Nagorno-Karabach (letterlik: "Heech-Karabach" of "Opper-Karabach") is in etnysk Armeenske enklave yn Azerbeidzjan. De enklave is om-ende-by 4800 kante kilometer grut, en wurdt omklamme troch Azerbeidzjan. De haadstêd is Stepanakert.

Lizzing fan Nagorno-Karabach
Kaart fan Nagorno-Karabach

De befolking bestiet foar 95% út Armenen. Fierders wenje der noch wat Russen, Griken, Koerden en Oekraïners.

Op 2 septimber 1991 ferklearre de enklave him ûnôfhinklik fan Azerbeidzjan ûnder de namme fan Republyk Artsach, mar dat wurdt ynternasjonaal net erkend. Formeel heart Nagorno Karabach ta it grûnbesit fan Azerbeidzjan, mar de fakto hâldt en draacht de enklave him as in ûnôfhinklike republyk.

Frij gau nei de ûnôfhinklikens ûntstie der kriich mei Azerbeidzjan om de enklave. Nagorno Karabach krige dêrby stipe fan Armeenje. De kriich waard ferlern troch Azerbeidzjan en sûnt dy tiid hearsket der in wapenstilstân. Under tafersjoch fan de OVSE waard jierrenlang socht nei in oplossing foar it konflikt.

Op 19 septimber 2023 fierde Azerbeidzjan in nij offinsyf út, dat binnen ien dei ta in klinkende oerwinning late. De 120.000 etnyske Armenen yn Nagorno-Karabach begûnen út eangst foar ferfolgings nei Armeenje te flechtsjen by wat in de facto etnyske suvering waard. Op 28 septimber kundige Samvel Sjahramanjan, de presidint fan 'e Republyk Artsach, oan dat Artsach per 1 jannewaris 2024 opheft wurde soe.