan Guido von List of it adonisme fan Franz Sättler. Fan 'e iere tweintichste iuw ôf ferraanden party fan dy bewegings (mar net allegear) mei antysemityske en letter nasjonaal-sosjalistyske streamings en waarden fan 'e tritiger jierren ôf grutdiels opnommen yn it nazy-okkultisme. De groepen dy't har tsjin oername troch it nasjonaal-sosjalistyske gedachteguod fersetten, lykas de Germanische Glaubens-Gemeinschaft fan Ludwig Fahrenkrog, waarden troch nazys ferbean.
Oan it begjin fan 'e santiger jierren makke it Germaanske heidendom in oplibbing troch yn sawol Grut-Brittanje, as de Feriene Steaten, as Iislân. Yn Iislân wie it de skieppeboer Sveinbjörn Beinteinsson, dy't yn 1972 de Ásatrúarfélagið ("it Genoatskip fan Dy't Trou oan 'e Goaden Binne") oprjochte. It súkses dêrfan makke dat der letter neifolging op it fêstelân fan Skandinaavje kaam. Underwilens wie it neodruïdisme yn 'e sechstiger jierren mear as foarhinne fermongen rekke mei ekologyske ideeën, wylst de wicca yn 'e santiger jierren in sterke feministyske ynfloed ûndergie, wêrút doe de goadinnebeweging fuortkaam. Yn 1979 soarge de publikaasje fan Drawing Down the Moon, fan Margot Adler, en The Spiral Dance, fan Starhawk, yn progressive fermiddens yn 'e Feriene Steaten foar in nij maatskiplik bewustwêzen fan it moderne heidendom yn it algemien en de wicca yn it bysûnder.
Yn 'e 1980-er jierren gie de wicca troch mei him yn alle rjochtings ta nije groepen en streamings te diversifiëarjen, wylst der yn Grut-Brittanje en de Feriene Steaten foar it earst yn it iepenbier grutte heidenske gearkomsten en festivals plakfûnen. Yn dyselde snuorje waard der ek foar it earst serieus wittenskiplik ûndersyk nei de rekonstruksjonistyske religyen dien. Oan 'e ein fan 'e jierren tachtich soarge de fal fan it Izerne Gerdyn en de ynstoarting fan it kommunistyske systeem en dêrmei fan it steatsateïsme yn East-Jeropa en de Sovjet-Uny foar in religieus fakuum dat de minsken dêre foar in wichtich part opfollen troch werom te gripen op harren foarâlderlike heidenske godstsjinsten. It ûntstean en de groei fan it ynternet yn 'e jierren njoggentich en nei 2000 hat fan ûnbidich grut belang west by de fersprieding fan it moderne heidendom, mei syn wiid en siid fersille oanhing en foar in grut part solitêre leauwigen.
Underskate religyen
Oanhing en fersprieding
It is dreech om oan persize sifers te kommen oer it tal oanhingers fan it moderne heidendom. Yn it foarste plak sille lang net alle heidens harren leauwensoertsjûging foar de bûtenwrâld wêze wolle, yn guon lannen fanwegen de reële kâns op diskriminaasje of sels ferfolging om har leauwe, wylst sels yn 'e frijste maatskippijen it modern heidendom noch gauris in stigma meidraacht. It desintralisearre aard fan it moderne heidendom en it grutte tal solitêre leauwigen bringt op dit mêd noch mear komplikaasjes mei. Lykwols kin men troch sifers út guon lannen te kombinearjen mei ûnderboude skattings út oare lannen dochs in slach slaan nei it totale oantal moderne heidens yn 'e wrâld. Reälistysk sjoen sil it dêrby gean om sa'n 5,4 miljoen minsken (teljier 2015).
Noard-Amearika
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2001 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje) wiene der doe 21.080 heidens yn Kanada. Dat soe delkomme op 0,1% fan 'e Kanadeeske befolking, mar yn it foarste plak is dit sifer hast fyftjin jier âld, en sil der sûnt in beskate groei plakfûn hawwe, al wie it mar fanwegen natuerlike befolkingsgroei. Dêrnjonken sil doedestiden net eltse heiden syn religy opjûn hawwe út de al neamde eangstme foar diskriminaasje en/of stigmatisearring, of gewoan út privacy-omtinkens, dus it wiere tal heidens yn Kanada leit nei alle gedachten folle heger.
It regear fan 'e Feriene Steaten freget by folkstellings net nei religieuze eftergrûn, mar by in ûndersyk út 2008, troch it Pew Forum, in privaat statistysk buro, ûnder in represintative dwerstrochsnee fan 'e Amerikaanske maatskippij, antwurde 0,4% (of 4 op 'e 1.000 minsken) dat se moderne heidens wiene. Dat sil op 'e nij earder oan 'e lege as de hege kant wêze, mar útgeande fan 0,4% soe dat yn 'e hiele Feriene Steaten om likernôch 1.254.000 minsken gean.
Oseaanje
By de Australyske folkstelling fan 2011 identifisearren 32.083 minsken har as heiden, wat delkomt op 0,2% fan 'e befolking. It Australyske Buro foar de Statistyk beflapt ûnder de term "heidendom" lykwols ek it animisme (780) en de natoerreligyen (3.599) fan 'e Aboriginals, dy't net ta it moderne heidendom rekkene wurde, sadat der neffens dizze sifers eins mar 27.704 heidens yn Austraalje binne. Op 'e nij: it wiere oantal sil nei alle gedachten heger lizze.
Neffens sifers út 2006 wiene der doe yn Nij-Seelân teminsten 6.804 heidens, wat 1,6% fan 'e befolking wêze soe, mar krekt as yn Austraalje sit der ek de natoerreligy fan 'e oarspronklike bewenners, de Maoary, by yn. Mei't der by de Nijseelânske folkstelling mar trije subgroepen oanjûn waarden (druïdisme, natoerreligy en wicca) is it net mooglik om te sizzen by hoefolle fan 'e 4.530 minsken dy't it hokje foar natoerreligy oanfinken, oft it om moderne heidens gie.
Britske Eilannen
Yn it Feriene Keninkryk waard by in ûndersyk fan 'e renommearre histoarikus Ronald Hutton, út 1999, fêststeld dat der likernôch 250.000 moderne heidens wêze moasten, wêrmei't de heidenske mienskip yn grutte de hindoemienskip belykje koe. Hjoed de dei (15 jier letter, sûnder rekken te hâlden mei de befolkingsgroei dy't sûnt plakfûn hat) soe dit delkomme op 0,4% fan 'e Britske befolking. Hutton kaam op dat sifer op grûn fan lidmaatskip fan religieuze organisaasjes, tarin by grutte eveneminten, abonneminten op heidenske tydskriften (rekkening hâldend mei oerlaping), ensfh.
Neffens de sifers fan 'e Britske folkstelling fan 2001 wiene der yn Ingelân, Skotlân en Wales mar 42.262 heidens (wat no 0,1% fan 'e befolking wêze soe), mar dêrby moat oantekene wurde dat de mooglikheid "heidendom" net werjûn wie op it formulier, en dat men dêrom de muoite nimme moast om it der sels op te setten by de opsje "oar, nammentlik: ..." It Britske Office for National Statistics joech dit sifer net út eigen beweging frij, mar pas nei't de Heidenske Federaasje fan Skotlân dêr in offisjeel fersyk ta yntsjinne hie. Mei in oanhing fan goed 42.000 kaam it heidendom yn 'e ranglist fan grutste Britske godstsjinsten foàr bekende religys as it rastafarianisme, it bahaïsme en it soaroästrisme, mar nei de "grutte seis" (kristendom, islaam, hindoeïsme, sikhisme, joadendom en boedisme). By de Britske folkstelling fan 2011 stie paganism as foarprinte mooglikheid op it folkstellingsformulier, en doe finken allinnich al yn Ingelân en Wales 80.153 minsken dat oan.
Yn Ierlân wurde by folktellings inkeld de grutte wrâldgodstsjinsten en de wichtichste kristlike denominaasjes telt; alle oare religys wurde op ien bulte smiten ûnder de namme "oar". By de Ierske folkstelling fan 2006 finken 22.497 minsken dy mooglikheid oan; foarsichtige skattings geane út fan teminsten 2.000 oant 3.000 modern heidens yn Ierlân, al soe in reälistysker sifer miskien yn 'e rjochting fan 'e 10.000 gean. Fral it neodruïdisme is tige sterk yn Ierlân.
Skandinaavje
Op grûn fan it lidmaatskip fan heidenske organisaasjes, en rekken hâldend mei it relatyf grutte tal solitêre leauwenden yn it moderne heidendom, wurdt der skatten dat der yn Denemark sa'n 900 heidens wêze moatte, yn Sweden in 3.000 en yn Noarwegen 1.000. Yn Iislân hat de Ásatrúarfélagið neffens sifers út 2014 krapoan 2.400 leden (justjes mear as 1% fan 'e befolking). Dat is ien fan 'e âldste organisaasjes fan it moderne Germaanske heidendom en de grutste net-kristlike religieuze organisaasje yn Iislân, dy't sûnt 1973 in offisjele status hat en binende houliken slute kin. It wiere tal Iislânske heidens leit lykwols heger, en der is wol rûsd dat 8% fan 'e befolking der alteast mei it Germaanske heidendom sympatisearret (wat net itselde is as dat se it ek wier-wier oanhingje, fansels).
Rest fan West-Jeropa
Foar de rest fan West-Jeropa binne inkeld skattings beskikber, mei de heechste oantallen yn Frankryk (20.000), Dútslân (16.000) en Spanje (11.000). Belgje (800) en Nederlân (1.100) hearre op dizze ranglist yn 'e ûnderste regioanen thús. Yn Grikelân hat de Heechste Rie fan it Folk fan de Hellenen, de wichtichste organisaasje fan it moderne Helleenske heidendom, likernôch 2.000 leden, mar neffens in artikel dat yn 2007 yn 'e Britske krante The Guardian ferskynde, hat dizze religy yn Grikelân 100.000 "sympatisanten".
East-Jeropa
Yn East-Jeropa is sûnt de fal fan it Izerne Gerdyn, yn 1989, yn guon kontreien frij massaal weromgrepen op 'e foarâlderlike religy. It opfallendst is op dat mêd Armeenje, dat de namme hat in kristlike naasje te wêzen, mar dêr't neffens in enkête út 2005 mar leafst 32% fan 'e befolking (oftewol sa'n 1.050.000 minsken) it heidendom oanhinget. Oare útsjitters binne de net-erkende steaten Nagorno-Karabach (31,7%), Súd-Osseesje (23,8%) en Abgaazje (9,7%), allegear yn 'e Kaukasus.
Yn 'e Russyske autonome republyk Noard-Osseesje hinget, neffens sifers út 2012, 29% fan 'e befolking it moderne heidendom oan, en ek ûnder oare etnyske minderheden yn Ruslân, lykas de Sirkassiërs, de Mary en de Oedmoerten binne in protte heidens, al moat dêrby oantekene wurde dat de lânseigen religyen fan 'e Mary en de Oedmoerten feitlik nea útrûge binne (en dus net rekonstruëarre hoegden te wurden). Mar ek ûnder de Slavyske Russen sels libbet it moderne heidendom tige, en yn totaal binne der yn 'e Russyske Federaasje nei skatting teminsten 1,9 miljoen heidens, dy't 1,4% fan 'e befolking útmeitsje.
In oar lân dêr't it moderne heidendom frijwat oanhing hat, is Estlân, dêr't neffens in ûndersyk út 2002 11% fan 'e befolking út heidens bestiet, wat delkomt op 142.000 minsken. Oare Eastjeropeeske lannen mei grutte heidenske populaasjes binne de Oekraïne (100.000 of 0,2%), Slowakije (35.000 of 0,6%) en Litouwen (15.000 of 0,5%)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |